Sofar de twadde kears: Job is grif in grutte sûnder en krijt dêrneffens
1Doe naam de Naämyt Sofar it wurd. Dy sei:
2De holle is my oeral,
dat ik antwurdzje yn ’e hjitte hei.
3Beskamsume ferwiten moat ik oanhearre,
mar myn ferstannige geast jout my it antwurd yn.
4Watsto dêr seiste, witst dat út âlde tradysje,
sûnt der in minske op ierde set waard?
5Wier: in goddeleaze kin it net lang útsjonge,
de wille fan wa’t God ferachtet duorret mar koart.
6Al stiicht syn grutskens ek oan ’e loft ta,
en rikt er mei de holle oan ’e wolken,
7as syn eigen trochgong sil er foar ivich fergean,
dy’t him al den dei seagen, freegje har ôf: Wêr is er bedarre?
8As in dream fljocht er foarby, men fynt him net mear,
hy wurdt ferjage as in skym yn ’e nacht.
9Dy’t him oars seagen, sjogge him no net mear,
en yn syn wenplak sjocht men him grif net werom.
10Syn bern moatte stykje om ’e geunst fan ’e legerein,
mei eigen hannen moat er al syn besit ôfstean.
11Al binne syn lea sa jeuchlik dàt,
se komme likegoed yn ’e moude te lizzen.
12As it kwea him swiet yn ’e mûle smakket
en er it goed ûnder de tonge weitroppet
13– hy is der sunich op, wol it perfoarst net kwyt
en hâldt it stiif fêst tsjin it ferwulft, –
14mar as er it opyt, is it yn syn liif al feroare:
njirrefenyn hat er ynkrige.
15It goede dat er slynd hat, moat er wer útspuie;
God driuwt it him ta it liif út,
16it is njirrefergif, wat er opsûcht,
in slangetonge makket him dea.
17Al floeie molke en hunich him yn oerfloed ta,
lit him der mar net nei sjen.
18Hy moat de winst weromjaan en kin dy net opmeitsje.
Mei kwânseljen hat er wol hiel wat byinoar swile,
mar wille hat er der net fan.
19Want hy hat de lytse lju fynknypt, oan har lot oerlitten,
huzen roofd, mar hy sil der net oan bouwe.
20Hy wist ommers yn syn ynklauwerigens net fan ophâlden,
dochs rêdt hy it mei syn kostbere spullen net op.
21Neat ûntkomt oan syn roppigens,
dêrom sil syn besit net bestean.
22By al syn rykdom hat er it noch benaud,
in frachtfol ellinde komt op him ôf.
23As er deroer gear sil om him sêd te iten,
lit God syn gleone grime op him los
en lit dy op him delreine: hy kriget syn part wol.
24As er dan útnaait foar izeren striidark,
dan sjit in koperen bôge troch him hinne.
25Hy lûkt oan ’e pylk en dy giet him ta de rêch út,
glinsterjend fan ’e galle dy’t dêroan sit.
26Hy is deabenaud. Tsjusternis leit opgarre foar wat hy opgarre hat;
in fjoer dat samar opflammet, fertart him
en ferslynt it lêste yn syn tinte.
27De himel bringt syn ôfdwalings oan it ljocht
en de ierde komt tsjin him yn ferset.
28Lit mar fuorttôge wurde, wat yn syn hûs byinoar brocht wie,
fuortspield de deis fan Gods grime.
29Soks partet God in goddeleas minske ta,
dat jout Er him foar syn steil wurd.