Jeremia 19
Gods antwurd: nije opdrachten
1Doe hie de Heare dit te sizzen: Gean hinne en keapje in pottebakkerskrûk. Nim dan in man of wat fan ’e âldsten fan it folk en fan ’e prysters mei 2en gean de stêd út nei de delling fan Ben-Hinnom, dêr’t de Diggelpoarte op útkomt, en rop dêr de wurden út, dy’t Ik tsjin dy sizze sil. 3Sis dit: Hear it wurd fan de Heare, keningshûs fan Juda en folk fan Jeruzalem. Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Sjoch, Ik bring in ûnheil oer dit stee, dêr’t elk dy’t derfan heart, raar fan ophearre sil. 4Want se hawwe My ferlitten en mei dit stee dien, as wie it Mines net. Se hawwe rûkoffers brocht foar oare goaden, dy’t se net koenen, hja sels net en har foarâlden en de keningen fan Juda likemin; en se hawwe dit stee driuwe litten yn it bloed fan ûnskuldigen. 5Se hawwe offerhichten foar de Baäls boud om har bern de fjoerwijing ûndergean te litten as brânoffers oan ’e Baäl. Soks haw Ik noait foarskreaun of sein, it is net iens by My opkommen. 6Der komt dan ek in tiid – is de godsspraak fan de Heare – dat se dit stee net langer neame sille Tofet en delling fan Ben-Hinnom, mar delling fan ’e ôfslachting. 7En wat Juda en Jeruzalem sa snoad betocht hienen, sil Ik op dit stee mislearje litte en Ik sil har yn ’e striid mei har fijannen delslaan litte troch de hannen fan de lju dy’t it op har fersjoen hienen; en har liken sil Ik de fûgels en de wylde bisten as foer jaan. 8Ik meitsje fan dizze stêd ien stik ôfgriis en skande, dêr’t elk dy’t der lâns komt, fan grize en him oer besauwe sil; sa binne de slaggen oankommen, dy’t har rekke hawwe. 9Ik sil har twinge it fleis fan har eigen soannen en dochters te iten; se sille inoar fersline yn ’e need en benearing dêr’t har fijannen, dy’t it op har fersjoen hawwe, harren mei besette. 10Slach dan de krûk yn grúzleminten foar de eagen fan ’e mannen dy’t mei dy gien binne 11en sis tsjin harren: Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Sa sil Ik dit folk en dizze stêd yn grúzleminten slaan, krekt sa’t men in stik pottebakkersguod yn grúzleminten slacht, dat it net mear te kramjen is; en se sille de deaden yn Tofet begrave, om’t der oars gjin plak foar is. 12Sa sil Ik mei dit stee dwaan – is de godsspraak fan de Heare – en mei dy’t der wenje; sa set Ik dizze stêd lyk mei Tofet. 13De huzen fan dizze stêd en de huzen fan ’e keningen fan Juda wurde dan like ûnrein as de oarde fan Tofet: al dy huzen, dêr’t se de dakken fan brûkt hawwe om rûkoffers te bringen oan it hiele stjerreleger en drankoffers oan oare goaden.
14Doe’t Jeremia weromkaam fan Tofet, dêr’t de Heare him hinne stjoerd hie om te profetearjen, stelde er him op yn it foarhôf fan it hûs fan de Heare en sei tsjin al it folk: 15Dit hat de Heare Almachtich, de God fan Israel, te sizzen: Ja, Ik bring oer dizze stêd en oer alle stêden dy’t it mei har hâlde, al it ûnheil dat Ik harren oansein haw, want se hawwe de nekke stiif hâlden en net om myn sizzen jûn.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap