Profesijen tsjin Moäb
1Foar Moäb. Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen:
Wee Nebo! It is fernield;
te skande set en ynnommen is Kirjataïm,
te skande set en delreage is Misgab.
2It is út mei Moäb syn gloarje;
te Chesbon binne plannen útbret foar syn ûndergong:
Kom en meitsje in ein oan syn folksbestean!
Ja, Madmen, do wurdst likegoed stomslein,
it swurd sit deun achter dy oan.
3Hark, Choronaïm ropt om help:
‘Se ferniele ús, alles giet deroan!’
4Moäb leit tsjin ’e flakte,
dat roppen komt oan Soär ta oer.
5Ja, skriemend geane se by Lûchit tsjin ’e hichte op
en as se der by Choronaïm by delgeane,
heart men har noch roppen, dat alles deroan giet.
6Meitsje jim út ’e fuotten, rêd jim libben
en wurd as in keale strûk yn ’e woestyn.
7Omdatsto fertroud hast op dyn festingwurken en dyn foarrieden,
silsto ek ynnommen wurde,
en sil Kemosj de ballingskip yngean;
syn prysters en syn hege lju, allegear moatte se mei
8en de fernieler slacht gjin inkelde stêd oer;
gjin stêd dy’t it derôf rêdt.
De delling wurdt fernield
en de heechflakte ferrinnewearre,
sa’t de Heare sein hat.
9Jou Moäb in grêfstien,
want it wurdt alhiel ferrinnewearre:
syn stêden wurde woestenijen,
dêr’t gjin mins mear wennet.
10Ferflokt wa’t sleau is yn it wurk foar de Heare,
ferflokt wa’t syn swurd ynhâldt om gjin bloed te ferjitten.
11Al fan jongsôf oan hat Moäb him rêstich deljûn,
lei er stil op syn grûnsop
as wyn dy’t noait fan it iene fet yn it oare oergetten wurdt.
Hy hat noait yn ballingskip west,
sadwaande is de smaak deroan bleaun
en de rook der net ôfrekke.
12Mar tink derom, der komt in tiid
– is de godsspraak fan de Heare –
dat Ik tapers op him ôfstjoer, dy’t him ôftaapje sille,
dy’t syn fetten leech jitte
en syn krûken stikken slagge.
13En Moäb sil mei Kemosj like raar te pal komme
as it folk fan Israel mei Bet-El te pal kommen is,
dat Bet-El, dêr’t se sa op fertrouden.
14Hoe kinne jim sizze: Wy binne keardels,
mannen, dy’t de striid oan kinne?
15De fernieler fan Moäb en syn stêden komt opsetten,
de bêsten fan ’e jongerein wurde aanst ôfslachte
– is de godsspraak fan de Kening,
waans namme is Heare Almachtich.
16Moäbs ûndergong is nei-oan,
syn ûnheil komt mei faasje op him ta.
17Beklei him, jim allegearre, syn buorlju,
dy’t him by namme en tanamme kenne;
sis: Och, is er brutsen, dy machtige skepter fan him,
dy prachtige hearskersstêf?
18Kom fan dyn eareplak ôf en gean yn ’e smoargens sitten,
dochter Dibon, dy’t dêr sa skoan wennet;
de fernieler fan Moäb komt tsjin dy opsetten
en smyt dyn festingwurken tsjin ’e grûn.
19Gean oan ’e kant fan ’e wei stean
en sjoch goed út,
folk fan Aroër;
befreegje man en frou dy’t ûntwyk sykje; freegje harren:
Wat is der bard?
20Moäb is te skande set; it is ferslein;
gûl en jammerje it út,
doch de lju oan ’e Arnon te witten,
dat Moäb ferneatige is.
21Ja, it oardiel is kommen oer it flakke lân, oer Cholon, Jasa, Méfaät, 22Dibon, Nebo, Bet-Diblataïm, 23Kirjataïm, Bet-Gamûl, Bet-Méon, 24Keariot, Bosra, oer alle stêden fan it lân Moäb, fier en hein.
25Moäb is de hoarn ôfhoud,
en de earm stikken slein – is de godsspraak fan de Heare.
26Boarn him dronken, om’t er grut dien hat tsjin de Heare; dan kin er himsels derûnder spuie en sels ris foar spot stean.
27Of stie Israel by dij net altyd foar spot?
Die Israel faaks mei dieven yn ’e kompe,
datsto sa skodholleste,
ast it mar oer him hiest?
28Ferlit dyn stêden en wenje no mar yn ’e rotsen,
jim dy’t yn Moäb wenne hawwe;
wurd as in do dy’t nestelet tsjin ’e kanten fan ’e djippe ôfgrûn.
Klacht oer Moäbs ûndergong
29Wy hawwe heard fan Moäb syn heechmoed,
fan syn skriklike heechmoed;
fan syn grutskens en syn heechmoed,
syn eigenwizens en oermoed.
30Ik wit skoan, hoe’t er oer de skreef giet – is de godsspraak fan de Heare –
Ik ken syn ûnberoaide opskepperij,
syn ûnberoaidens yn hâlden en dragen.
31Dêrom moat ik om Moäb gûle,
om hiele Moäb jammerje ik it út,
ik suchtsje om de mannen fan Kir-Chêres.
32Mear as ik om Jazer skriemd haw,
moat ik om dij skrieme,
wyngerd fan Sibma,
dyn ranken kamen oan ’e see ta
en koenen Jazer berikke.
Op ’e frucht fan dyn rispinge is de fernieler oanfallen.
33It is dien mei de nocht en de wille
yn ’e wynhôven fan it lân Moäb.
Ik hâld de wyn út ’e wynkûpen wei,
de druvetrapers hawwe langer gjin wurk,
nearne klinkt mear har bliid jûchhei.
34It jammerjen fan Chesjbon en Eleäle is sels yn Jahas te hearren;
it lûd komt oer fan Soär ôf oan Choronaïm en Eglat-Sjelisjia ta,
want sels it wetterrike lân fan Nimrim is in toarre oarde wurden.
35Ik meitsje yn Moäb in ein oan har geöffer op ’e offerhichten,
en oan dat rûkofferbrânen foar har goaden.
36Dêrom klaget myn hert om Moäb,
sa’t skalmeien dat dogge,
ja, om ’e mannen fan Kir-Chêres klaget myn hert lykas de skalmeien,
om’t alles ferlern gien is, wat se begarre hienen.
37Allegearre rinne se mei in keale holle,
mei ôfskeard burd,
mei sneden oer de hannen
en sekkeguod om ’e mul.
38Op ’e dakken fan Moäb
en op ’e pleinen heart men oars net as gûlen,
want Ik haw Moäb delslein
as diggelguod dêr’t men neat mei kin,
– is de godsspraak fan de Heare.
39Hoe slim is Moäb slein!
Wat in skande, dat er útnaaie moast.
Sa stiet er no by al syn buorlju foar spot en dy grize fan him.
40Want dit hat de Heare te sizzen:
Sjoch, as in gier sjit er del
en slacht er de wjukken oer Moäb út.
41De stêden wurde ynnommen, de iene nei de oare,
de festings geane ek ferlern;
dy deis wurdt it hert fan ’e mannen fan Moäb
as dat fan in frou yn ’e weeën.
42Moäb wurdt ferdylge en hâldt op fan folk te wêzen,
om’t er grut dien hat tsjin de Heare.
43Klopjacht, kûle en klam steane al foar jim
dy’t yn Moäb wenje, klear, is de godsspraak fan de Heare.
44Wa’t foar de klopjacht op ’e rin giet, dy falt yn ’e kûle;
dy’t út ’e kûle komt, dy rekket yn ’e klam;
want Ik bring dit allegearre oer Moäb
it jiers dat Ik mei har ôfrekkenje –
is de godsspraak fan de Heare.
45Yn it skaad fan Chesjbon bliuwe se stean,
de flechtelingen, se kinne net mear;
mar út Chesjbon lôget it fjoer op
en flammen slagge út it paleis fan Sichon
en dat fjoer ferfret Moäb de sliepen,
fertart de grutsprekkers de plasse.
46Wee dij, Moäb,
it folk fan Kemosj is ferlern,
want dyn soannen wurde as gefangenen meisleept,
dyn dochters likegoed.
47Mar ienris komt de tiid
dat Ik in omkear bring yn it lot fan Moäb
– is de godsspraak fan de Heare.
Oant safier it oardiel oer Moäb.