De reaksje fan Pasjchûr
1Mar pryster Pasjchûr, de soan fan Immer, dy’t haadopsichter wie yn it hûs fan de Heare, hearde Jeremia, doe’t er dy profesij die. 2En dizze Pasjchûr liet profeet Jeremia ôfrânselje en fêstsette boppe yn de Benjaminspoarte, dy fan it hûs fan de Heare. 3Mar de oare moarns liet Pasjchûr Jeremia wer frij. Doe sei Jeremia tsjin him: By de Heare hjitte jo net mear Pasjchûr, mar: Skrik-oanjeier. 4Want dit hat de Heare te sizzen: Sjoch, Ik meitsje fan dij in ferskrikking foar dysels en foar al dyn freonen. Se sille falle troch it swurd fan har fijannen en do silst it mei eigen eagen sjen; en hiele Juda jou Ik de kening fan Babel yn hannen; dy sil har as ballingen nei Babel bringe of harren ûnder it swurd falle litte. 5En al wat dizze stêd oan rykdom en kostberheden opgarre hat, en alle skatten fan ’e keningen fan Juda, dat jou ik har fijannen allegear yn hannen: dy sille it as bút meinimme en nei Babel bringe. 6En dosels, Pasjchûr en al dyn húsgenoaten, jim sille de ballingsskip yngean. Do komst yn Babel te lâne, en dêr silsto stjerre en begroeven wurde, dosels en al dyn freonen, dêrsto in falske profeet foar west hast.
In profeet yn twastriid
7Jo ha my ompraat, Heare, en ik ha my omprate litten,
Jo wienen my oermânsk en hawwe it fan my wûn.
De hiele lange dei stean ik foar spot,
allegear ha se de gek mei my.
8Elke kear dat ik it wurd doch, moat ik raze
en roppe fan mishanneling en geweld.
Om’t ik it wurd fan de Heare sprek,
skimpe en skelle se de hiele dei op my.
9Ik haw wolris tocht: Ik wol net mear oan Him tinke
en net mear yn syn namme sprekke;
mar dan waard it yn myn hert as in frettend fjoer
dat my troch de hiele lea gong.
Ik besocht út alle macht it yn te hâlden,
mar ik koe it net.
10Ja, ik haw de kliber wol mûskopjen heard:
– Skrik-oanjeier –
‘Bring him oan, lit ús dat dwaan!’
De lju dêr’t ik goed mei koe, sitte der allegear op te wachtsjen, dat ik kom te stroffeljen.
‘Miskien lit er him omprate, dan kinne wy him ha;
dan kinne wy wraak op him nimme!’
11Mar de Heare stiet nêst my as in machtich held;
dêrom sille myn ferfolgers stroffelje
en neat mear begjinne kinne,
hielendal betommele, om’t se neat bedijd hawwe;
har skande sil noait fergetten wurde.
12Mar Jo, Heare Almachtich, dy’t in rjochtfeardich rjochter binne,
dy’t it djipste fan ús hert peilje,
lit my sjen hoe’t Jo wraak op har nimme,
want Jo haw ik myn saak yn hannen jûn.
13Sjong foar de Heare,
loovje de Heare,
want hy rêdt it libben fan de earme út ’e macht fan ’e kweadoggers.
14Ferflokt de dei
dat ik berne bin;
de dei dat ús mem my te wrâld brocht,
mei gjin segen op rêste.
15Ferflokt de man dy’t ús heit it boadskip brocht:
‘Jo hawwe in jonge soan krige’,
en him dêr sa bliid mei makke.
16Lit it dy man fergean as de stêden
dy’t de Heare sûnder begrutsjen ûnderste boppe keard hat;
lit him moarns al needgerop hearre,
en midden op ’e dei oarlochsgeweld,
17om’t er my net stjerre litten hat yn ’e memmeskurte;
dan wie ús mem myn grêf wurden
en har skurte foar altyd swier bleaun.
18Wêrom dochs moast ik de memmeskurte út
om oars net as muoite en fertriet te ûnderfinen
en myn dagen yn skande te sliten?