Israels breidstiid
1Ik krige dit wurd fan de Heare: 2Gean hinne en rop it Jeruzalem yn ’e earen: Dit hat de Heare te sizzen:
Ik tink wer oan dyn tagedienens yn dyn jonge jierren,
oan dyn leafde yn dyn breidstiid,
doesto achter My oanrûnst yn ’e woestyn,
troch in lân dêr’t net siedde wurdt.
3Israel wie de Heare tawijd,
de earste frucht fan syn risping:
wa’t dêrfan ite doarst, makke him skuldich,
ûnheil kaam oer him – is de godsspraak fan de Heare.
De ôffal
4Harkje nei it wurd fan de Heare,
folk fan Jakob, jim allegearre dy’t hearre by it folk fan Israel.
5Dit hat de Heare te sizzen:
Watfoar ûnrjocht hawwe jim foarâlden yn My fûn,
dat se sa fier fan My ôfgien binne?
Dat se achter dingen-fan-neat oanrûn hawwe
en sadwaande folk-fan-neat wurden binne?
6Mar se fregen net: Wêr is de Heare,
dy’t ús út Egypte hjirhinne helle hat,
dy’t ús troch de woestyn brocht,
troch it lân fan steppen en kûlen,
it toarre en tsjustere lân,
in lân dêr’t nimmen komt en gjin mins him nei wenjen set?
7Ik haw jim brocht yn in lân fol hôven
dêr’t jim de goede fruchten mar foar ’t iten hienen;
mar jim binne kommen en hawwe myn lân fersmoarge
en fan myn eigendom in ôfgriis makke.
8De prysters fregen net: Wêr is de Heare?
Ja, dy’t de wet hantearje, woenen My net kenne.
De foaroansteande lju gongen tsjin My yn
en de profeten seinen har profetewurd út namme fan Baäl;
sa rûnen se achter ûnmachtigen oan.
9Dêrom bliuw Ik tsjin jimme yn ’e pleit
– is de godsspraak fan de Heare –
tsjin jim bern en bernsbern.
De dûbele sûnde
10Stek mar ris oer nei de kusten fan ’e Kittiten en sjoch om jim hinne,
stjoer boaden nei Kedar en nim it dêr goed op
en gean nei, oft sokssawat him dêr oait foardien hat!
11Hat wol ien folk syn goaden omruile?
– En dat binne dan net iens goaden! –
Mar myn folk hat syn Gloarje omruile tsjin in stik ûnmacht.
12Himel, bestjurje fan ’e skrik
en skrilje derfan – is de godsspraak fan de Heare –
13want myn folk hat dûbeld ferkeard dien:
My hawwe se ferlitten,
de welle dy’t altyd wetter jout,
en foar harsels reinwettersbakken úthoud,
bakken mei skuorren deryn,
dy’t it wetter net hâlde.
De gefolgen
14Israel is dochs net in slaaf
of in liifeigene fan jongsôf oan!
Wêrom is er dan in stik roofguod wurden
15dêr’t de liuwen tsjin grânzgje en brinzgje?
Syn lân hawwe se in wyldernis fan makke,
syn stêden platbrând, dat der gjinien mear wennet.
16De lju fan Nof en Tachpanches skeare dy likegoed de holle keal!
17Dat hast der no fan,
datst de Heare dyn God ferlitten hast!
18Wat jout it dy no nei Egypte te gean om Nylwetter te drinken?
Wat jout it dy nei Assyrië te gean om Eufraatwetter te drinken?
19Dyn eigen kwea krijst no de trekken foar thús
en dyn eigen ôffallichheid straft dy.
Jou it ta en sjoch yn, hoe bittere min it is,
de Heare, dyn God, te ferlitten
en gjin ûntsach mear foar My te hawwen
is de godsspraak fan God, de Heare Almachtich.
De Baälstsjinst
20Ja, lang lyn hasto dyn jok al brutsen
en dyn bannen ferskuord;
do hast sein: Ik wol gjinien tsjinstber wêze;
mar jawol, op elke hege heuvel en ûnder elke griene beam hasto lein te huorkjen.
21En Ik hie dy dochs sels plante as in eale wyngerd,
in rank fan it suverste soarte.
Mar wat bisto al ferbastere,
do wylde wyngerd!
22Ja, al soest dy no mei polke waskje
en al wiest ek noch sa rij mei sjippe,
Ik sjoch it smoarge plak fan dyn ûngerjochtichheid der likegoed om –
is de godsspraak fan God de Heare.
23Hoe kinsto no sizze: ‘Ik haw my net smoarch makke,
ik haw net achter de Baäls oanrûn!’
Sjoch mar, watst yn ’e delling útspûke hast,
wit watsto dien hast!
Do bist as in wiffe kamielinne,
dy’t har nei alle kanten draait;
24as in wylde ezelinne, dy’t yn ’e woestyn goed thús is;
gleon fan begearte snúft se de wyn op,
jachtich, dat der gjin hâlden oan is.
Wa’t om har siket, hoecht him net yn te spannen:
yn ’e pearingstiid is se samar te finen.
25Pas op, rin net op bleate fuotten om
en lit dyn kiel net útdroegje!
Mar do seist: Dat let allegearre neat,
want ik bin gleon op frjemd,
dêr moat ik achteroan.
De ûntnochtering
26Sa’t in dief beskamme stiet, as se him oer ’t mad komme,
sa sil Israel beskamme stean:
it folk, har keningen, har hege lju,
har prysters en har profeten,
27dy tsjin in stik hout sizze: Jo binne ús heit,
en tsjin in stien: Jo binne ús mem!
Want se hawwe My de rêch takeard en net it gesicht;
mar as se yn ’e lytse loege sitte, dan sizze se:
Kom op en help ús!
28Wêr binne dan dy eigenmakke goaden fan dy?
Lit dy opkomme en dy helpe,
no’st yn ’e lytse loege sitst;
want safolle stêden asto hast,
safolle goaden hasto ek, Juda.
Watfoar in skaai is dit?
29Wêrom geane jim tsjin My yn ’e pleit?
Jim binne allegearre ôffallich fan My wurden, – is de godsspraak fan de Heare.
30Om ’e nocht haw Ik jimme soannen slein,
jim hawwe der neat fan leard.
Jimme eigen swurd hat jimme profeten ferslynd
as in ferskuorrende liuw.
31Skaai dat jimme binne,
nim it wurd fan de Heare dochs yn acht!
Haw Ik foar Israel dan in woestyn west,
of in tsjustere oarde?
Wêrom seit myn folk dan: Wy hawwe de beage ôfsmiten,
wy komme noait wer by Jo?
32Ferjit in jongfaam har sieraden,
in breid har mulbân?
Mar myn folk hat My wol fergetten,
al tiden en tiden.
33Wat witst dyn paadsje skoan,
as it om frijerij te dwaan is.
Ja, it ferkearde witst wol wei mei.
34Sels oan ’e seamen fan dyn klean sit bloed fan ûnskuldige lytse lju,
dyst grif net op ynbraak betrape hast.
En by al dy dingen
35hâldst ek noch út: ‘Ik bin ûnskuldich,
wier, syn grime hat him al fan my ôfkeard.’
Tink derom, Ik sil rjochtdei oer dy hâlde
fanwegen dyn sizzen: Ik haw neat misdien.
36Wat giet it dy maklik ôf yn oarewei te gean.
Mar mei Egypte silst beskamme weikomme,
lyk ast mei Assyrië beskamme weikommen bist.
37Do silst dêr likegoed weigean
mei de hannen boppe de holle,
want de Heare hat de lju dêrsto op fertroust, fersmiten,
mei harren komst gjin stap fierder.