Oer de Filistinen
1It wurd fan de Heare oer de Filistinen, dat profeet Jeremia krige, ear’t Farao Gaza ynnaam. 2Dit hat de Heare te sizzen:
Sjoch, út it noarden wei komt de floed opsetten,
it wurdt in stream dy’t oerbrûst
en dy’t it lân derûnder set mei al wat derop is,
de stêd mei al it folk.
De minsken roppe om help;
se raze it út, allegear dy’t yn it lân wenje,
3as se de kletterjende hoefslach fan syn hynsten hearre,
it ratteljen fan syn weinen en it bolderjen fan ’e tsjillen.
Heiten sjogge net mear nei har bern om,
de hannen hingje har slop by it liif del;
4want no is de dei kommen,
dat alle Filistinen dêroan geane,
dat ek de lêst oerbleaune helper fan Tyrus en Sidon delslein wurdt.
Want de Heare is no dwaande mei de Filistinen te ferdylgjen,
it lêste oerskot fan it eilân Kaftor.
5Gaza skeart himsels keal
en Asjkelon is mei stommens slein,
it lêste oerskot fan ’e Enakiten.
Wat silst dysels noch lang kervje moatte fan leed en roppe:
6O swurd dat de Heare op ús ôfstjoert,
komst dan noait ta rêst?
Jou dy wer del yn ’e skie,
hâld op, bedimje dij!
7Mar hoe soesto ta rêst komme kinne,
no’t de Heare sels dy oproppen hat
tsjin Asjkelon en tsjin de seekant,
dêr hat Er it ommers op fersjoen?