Job 2
De satan freget noch mear
1Doe wie it de dei, dat Gods hege hof foar de Heare ferskynde. Dêr wie de satan ek wer yn har fermidden om him foar de Heare op te stellen. 2De Heare sei tsjin ’e satan: Wêr komst wei? De satan antwurde de Heare: Ik haw wat omswalke op ’e ierde, ik woe my dêr wat fertraapje. 3Doe sei de Heare tsjin ’e satan: Hast myn tsjinstfeint Job ek achtslein? Hy hat ommers op ’e ierde syn gelikens net: in man dêr’t neat op te sizzen falt, hy is oprjocht, hat ûntsach foar My en moat neat hawwe fan it ferkearde! Syn hâlden en dragen falt noch likegoed neat op te sizzen. Do hast My tsjin him ophise om gjin grisseltsje fan him oer te litten, mar om ’e nocht! 4Dêrop antwurde de satan de Heare: Lykom! Syn hûd foar myn hûd! In minske wol alles wat er hat ôfstean om it libben mar te hâlden! 5Ei, stek no jo hân ris út en reitsje him yn it fleis en yn ’e bonken en ik wik it Jo, dat er Jo yn it gesicht útsegenje sil! 6De Heare sei tsjin ’e satan: No, dêr hast him dan yn dyn macht, mar syn libben silst ôfbliuwe! 7Doe gong de satan foar it antlit fan de Heare wei en hy sloech Job mei slimme swolms oer de hiele lea. 8Dêrom naam dy in potdiggel en skrabe him dêrmei. Wilens siet er midden yn ’e jiske. 9Doe sei syn frou tsjin him: Dochst no noch dyn bêst, dat gjinien wat fan dy sizze kin? Segenje God út en stjer! 10Doe antwurde hy har: Do praatst as wiest net wiis. Soenen wy it goede al fan de Heare oannimme en it kweade net? Sa kaam der Job alles mei-inoar gjin mis wurd út ’e mûle.
Syn freonen komme opsetten
11De trije freonen fan Job, Elifaz, de Temanyt, Bildad, de Sjûchyt en Sofar, de Naämatyt, hearden fan al dat ûnheil dat oer him kommen wie. Doe gongen se alle trije fan hûs. Hja hienen mei-inoar ôfpraat om him har meilijen blike te litten en him te treasten. 12Hja wienen der noch lang net, doe seagen se him al, mar se koenen him net iens mear. Lûd gûlden se it út. Elk skuorde syn mantel stikken en smiet moude yn ’e loft dy’t har op ’e holle delkaam. 13Sa gongen se dêr doe by him oer de grûn sitten, seis dagen en seis nachten lang. Net ien spriek in wurd tsjin him, om’t hja seagen hoe grut syn fertriet wie.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap