Oer Ammon
1Foar de Ammoniten. Dit hat de Heare te sizzen:
Hie Israel dan sels gjin soannen,
hied er soms gjin erfgenamt?
Wêrom hat Milkom dan it lân fan Gad yn erfbesit krige?
Wêrom wennet syn folk dan yn ’e stêden fan Gad?
2Tink derom, der komt in tiid
– is de godsspraak fan de Heare –
dat Ik meitsje, dat Rabbat Ammon de kriichsrop te hearren krijt;
it sil in ferlittene púnheap wurde
en de plakken dy’t derby hearre,
wurde platbrând.
Dan sil Israel harren ûntervje,
dy’t him earst ûnturven hienen.
3Gûl Chesbon, want de haadstêd is ferrinnewearre,
jammerje it út, froulju fan Rabba,
doch sekkeguod om en hâld de deadeklacht,
doarmje om mei tekurven hûd,
want Milkom giet de ballingskip yn;
syn prysters en hege lju, allegear moatte se mei.
4Wêrom sa grutsk te wêzen op dyn dellings,
ôffallich folk?
Do fertroust op dyn foarrieden en seist:
‘Wa kin my wat dwaan?’
5Rekkenje der mar op, dat Ik dy de deaskrik op it liif jeie sil
– is de godsspraak fan de Heare God Almachtich –
ja, fan alle kanten.
Jim sille allegearre fuortjage wurde,
elk in eigen kant út,
en gjinien dy’t de swalkers wer byinoar bringt.
6Mar neitiid sil Ik in omkear bringe yn it lot fan Ammons folk – is de godsspraak fan de Heare.
Oer Edom, Edoms ûndergong stiet fêst
7Foar Edom. Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Is der gjin wysheid mear yn Teman?
Binne dy tûke tinkers har rie te’n ein?
Is har wysheid ferskimmele?
8Meitsje dat jim fuort komme in oare kant op,
krûp wei, folk fan Dedan,
want Ik doch Ezau de ûndergong oan,
as Ik aanst mei him ôfrekkenje.
9As druvesikers by dy ynkringe,
litte dy grif wat sitte foar it neiplôkjen;
as dieven op in nacht by dy ynkringe,
helje dy de boel oeral, oant se genôch hawwe.
10Mar Ik, Ik klaai Ezau skjin út,
Ik ûntdek syn skûlplakken,
dat er nearne mear ferside krûpe kin.
Syn neiteam wurdt útroege, syn sibben ek;
buorlju hat er net mear, dy’t sizze:
11Ik sil dyn wezen yn libben litte,
dyn widdowen kinne by my stipe fine.
12Want dit hat de Heare te sizzen: Sels dy’t it net fertsjinne hienen, hawwe de beker leechdrinke moatten. En soe Ik dij dan mar gewurde litte? Yn gjin gefal! Do silst de beker skjin leech drinke. 13Want Ik haw sward by Mysels – is de godsspraak fan de Heare – dat de lju grize sille fan Bosra, it te spot sette, der skande fan sprekke en it ferflokke; en de oare stêden wurde púnfallen foar altyd.
Edoms ûndergong komt
14Ik haw tynge fan de Heare krige,
in boade is ûnder de folken útstjoerd:
Yn ’e rige en op Edom ôf,
oerein om der tsjin te fjochtsjen.
15Want sjoch, Ik meitsje dy lytsman ûnder de folken,
do rekkest by elkenien yn ’e ferachting.
16De skrik dyst der by oaren ynbrocht hiest,
en dyn eigen grutskens hienen it dy sa moai foarspegele.
Ja, do wennest yn ’e rotskleauwen,
do fynst dyn hâld heech yn ’e bergen.
Mar al nestelest sa heech as de gier,
Ik sil dy dêrwei nei ûnderen smite
– is de godsspraak fan de Heare.
17Edom sil in oarde fan ferskrikking wurde;
elk dy’t der lâns komt, sil derfan grize
en him besauwe oer de slaggen dy’t Edom krige hat.
18It sil wêze, as doe’t Sodom en Gomorra
en har buorstêden ûnderste boppe keard waarden, seit de Heare:
Gjin mins dy’t der mear wennet,
gjin minskebern dat der tahâld fynt.
19Sjoch, sa’t in liuw him út it strewelleguod oan ’e Jordaan
opjout nei de altyd griene greiden,
sa sil Ik harren der ynienen útjeie
en de geefsten fan har rammen derút helje.
Want wa kin My belykje en wa soe My foar ’t rjocht daagje?
Wat hoeder kin it tsjin My hâlde?
20Dêrom harkje nei wat de Heare mei Edom fan doel is,
wat plannen Hy tsjin de lju fan Teman makke hat.
Ja wier, de lytsten fan ’e keppel sille fuortsleept wurde,
ja, it lân dêr’t se weiden, krijt in ôfgriis fan harren.
21By it lûd fan har fal skoddet de grûn,
en it gejammer sil oan ’e Reidsee heard wurde.
22Sjoch, as in gier fljocht er omheech en sjit er del
en slacht er de wjukken oer Bosra hinne;
dy deis wurdt it hert fan ’e mannen fan Bosra
as dat fan in frou yn ’e weeën.
Profesij oer Damaskus
23Foar Damaskus.
Arpad en Hamat binne ferbjustere,
want se hawwe in raar boadskip krige;
de eangst giet harren op en ôf
as de see dy’t noait ta rêst komt.
24Damaskus hat de moed ferlern en slacht op ’e flecht,
de skrik is har oermânsk wurden,
de weeën besette har
as by in frou dy’t in bern krijt.
25Ferlitten leit se dêr, de romrofte stêd,
it wenplak fan myn wille!
26Dêr falle de jongfeinten sa mar op ’e strjitte del
en alle striidbere mannen lizze dy deis dea op ’e grûn
– is de godsspraak fan de Heare;
27en Ik stek fjoer oan binnen de muorren fan Damaskus,
dat de stinzen fan Benhadad fertarre sil.
Profesij oer de Arabyske stammen
28Foar Kedar en de keninkriken fan Chasor, dy’t troch kening Nebûkadnessar fan Babel ferslein binne. Dit hat de Heare te sizzen:
Kom, fal Kedar oan,
ferdylgje de stammen yn it easten.
29Se moatte har de tinten en it lytsfee ôfnimme,
de tintkleden en al it húsrie;
se moatte har kamielen meinimme
en harren taroppe: Rûnom gefaar!
30Ut ’e wei, meitsje gau dat jim fuortkomme, krûp wei,
folk fan Chasor – is de godsspraak fan de Heare –
want kening Nebûkadnessar fan Babel hat syn plan opmakke
en is wat tsjin jim fan doel.
31Kom, fal it soargeleaze folk oan,
dat him sa feilich fielt – is de godsspraak fan de Heare;
dat gjin poarten ôfskoattelet,
dat op himsels wennet.
32Har kamielen wurde roofguod,
har grutte keppels fee geane as bút mei;
de lju dy’t har de sliepen keal skeare,
sil Ik nei alle wynstreken fersilje;
fan alle kanten lit Ik it ûngelok op har ôfkomme.
33En Chasor sil in honk foar jakhalzen wurde,
in wyldernis foar altyd;
gjin mins dy’t der mear wennet,
gjin minskebern dat der langer tahâldt.
Profesij oer Elam
34It wurd fan de Heare oer Elam dat profeet Jeremia krige yn it begjin fan it regear fan kening Sedekía fan Juda. 35Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Tink derom, Ik brek de bôge fan Elam yn stikken,
it wapen by útstek dêr’t syn krêft yn leit.
36En Ik lit op Elam de fjouwer winen ôfkomme
út ’e fjouwer hoeken fan ’e himel
en Ik fersilje har nei alle fjouwer wynstreken.
Nee, der sil gjin folk wêze,
by wa’t gjin ferdreaunen út Elam kommen binne.
37Ik sil Elam trilje litte foar syn fijannen,
dy’t har nei it libben steane.
Ik sil ûnheil oer har bringe,
myn gleone grime – is de godsspraak fan de Heare.
Ik sil it swurd achter harren oan stjoere,
oant se allegear ferdylge binne.
38Ik sil myn troan yn Elam sette,
en de kening en syn hege lju út ’e wei reagje
– is de godsspraak fan de Heare.
39Mar der komt in tiid,
dat Ik in omkear bring yn Elams lot
– is de godsspraak fan de Heare.