Petear mei Nikodémus: opnij berne wurde
1Der wie ûnder de Fariseeërs ien, dy’t Nikodémus hiet, in foarman fan ’e Joaden; 2dy kaam op in nacht by Him en sei tsjin Him: Rabby, wy witte dat Jo fan God kommen binne as learaar; want net ien kin de tekens dwaan, dy’t Jo dogge, as God him net bystiet. 3Jezus joech him ta antwurd: Wiswier, wiswier, Ik sis jo, in minske moat opnij berne wurde, oars kin er it ryk fan God net sjen. 4Nikodémus sei tsjin Him: Hoe kin in minske opnij berne wurde, as er al op jierren is? Hy kin dochs net foar de twadde kear ta syn memme skurte yngean en berne wurde? 5Jezus antwurde: Wiswier, wiswier, Ik sis jo: in minske moat út wetter en Geast berne wurde, oars kin er net yn it ryk fan God komme. 6Wat út ’e minske berne is, is minsklik en wat út ’e Geast berne is, is geastlik. 7It moat jo gjin nij dwaan, dat Ik tsjin jo sis: Jimme moatte opnij berne wurde. 8De wyn waait dêr’t er hinne wol, en jo hearre syn lûd, mar jo witte net wêr’t er wei komt en wêr’t er hinne giet; sa is it ek mei elk dy’t berne is út ’e Geast. 9Nikodémus frege derop yn: Hoe kin dat no? 10Jezus joech him ta antwurd: Jo binne in learaar fan Israel en dizze dingen begripe jo net? 11Wiswier, wiswier, Ik sis jo: Wy prate oer dingen dy’t Wy witte, en Wy getuge fan dingen dy’t Wy sjoen hawwe, mar jimme nimme ús getugenis net oan. 12As Ik it mei jimme oer dingen fan ’e ierde haw, leauwe jimme My net iens; hoe sille jimme My dan leauwe, as Ik it mei jimme oer dingen fan ’e himel haw? 13Net ien is omheech gien nei de himel behalven Hy dy’t út ’e himel delkommen is, de Minskesoan.
14Lykas Mozes de slange yn ’e woestine omheechstutsen hat, sa moat de Minskesoan ek omheechstutsen wurde. 15Dêrtroch sil elk dy’t yn Him leaut, ivich libben hawwe, 16want sa wiis wie God mei de wrâld, dat Er syn Ienlingssoan jûn hat, dat elk dy’t yn Him leaut, net omkomme, mar ivich libben hawwe soe. 17God hat ommers syn Soan net nei de wrâld ta stjoerd dat Er it oardiel oer dy wrâld útsprekke soe, mar dat dy wrâld, troch Him, behâlden wurde mocht. 18Dy’t yn Him leaut, wurdt net feroardiele; dy’t net yn Him leaut, is al feroardiele, om’t er net leaud hat yn de Ienlingssoan fan God. 19Dit is ommers it oardiel al, dat it ljocht yn ’e wrâld kommen is en dat de minsken it tsjuster leaver hienen as it ljocht; want har dieden wiene ferkeard, 20want al wa’t kwea docht, hat in ôfgriis fan it ljocht en doar net yn it ljocht komme, want oars komt it út, wat er dien hat. 21Mar dy’t it goede docht, giet yn it ljocht stean; dan docht bliken, dat yn syn dieden God sels oan it wurk west hat.
Wat Johannes de Doper noch mear sei; de breugeman en syn freon
22Neitiid reizgen Jezus en syn learlingen it Judeeske lân yn; dêr hâlde Er in skoft mei harren ta en doopte guon. 23Johannes wie ek oan it dopen yn Enon deun by Salim, omdat dêr gâns wetter stie; dêr kamen de lju dan by him en lieten har dope; 24want Johannes wie doe noch net opsletten. 25De learlingen fan Johannes no krigen wurden mei in Joad oer reinigingskwesjes. 26Doe kamen se by Johannes en seinen tsjin him: Rabby, de man dy’t by jo wie, oan ’e oare kant de Jordaan, dêr’t jo in ferklearring oer ôflein hawwe, dy doopt no wrychtich sels ek al en de lju geane allegearre nei Him ta. 27Johannes joech ta antwurd: In minske kin neat berikke, as it him net út ’e himel wei jûn wurdt. 28Jimme kinne sels getuge dat ik sein haw: Ik bin de Messias net, mar ik bin foar Him út stjoerd. 29De man fan ’e breid, dat is de breugeman; de freon fan ’e breugeman, dy’t op ’e hark stiet, oft er hast komt, is tige bliid as er it lûd fan ’e breugeman heart. Dêrom bin ik no ek troch alles hinne bliid. 30Hy moat grutter wurde en ik lytser.
31Dy’t út ’e himel wei komt, is heger as alle oaren; dy’t fan ’e ierde is, heart by de ierde en hy sprekt dêr ek neffens. Dy’t út ’e himel wei komt is heger as alle oaren. 32Wat Er sjoen en heard hat, dêr getúcht er fan, mar syn getugenis wol net ien oannimme. 33Dy’t syn getugenis al oannimt, hat dêrmei besegele dat God betrouber is. 34Want Hy, dy’t troch God útstjoerd is, sprekt Gods eigen wurden; want Dy jout syn Geast net mei de krappe hân. 35De Heit hat de Soan leaf en hat Him alles yn hannen jûn. 36Dy’t yn ’e Soan leaut, hat ivich libben; dy’t net nei de Soan harkje wol, sil it libben net sjen, Gods grime bliuwt op him.