Jeruzalem sil belegere wurde
1Sykje ûntwyk, folk fan Benjamin,
út Jeruzalem wei!
Blaas de hoarn te Tekóa
en jou in synjaal oan Bet-ha-Kêrem,
want der wankt ûnheil út it noarden,
in ferskriklike delbraak.
2Dochter Sion mei al har leaflikens en leidigens
meitsje Ik in ein oan.
3Der komme hoeders op har ôfsetten
mei har keppels by harren;
om har hinne slagge se oeral tinten op,
elk weidet syn eigen stik ôf.
4‘Rop de oarloch tsjin har út.
Oerein, lit ús der fan ’e middei noch op ôf gean!’
‘Spitich, dat de dei al yn ’t neigean is,
de skaden wurde langer!’
5‘Hawar, lit ús der dan fannacht op ôf gean,
en har stinzen ferwoeste!’
6Want dit hat de Heare Almachtich sein:
Kapje beammen om en smyt in wâl op tsjin Jeruzalem.
Dizze stêd is ryp foar it oardiel;
de lju strûpe, oars dogge se dêr net.
7Lykas in wel syn wetter opbuorlje lit,
sa lit dizze stêd har kwea opbuorlje.
Mishanneling en geweld, oars heart men dêr net,
moardzjen en tamtearjen sjoch ik sûnder ein.
8Nim de warskôging oan, Jeruzalem,
oars soe Ik My fan dy losskuorre moatte
en dy as in woestenij achterlitte,
as in lân dêr’t gjin mins mear wennet.
Lêste warskôging
9Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Sjoch wat der fan Israel oer is,
nochris goed nei,
lykas by de neipluk fan in wynstôk;
lit de hân krekt as in wynhofker sines nochris oer de ranken gean.
10Wa kin ik oansprekke?
Wa kin ik beswarre om te harkjen?
Har earen sitte sa ticht,
dat se kinne net harkje;
ja, it wurd fan de Heare is harren in ôfgriis,
se moatte der neat fan hawwe.
11En dochs, de grime fan de Heare beset my hielendal,
dy kin ik net mear ynhâlde;
dy moat útgetten wurde oer de bern op ’e strjitte,
oer de keppels jongfolk byinoar.
Troude pearen wurde likegoed oppakt,
âlde lju en guon op hege jierren wurde ek net ûntsjoen.
12Har huzen sille oan oaren komme,
har stikken lân en har froulju ek,
want Ik til myn hân op
tsjin it folk fan dit lân – is de godsspraak fan de Heare.
13Want allegearre, heech en leech,
binne se derop út har slach te slaan;
profeten en prysters,
dogeneaten binne it allegearre.
14Se dokterje mei it seare stee fan myn folk om,
mar sa behindich mooglik
en sizze: Wat stilder, wat better!
Better? It wurdt net better.
15En skamje se har foar sok skandelik dwaan?
Wel nee, yn it minst net!
Read wurde fan skamte witte se net mear fan.
Dêrom sille se falle, as de grutte slach falt;
de deis dat Ik mei har ôfrekkenje,
komme se raar te pal, seit de Heare.
De skuld fan itfolk
16Dit hat de Heare te sizzen:
Bliuw op ’e fjouwersprongen stean,
sjoch út nei de âlde paden en freegje
wat de goede wei is, en gean dy!
Dan sille jimme rêst fine foar jimsels.
Mar se seinen: Dat wolle wy net.
17Ik haw wachters oer jim steld en dy sizze:
‘Harkje nei it hoarnsynjaal!’
Mar se seinen: Dat dogge wy net!
18Dêrom heidenfolken, harkje goed,
ja, nim it allegearre goed yn jim op.
19Harkje, ierde! Sjoch, Ik bring it ûnheil oer dit folk,
dat se sels ynhelle hawwe mei har útfynsels;
myn wurden wienen har gjin omtinken wurdich
en myn wetsûnderrjocht woenen se neat fan witte.
20Wat jout it, dat der wijreek foar My út Skeba helle wurdt
en kostlike kalmus út fiere lannen?
Jimme brânoffers steane My net oan
en jimme fleisoffers mei Ik net lije.
21Dêrom seit de Heare:
Sjoch, Ik lis dit folk stiennen yn ’e wei,
dêr’t se har oan stjitte en oer stroffelje sille;
heiten en soannen mei-inoar,
buorlju en freonen, se geane der allegear oan.
De fijân út it noarden
22Dêrom seit de Heare:
Sjoch, der komt in folk út it Noarderlân,
ja, in grutte naasje komt opsetten
fan ’e úteinen fan ’e wrâld.
23Bôge en spear binne har wapens;
it is in wreed folk, sûnder meilijen.
As se der op har hynders hinne strûze,
is it in lûd as it bolderjen fan ’e see.
Man foar man binne se útrist foar de striid
tsjin dij, dochter Sion.
24Doe’t wy dat nijs te hearren krigen,
binne de hannen ús slop by ’t liif delfallen
en sloech ús de skrik om ’t hert,
in pine as fan in frou dy’t in bern krijt.
25Set it fjild net yn,
gean net op ’en paad,
want dêr is it swurd fan ’e fijân,
dat oeral de skrik der ynjaget!
26O myn earm folk, doch rouklean oan,
rôlje dy yn ’e jiske,
klei as foar in iennichst bern
yn bittere rouklacht;
want de ferwoester sil ús oer ’t mad komme.
Hifke en fuortsmiten
27As in karmaster haw Ik dij ûnder myn folk set,
as ien dy’t har dwaan en litten neigiet en hifket.
28Allegear binne se troch-ende-troch ôffallich,
omsutelers fan lasterpraat;
se binne koper en izer,
dogeneaten allegearre.
29De pûster giet ferheftich,
mar hoe’t it fjoer flammet, it bliuwt lead;
de smelter syn wurk is om ’e nocht,
it minne alloai lit him net útsuverje.
30Neam har mar ôfkeurd sulver,
want de Heare hat harren as ôfkeurd guod fuortsmiten.