Kin de Heare ferjaan?
1Swalkje de strjitten fan Jeruzalem troch,
sjoch sels en nim alles op,
sykje har pleinen ôf,
oft jimme ien fine kinne,
ek mar ien dy’t docht wat rjocht is,
dy’t him derop útleit om earlik te wêzen,
dan sil Ik de stêd ferjaan.
2Mar al sizze se ek: Sa wier as de Heare libbet,
har eed is likegoed falsk.
3Heare, jo eagen wolle ommers earlikheid sjen?
Jo hawwe harren slein, mar se binne der net oars fan wurden;
Jo hawwe har goed rekke, mar se woenen net oannimme.
Se hawwe de holle hurder makke as in balstien,
se woenen har net bekeare.
4Ik sei by mysels: It binne inkeld de lytse lju,
dy witte net better.
Se kenne ommers de wei fan de Heare,
it rjocht fan har God net?
5Ik sykje no de grutte lju op,
en praat ris mei harren,
want dy hawwe de wei fan de Heare,
it rjocht fan har God wòl kennen.
Mar dy hienen likegoed it jok ferbrutsen,
de bannen stikken skuord.
6Dêrom sil de liuw út it wâld komme
en har delslaan,
de wolf út ’e steppen har gripe,
de panter strúnt om har stêden hinne
en ferskuort, wa’t derút komt.
Want se geane iderkearen wer tsjin My yn,
har ôffallichheid is de ein fan wei.
Wêrom soe Ik dy ferjaan?
7Hoe soe Ik dy soks ferjaan kinne?
Dyn soannen hawwe My ferlitten
en swarre by goaden dat gjin goaden binne.
Ik joech har fan alles genôch en dochs huorkje se mar ta,
en lizze thús yn huorrekasten.
8As weelderige hynsten rinne se om
en wrinzgje achter buormans wiif oan.
9Soe Ik soks net op har ferhelje?
– is de godsspraak fan de Heare.
Soe Ik gjin wraak nimme op sa’n naasje?
10Gean har wynikkers bylâns en ferrinnewearje dy,
ferniel dy hielendal;
skuor de jonge ranken derôf,
it binne de Heare sines ommers net!
11Want se hawwe My slim ûntrou west,
it folk fan Israel likegoed as it folk fan Juda – is de godsspraak fan de Heare.
12Se hawwe de Heare leechlein mei har sizzen: ‘Hy docht ús neat!
Der komt ús neat fan oer,
oarloch of hongersneed sille wy net belibje.
13En dy profeten, winich praat en oars neat!
It godlik wurd is by har net te finen.
Lit it op harsels delkomme!’
It oardiel foar de spotters
14Dêrom hat de Heare, God Almachtich, dit te sizzen:
Om ’t se sok praat útslein hawwe,
meitsje Ik myn wurden yn dyn mûle ta in fjoer
en fan dit folk branhout dat troch dat fjoer fertard wurdt.
15Sjoch, Ik lit fan fierrens in folk op jim ôfkomme,
folk fan Israel – is de godsspraak fan de Heare –
in oersterk folk is it, in folk dat al wit-hoe-lang bestiet,
in folk dêrsto de taal net fan kenste
en datst net ferstean kinst.
16Har koker is as in iepen grêf
en earste fjochters binne it allegearre.
17Se fersline dyn risping en dyn brea,
dyn soannen en dyn dochters,
dyn skiep en dyn kij,
dyn wyngerd en dyn figebeam;
en de fersterke stêden dêrsto op fertroust,
slagge se mei har swurd yn grúzleminten.
18Lykwols ek yn dy dagen – is de godsspraak fan de Heare –
sil Ik der mei jimme noch net in ein oan meitsje.
Nei de ramp
19En as se dan freegje: Wêrom hat de Heare, ús God, ús al dy dingen oandien? dan sil dyn antwurd wêze: Krekt sa’t jimme My ferlitten hawwe en oare goaden tsjinne yn jim eigen lân, sa sille jimme frjemden tsjinje moatte yn in lân dat jimmes net is.
20Sis dit it folk fan Jakob oan,
meitsje it yn Juda bekend:
21Harkje dan dochs, dwaas en ûnferstannich folk,
lju dy’t eagen hawwe, mar neat sjogge,
dy’t earen hawwe, mar neat hearre.
22Hawwe jim dan gjin ûntsach foar My – is de godsspraak fan de Heare –
en trilje jimme net foar My?
Ik bin it ommers dy’t fan sân in grins makke haw om de see te kearen,
in ivige ôffreding, dêr’t er net oerhinne kin.
Hoe’t de weagen ek wâlje, se kinne neat begjinne;
hoe’t se ek bolderje, se komme der net oerhinne.
23Mar dit folk hat in dwers en opstannich hert,
se binne dwers ôfslein en eigen wegen gien.
24Se hawwe net by harsels sein:
‘Lit ús dochs ûntsach hawwe foar de Heare, ús God,
dy’t reinwetter jout as de tiid it seit,
de iere en ek de lette rein;
dy’t soarget, dat wy op ’e fêste tiid de risping ynhelje kinne.’
25Jimme ûngerjochtichheden hawwe de gong fan saken fersteurd,
en jimme sûnden hawwe jimme dy goede dingen ûntkeard.
26Want der sitte ferkearden ûnder myn folk,
dy lizze op ’e loer, yninoardûkt as in fûgelfanger,
se sette netten út om minsken te fangen.
27As in kouwe fol fûgels,
sa fol binne har huzen mei roof;
dêr binne se grut en ryk fan wurden,
28fet en glânzich binne se.
Har misdiedich wurd stiet foar neat;
rjocht bekroadzje se har net om,
it rjocht fan ’e wees stekke se gjin hân foar út,
en de saak fan ’e earme bepleitsje se net.
29Soe Ik soks net op harren ferhelje?
– is de godsspraak fan de Heare.
Soe Ik gjin wraak nimme op sa’n naasje?
30In ferskriklik, in ôfgryslik stik spilet him yn dit lân ôf:
31De profeten sprekke falske profesijen út,
de prysters dogge mar op eigen manneboet,
en dat is myn folk skoan nei ’t sin!
Mar wat moatte jim begjinne, as it op in ein rûn is?