Jeremia, earst meinommen, rekket frij
1It wurd dat Jeremia fan de Heare krige, nei’t Nebûzaradan, de kommandant fan ’e liifwacht, him yn Rama frijlitten hie. Dêr hied er him by de ballingen út Jeruzalem en Juda weihelle, dy’t mei keattings bûn nei Babel brocht wurde soenen. 2Doe’t de kommandant fan ’e liifwacht Jeremia apart nommen hie, sei er tsjin him: De Heare, jo God, hat dit plak al dit ûnheil oansein. 3De Heare hat it komme litten en dêrmei syn wurden wier makke, want jim hienen sûndige tsjin de Heare en net om syn sizzen jûn, sadwaande moast dit allegearre oer jim komme. 4Mar hjoed doch ik jo de keattings fan ’e polsen. As it jo goed taliket om mei my nei Babel ta, doch dat, dan sil ik it each op jo hâlde. Mar sa net, ek goed; it hiele lân leit foar jo iepen, jo kinne gean oeral dêr’t it jo goed taliket. 5Jeremia hie noch gjin antwurd jûn, doe gong Nebûzaradan al troch: Gean dan werom nei Gedalja, de soan fan Achikam, de soan fan Sjafan, dy’t de kening fan Babel oer de stêden fan Juda steld hat, en, bliuw by him frij ûnder de minsken of gean, wêr’t it jo it bêste taliket. Doe joech de kommandant fan ’e liifwacht him iten mei foar ûnderweis en in presint en liet him gean. 6Sa kaam Jeremia by Gedalja, de soan fan Achikam, te Mispa; en hy bleau by him ûnder de minsken dy’t se yn it lân bliuwe litten hienen.
Gedalja lânfâd
Reörganisaasje fan it lân
7Doe’t no alle kommandanten fan ’e legerôfdielings dy’t noch yn it fjild wienen, en har mannen hearden, dat de kening fan Babel Gedalja, de soan fan Achikam, oer it lân steld hie en dat er noed stean moast foar de manlju, froulju en bern, de earmsten fan it lân, dy’t net as ballingen nei Babel brocht wienen, 8doe kamen se yn Mispa by Gedalja; dat wienen Jisjmael, de soan fan Netanja, Jochanan en Jonatan, de soannen fan Karéach, Seraja, de soan fan Tanchûmet, en de soannen fan Efai, de Netofatyt, Jezanja, de soan fan ’e Maäkatyt, dy allegearre mei har mannen. 9Doe die Gedalja, de soan fan Achikam, de soan fan Sjafan, harren en har mannen dizze eed: Wês der net bang foar om ûnder de Chaldeeërs te stean; set jim wer yn it lân nei wenjen en skik jim ûnder de kening fan Babel, dan sil it goed mei jim gean. 10Sels moat ik yn Mispa bliuwe om de saken te regeljen mei de Chaldeeërs dy’t by ús komme. Mar jimme, helje wyn, simmerfruchten en oalje yn en slach dy op yn fetten. Set jim nei wenjen yn ’e stêden dy’t jim yn besit nimme. 11Ek alle Judeeërs dy’t yn Moäb, ûnder ’e Ammoniten, yn Edom of yn oare lannen tahâlden, hearden dat de kening fan Babel noch guon yn Juda bliuwe litten hie, en dat er Gedalja, de soan fan Achikam, de soan fan Sjafan, oer harren steld hie. 12Dy kamen doe oeral wei, dêr’t se hinne fersille wienen, en doe’t se wer yn it lân Juda wienen, ûnder Gedalja yn Mispa, hellen se in oerfloed fan wyn en simmerfruchten yn.
Gedalja syn libben bedrige
13Mar Jochanan, de soan fan Karéach, en alle kommandanten fan ’e legerôfdielings dy’t noch yn ’t fjild wienen, kamen by Gedalja yn Mispa 14en seinen tsjin him: Witte jo wol, dat kening Baälis fan ’e Ammoniten Jisjmael, de soan fan Netanja, stjoerd hat, om jo fan kant te meitsjen? Mar Gedalja, de soan fan Achikam, woe harren net leauwe. 15Doe sei Jochanan, de soan fan Karéach, ûnder fjouwer eagen tsjin Gedalja yn Mispa: Lit my, sûnder dat ien derfan wit, hinnegean en Jisjmael, de soan fan Netanja, deaslaan. Wêrom soenen wy gewurde litte, dat er jo it libben benimt, en wêrom soenen alle Judeeërs dy’t har by jo jûn hawwe, fersille reitsje en wat der noch fan Juda oer is, ferlern gean? 16Mar Gedalja, de soan fan Achikam, antwurde Jochanan, de soan fan Karéach: Net dwaan, want jo ferhaal oer Jisjmael is neat fan wier.