It oardiel oer Sedekía
1It wurd dat Jeremia fan de Heare krige, doe’t kening Nebûkadnessar fan Babel mei syn hiele legermacht en mei alle keninkriken fan ’e ierde en alle folken dy’t ûnder him stienen, focht tsjin Jeruzalem en alle stêden dy’t derûnder foelen. 2Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Gean hinne en sis tsjin kening Sedekía fan Juda: Dit hat de Heare te sizzen: Sjoch, Ik leverje dizze stêd oer oan de kening fan Babel en dy sil him platbrâne. 3Josels sille likemin oan syn macht ûntkomme, mar jo sille grif pakt en oan him oerlevere wurde en each yn each mei de kening fan Babel komme te stean; hy sil mei jo prate as man tsjin man en jo sille nei Babel brocht wurde.
4Mar hear it wurd fan de Heare, Sedekía, kening fan Juda. Dit hat de Heare te sizzen: Jo sille net troch it swurd komme te stjerren, 5nee, jo sille in fredige dea stjerre en se sille leedfjurren ta jo eare brâne, krekt sa’t se dat dien hawwe foar jo foarâlden, de eardere keningen fan Juda, jo foargongers. ‘Och, ús hear!’ sille se sizze, as se de rouklacht oer jo hâlde. Sa komt it, want Ik haw it sein – is de godsspraak fan de Heare.
6Profeet Jeremia brocht al dy wurden oer oan kening Sedekía fan Juda yn Jeruzalem 7yn ’e tiid dat it leger fan ’e kening fan Babel Jeruzalem oanfoel en de stêden dy’t Juda noch hie; te witten Lakisj en Azeka, want dat wienen de iennichste festingsstêden dy’t Juda noch hie.
Troubrek foar frijlitten slaven oer
8It wurd dat de Heare Jeremia takomme liet, nei’t kening Sedekía in akkoart sletten hie mei it hiele folk fan Jeruzalem om de slaven frij te ferklearjen. 9Allegearre dy’t Hebrieuske slaven of slavinnen hienen, soenen har frij litte; nimmen soe ien fan eigen folk, in Judeeër, yn slavetsjinst hâlde. 10No hienen alle hege hearen en alle lju dy’t it akkoart oangien wienen, der wol nei harke, dat in elk syn slaaf of slavinne frij litte moast en net langer yn slavetsjinst hâlde; se hienen der wol nei harke en har dan ek frij litten. 11Mar neitiid wienen se derfan weromkommen en hienen se de slaven en slavinnen dy’t se earst frij litten hienen, wer ophelle en har twongen wer slaaf en slavin te wurden.
12Dêrom krige Jeremia dit wurd fan de Heare: 13Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Ik haw in ferbûn mei jimme foarâlden sletten, de deis dat Ik har út Egypte helle, út it slavehûs, en derby as betingst steld: 14‘Yn it sânde jier sil elk fan jimme de Hebrieuske lânsman dy’t himsels oan dij ferkocht en dij seis jier tsjinne hat, frij litte: ja, do silst him frij gean litte.’ Mar jim foarâlden hawwe net nei My harke en it gjin acht slein. 15Jimme lykwols wienen okkerdeis ta in oar ynsjoch kommen en hienen dien wat Ik rjocht achtsje, en allegear jim neiste frij ferklearre; jim hienen foar myn eagen in akkoart sletten yn it hûs dêr’t myn namme oan ferbûn is. 16Mar no binne jim dêrfan weromkommen en hawwe myn namme ûntwijd, mei’t elk fan jim syn slaaf of syn slavinne dy’t jim earst frij litten hienen om te gean wêr’t se woenen, wer ophelle hat en har twongen wer slaaf of slavin te wurden. 17Dêrom hat de Heare dit te sizzen: Doe’t it der foar jim allegear om gong jim lânslju en neisten frij te ferklearjen, hawwe jim yn wêzen net nei My harke; dêrom ferklearje Ik jim no frij – is de godsspraak fan de Heare – foar oarloch, pest en honger. En Ik meitsje dat alle keninkriken fan ’e ierde in ôfgriis fan jim krije. 18De mannen dy’t myn ferbûn skeind hawwe en dy’t har net hâlden hawwe oan de betingsten fan it akkoart dat se foar myn eagen sletten hienen, doch Ik mei as mei it keal dat se yn twa stikken houd hawwe en dêr’t se tusken troch rûn binne; 19de hege hearen fan Juda en Jeruzalem, de hofhâlding en de prysters en de hiele lânadel, allegearre dy’t tusken de stikken fan it keal trochrûn binne, 20leverje Ik oan har fijannen oer, dy’t har nei it libben steane, en har liken sille foer wurde foar de fûgels en de wylde bisten. 21Ek Sedekía en syn hege hearen, leverje Ik oan har fijannen oer, dy’t har nei it libben steane, en oan it leger fan ’e kening fan Babel, dat krekt ôfset is by jim wei. 22Ja, Ik jou befel – is de godsspraak fan de Heare – dat se foar dizze stêd komme om dy oan te fallen, yn te nimmen en plat te brânen; de stêden fan Juda meitsje Ik in wyldernis fan, dêr’t gjin mins mear wennet.