De moard op Gedalja
1Mar yn ’e sânde moanne kaam Jisjmael, de soan fan Netanja, de soan fan Elisjama, in man fan keninklik komôf, ien fan ’e kening syn hege hearen, mei tsien man by Gedalja, de soan fan Achikam, yn Mispa. Wylst se mei-inoar sieten te iten, 2gong Jisjmael oerein en de tsien man dy’t er by him hie, ek; se sloegen Gedalja dea, de soan fan Achikam, de soan fan Sjafan. Sa makke er de man fan kant, dy’t de kening fan Babel oer it lân steld hie. 3En alle Judeeërs dy’t by him, by Gedalja, yn Mispa wienen en de Chaldeeërs dy’t dêr as soldaten tahâlden, sloech Jisjmael ek dea.
Moard op ’e feestgongers
4Mar de oare deis, doe’t noch gjin minske derfan wist, 5kamen der lju út Sichem, Sjilo en Samaria, tachtich man sterk, mei ôfskeard burd, teskuorde klean en kerven yn ’e hûd; se kamen mei moaloffers en wijreek om dat yn it hûs fan de Heare te bringen. 6En Jisjmael, de soan fan Netanja, gong harren út Mispa skriemendewei yn ’e mjitte. Doe’t er by harren wie, sei er: Gean nei Gedalja, de soan fan Achikam. 7Mar doe’t se midden yn ’e stêd kommen wienen, brochten Jisjmael, de soan fan Netanja, en syn mannen harren om hals en smieten harren yn in put. 8Mar tsien fan harren seinen tsjin Jisjmael: Meitsje ús net dea, want wy hawwe geheime foarrieden bûtenút: weet en koarn, oalje en hunich. Doe liet er har yn wêzen en makke har net dea lykas har maten.
9De put dêr’t Jisjmael de liken fan de mannen dy’t er deaslein hie, yn smiet, wie tige grut; it wie deselde dy’t kening Asa meitsje litten hie yn ’e striid tsjin kening Basa fan Israel. Dy makke Jisjmael, de soan fan Netanja, fol mei de liken fan ’e slachtoffers. 10Alle folk dat yn Mispa oer wie: de prinsessen en al it gewoane folk dat yn Mispa achterlitten wie en dat Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, Gedalja, de soan fan Achikam, op ’e noed jûn hie, dêr sette Jisjmael, de soan fan Netanja, mei ôf en sa woe er de grins oer nei de Ammoniten.
De moardners wurde achterneiset
11Mar doe’t Jochanan, de soan fan Karéach, en alle ôfdielingskommandanten dy’t by him wienen, hearden, wat foar misdieden Jisjmael, de soan fan Netanja, bedreaun hie, 12hellen se al har mannen byinoar en teagen derop út om mei Jisjmael, de soan fan Netanja, yn ’e slach te gean. Se troffen him by de grutte poel yn Gibeön. 13Al it folk dat Jisjmael by him hie, wie tige bliid, doe’t se Jochanan, de soan fan Karéach, seagen en alle ôfdielingskommandanten dy’t by him wienen. 14Allegearre dy’t Jisjmael út Mispa meinommen hie, kearden har om en joegen har by Jochanan, de soan fan Karéach. 15Mar Jisjmael, de soan fan Netanja, wist mei acht man oan Jochanan te ûntkommen en se gongen nei de Ammoniten ta.
16Doe namen Jochanan, de soan fan Karéach, en al syn ôfdielingskommandanten alle folk mei, dat der noch oer wie fan ’e lju dy’t Jisjmael, de soan fan Netanja, twongen hie om mei him út Mispa te gean nei syn moard op Gedalja, de soan fan Achikam; manlju, soldaten, froulju, bern en eunúchen, allegear dy’t er werombrocht hie út Gibeön. 17Se joegen har op ’en paad en hâlden skoft yn ’e herberge fan Kimham tichteby Betlehem. Har doel wie om nei Egypte, 18by de Chaldeeërs wei, dêr’t se neat gjin goeds fan ferwachten, no’t Jisjmael, de soan fan Netanja, Gedalja, de soan fan Achikam, deade hie, de man dy’t de kening fan Babel (as steedhâlder) oer it lân steld hie.