Babel giet ûnder en Juda komt werom
1It wurd tsjin Babel, tsjin it lân fan ’e Chaldeeërs, dat de Heare troch profeet Jeremia sprutsen hat.
2Sis it alle folken oan, meitsje it rûnom bekend,
sis it planút.
Babel is ynnommen, Bel stiet beskamme,
Mardûk leit yn gruzels;
Babel har ôfgoaden steane beskamme,
har smoarge bylden lizze yn gruzels.
3Want út it noarden wei is in folk tsjin har opsetten kommen,
dat fan har lân in wyldernis meitsje sil,
dêr’t gjinien mear wennet.
Minsken en bisten hawwe de wyk nommen, se binne fuort.
4Yn dyselde dagen, yn dyselde tiid
– is de godsspraak fan de Heare –
sille dy fan Israel weromkomme,
tagelyk mei dy fan Juda;
skriemendewei geane se har paad om har God, de Heare, te sykjen.
5Se freegje wer nei Sion,
se wolle dat wer út;
se komme der en jouwe har wer by de Heare
mei in ivich ferbûn, dat noait fergetten wurde sil.
6In keppel ferlerne skiep wie myn folk,
har hoeders hienen har foar wyld yn ’e bergen omrinne litten,
se swalken bergen en heuvels oer
en har stâl koenen se net mear.
7Al wa’t har fûn, koe har mar opfrette;
en dy’t har sa yn ’t near brochten, seinen:
Wy kinne it net helpe, it komt om’t se sûndige hawwe tsjin de Heare,
de Heare, dy’t har foarâlden altiten ta hoop en treast west hat.
8Meitsje dat jim út Babel weikomme,
út it lân fan ’e Chaldeeërs,
gean fuort en wurd as bokken dy’t foar de keppel út geane.
9Want it komt sa: Ik lit tsjin Babel
in bûn fan machtige folken yn aksje komme,
dy’t har út it Noarderlân wei yn slachoarder tsjin har stelle;
en fan dy kant sil Babel ynnommen wurde.
Har pylken sille wêze as betûfte striders,
dy’t noait mei lege hannen weromkomme.
10De Chaldeeërs wurde plondere
en dy’t harren plonderje, krije allegear mear as genôch
– is de godsspraak fan de Heare.
11Jim dy’t myn erfdiel útrûpele hawwe,
meitsje jim no mar bliid en jubelje,
tjirgje jim mar as in keal yn ’e greide,
wrinzgje mar as hynsten!
12Mar jimme mem wurdt te skande set;
hja dy’t jim te wrâld brocht hat,
sille de kleuren op en ôf gean.
Sjoch, dat bliuwt der no fan de heidenfolken oer:
in woestenij, toar en ferlitten;
13troch de grime fan de Heare wennet der gjin mins mear,
it wurdt in ferlittene oarde en oars neat.
Elk dy’t by Babel lâns komt, sil derfan grize
en him besauwe oer de slaggen dy’t har tabrocht binne.
14Stel jim oan alle kanten tsjin Babel op,
jim allegearre dy’t de bôge spanne kinne;
sjit op har, sparje de pylken net,
want hja hat sûndige tsjin de Heare.
15Set oan alle kanten de kriichsrop tsjin har yn.
Dêr stekt se de hannen al yn ’e hichte,
har bolwurken lizze plat,
har muorren binne delhelle:
sa nimt de Heare wraak.
Wreek jim op har,
doch mei har, sa’t sij mei oaren dien hat.
16Roegje yn Babel al wa’t sieddet, út
en elkenien dy’t yn ’e risptiid mei de sichte omgiet.
Lit foar it ferskriklike swurd
elkenien wer nei syn eigen folk gean
en ûntwyk sykje yn eigen lân.
17Israel is in opjage skiep dêr’t liuwen achteroan sitte:
earst kaam de kening fan Assyrië om it te ferskuorren,
en as lêste kening Nebûkadnessar fan Babel om de bonken ôf te gnauwen.
18Dêrom hat de Heare Almachtich,
de God fan Israel, dit te sizzen:
Hjir bin Ik om mei de kening fan Babel en syn lân ôf te rekkenjen,
krekt sa’t Ik it mei de kening fan Assyrië dien haw.
19Ik sil Israel wer yn syn weide bringe
en hy sil weidzje op ’e Karmel en yn Bazan;
yn it berchlân fan Efraïm en yn Gileäd
sil er him sêd ite kinne.
20Yn dy dagen en yn dy tiid – is de godsspraak fan de Heare –
sille se alles ôfsykje om Israel syn ûngerjochtichheid te finen,
mar dy is fuort;
en om de sûnden fan Juda,
mar dy binne ek net te finen;
want har dy’t Ik oerbliuwe litten haw, ferjou Ik har skuld.
21Op it lân Meretaïm ôf, fal it oan!
En ek de lju fan Pekod!
Bring harren om hals en lis har ûnder de ban
– is de godsspraak fan de Heare –
en doch alles wat Ik dy opdroegen haw.
22Hark, it oarlochsgeweld giet it lân oer,
alles giet deroan.
23Sjoch, hoe’t de hammer fan ’e hiele wrâld
no brutsen is en yn stikken slein!
Hoe’t Babel sa wurden is,
dat de folken derfan grize!
24Do hiest dysels in strûp set, Babel,
en dêr bist yn rekke;
eardatst it sels wiste,
siest fêst en wiest fongen,
want do hiest de Heare útdage.
25De Heare hat syn wapenkeamer iependien
en it ark fan syn grime derút helle,
want dat is wurk dat de Heare God Almachtich
yn it lân fan ’e Chaldeeërs docht.
26Gean der fan alle kanten op ta,
set har nôtskuorren iepen,
loegje harren as nôtskeaven op,
lis har ûnder de ban, dat der neat fan oerbliuwt!
27Bring al har interbollen om hals,
stjoer harren nei de slachtbank ta.
Wee harren, want har tiid is kommen,
de dei fan ’e ôfrekken.
28Hark, dy’t út Babyloanië flechte
en ûntkommen binne,
sizze op Sion de wraak fan de Heare oan,
de wraak om syn timpel.
29Rop skutters tsjin Babel op,
allegear dy’t de bôge spanne kinne,
legerje jim om de hiele stêd hinne,
dat der foar har gjin útwei mear is.
Jou har lean nei wurken,
doch mei har, sa’t se sels dien hat,
want se hat it tsjin de Heare yn ’e kant set,
tsjin de Hillige fan Israel.
30Dêrom sille har jongfeinten op har pleinen falle
en komme al har striidbere mannen
dy deis dea tsjin ’e grûn te lizzen,
– is de godsspraak fan de Heare.
31Ja, Ik sil dy oanpakke, do grutske stêd,
– is de godsspraak fan de Heare God Almachtich –
want dyn tiid is kommen,
de dei dat Ik mei dy ôfrekkenje.
32Dy’t sa grutsk wie, komt no te stroffeljen en falt;
en der is gjinien dy’t har oerein helpt.
Ik set har stêden yn ’e brân,
in fjoer dat alles deromhinne fertarre sil.
33Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Dy fan Israel en fan Juda sitte mei-inoar yn it near:
dy’t har gefangen meinommen hienen, hâlde harren fêst
en wolle har net loslitte.
34Mar se hawwe in machtige Ferlosser,
Heare Almachtich is syn namme.
Hysels sil it foar harren opnimme
troch de wrâld yn ûnrêst te bringen
en it folk fan Babel yn ûnstjoer.
35It swurd oer de Chaldeeërs – is de godsspraak fan de Heare –
en oer it folk fan Babel,
oer har hege lju en oer har wize mannen.
36It swurd oer har wiersizzers, set har foar spot,
it swurd oer har striidbere mannen,
lit har ferslein stean.
37It swurd oer har hynders en weinen,
it swurd oer al it griemmank dat dêr húsmannet,
lit se bang as froulju wurde.
It swurd oer har skatkeamers,
plonderje se leech;
38it swurd oer har wetterlopen, lit se útdroegje,
want it is in lân fan ôfgodsbylden,
dêr’t se grut geane op har smoarge ôfgoaden.
39Dêrom sille der boskkatten en jakhalzen húzje,
strúsfûgels sille dêr har honk hawwe,
noait sil der mear in minske wenje,
de tiden oer sil it ûnbewenne wêze.
40Sa’t God Sodom en Gomorra en har buorstêden ûndersteboppe keard hat,
– is de godsspraak fan de Heare –
sa sil dêr gjin mins mear wenje,
gjin minskebern mear tahâlde.
41Sjoch, der komt in folk út it noarden wei, in grutte naasje;
machtige keningen komme opsetten fan ’e úteinen fan ’e wrâld.
42Bôge en spear binne har wapens,
se binne wreed en kenne gjin meilijen;
as se der op har hynders hinne brûze,
is it in lûd as it bolderjen fan ’e see;
man foar man binne se útrist foar de striid tsjin dij, dochter Babel.
43De kening fan Babel hat it nijs oer har kommen heard,
de hannen falle him slop by ’t liif del,
de skrik slacht him om it hert,
in pine as fan in frou dy’t in bern krijt.
44Sjoch, sa’t in liuw út it strewelleguod by de Jordaan him opjout
nei de altyd griene greiden,
sa sil Ik harren der ynienen útjeie
en de geefsten fan har rammen derút helje.
Want wa kin My belykje en wa soe My foar ’t rjocht daagje?
Wat hoeder kin it tsjin My hâlde?
45Dêrom, harkje wat de Heare mei Babel fan doel is,
wat plannen Hy tsjin it lân fan ’e Chaldeeërs makke hat.
Wier, de lytsten fan ’e keppel sille fuortsleept wurde,
ja, it lân dêr’t se weiden, sil der kjel fan wurde.
46By de rop: Babel is ynnommen! Sil de ierde skodzje
en der sil jammere wurde, dat alle folken it hearre.