Is bekearing noch wol mooglik?
1Doe kaam dizze fraach:
As in man syn frou ferstjit
en se giet by him wei
en wurdt in oare man sines,
kin se dan noch wol wer by him weromkomme?
Is sa’n lân net te smoarch wurden?
Mar do hast mei wit hoefolle frijers omhuorke,
en no soesto by My weromkomme?
– is de godsspraak fan de Heare.
2Slach de eagen op nei de keale hichten en sjoch:
Wêr hast dy net brûke litten?
Oan ’e kant fan ’e wei sietsto op klanten te wachtsjen
as in Arabier yn ’e woestyn.
Sa hasto sels it lân fersmoarge
mei dyn huorkerij en dyn min dwaan.
3Doe is it reinwetter ynhâlden
en de lette rein is ek net kommen,
mar do hiest in huorrefel foar de holle
en wiest der net oan ta in kaam te krijen.
4En no begjinst ynienen te roppen fan ‘Heit,
de freon fan myn jonge jierren, dat binne Jo!’
5en tinkst: ‘Hy sil dochs net ivich lilk bliuwe
en altyd-troch oan syn grime fêsthâlde?’
Ja, dat seist no wol,
mar ûnderwilens dochst ferkearde dingen,
want dat kinst wol!
De beide susters Israel en Juda
6De Heare sei tsjin my yn ’e dagen fan kening Josjia: Hasto wol sjoen wat Israel, de Offallige, dien hat? Hja is hinnegien en hat op elke hege heuvel en ûnder elke griene beam omhuorke. 7Doe tocht Ik: Nei’t se dat allegearre dien hat, sil se wol by My weromkomme. Mar hja kaam net.
Har suster Juda, de Untrouwe, seach wol, 8dat Ik Israel, de Offallige, fanwegen har huorkerij ferstjitten en har de skiedelbrief jûn hie. Mar suster Juda, de Untrouwe, liet har der net troch ôfskrikke; hja gong sels ek oan ’t huorkjen. 9Se huorke der mar op los en besmoarge dêrmei it lân; se spile de hoer mei stikken hout en stien. 10En mei dat al is suster Juda, de Untrouwe, likemin fan herten by My weromkommen, allinne mar sabeare – is de godsspraak fan de Heare.
Nije oprop ta bekearing
11Doe sei de Heare tsjin my: As ik har tsjininoar hifkje, hat Israel, de Offallige, minder skuld as Juda, de Untrouwe.
12Gean dan hinne en rop it Noarden dizze wurden ta:
Kom werom, Israel, Offallige – is de godsspraak fan de Heare.
Ik sjoch jim der net mear op oan,
want Ik bin goedgeunstich – is de godsspraak fan de Heare –
Ik bliuw net altyd-troch lilk.
13Allinne, dan moatst tajaan datst skuld hast
en datst tsjin de Heare, dyn God, yngien bist;
datst mei allerhanne frjemden omslein hast ûnder elke griene beam
en net om myn sizzen jûn hast –
is de godsspraak fan de Heare.
Beloften foar Israel en Juda
14Kom dochs werom, ôffallige bern – is de godsspraak fan de Heare, want Ik haw jim ûnder Myn hoede nommen en helje jim – út elke stêd ien, út elke staach twa – en bring jim nei Sion. 15Dan jou Ik jimme liedslju dy’t My oansteane, dy’t jimme hoedzje sille mei kundichheid en ferstân. 16En as jimme dan oanwinne en manmachtich wurde yn it lân – is de godsspraak fan de Heare – dan sil der net mear sein wurde: ‘De ferbûnsarke fan de Heare!’, want dat sil yn gjinien mear opkomme; se sille der net mear oan tinke en der gjin ferlet fan hawwe, der sil ek gjin nijen makke wurde. 17Want yn dy dagen sil Jeruzalem sels Troan fan de Heare neamd wurde en alle folken sille dêr byinoarkomme om de namme fan de Heare te Jeruzalem te earjen en se sille net mear samar dwaan, wat har yn ’t kwea behurde hert har ynjout. 18Yn dyselde dagen sil it folk fan Juda him by it folk fan Israel jaan en se sille tegearre út it Noarderlân komme nei it lân dat Ik har foarâlden as erfdiel jûn haw.
Gods heilplan en de ûntrou fan it folk
19Ja, Ik hie by Mysels sein:
Wat soe Ik dy graach as bern oannimme
en dij in kostlik lân jaan,
in pronkstik fan in erfdiel ûnder de folken.
En Ik hie tocht, jim soenen My Heit neame,
en jim noait fan My ôfkeare.
20Mar sa’t in ûntrouwe frou by de man weirint,
sa binne jimme My ûntrou wurden,
folk fan Israel –
is de godsspraak fan de Heare.
Israel docht boete
21Hark, op ’e keale hichten heart men Israels bern skriemen en smeken,
omdat se brike paden opgien binne
en har God, de Heare, fergetten hawwe.
22Kom werom, ôffallige bern,
dan sil Ik jim fan jim ôffalligens ôfhelpe.
Hjir binne wy al, wy komme by Jo,
want Jo binne de Heare, ús God!
23It is sa, it is neat wurdich dat gedoch op ’e offerhichten,
likemin as it gebear op ’e bergen.
It is sa, by de Heare, ús God, leit Israels behâld.
24De skandegod hat ferslynd wat ús foarâlden beskrept hawwe,
al fan ús earste dagen ôf,
har skiep en har kij, har soannen en har dochters.
25Wy moatte ús yn ús skamte deljaan,
bedobbe ûnder ús skande,
want wy hawwe sûndige tsjin de Heare, ús God,
wysels en ús bern, fan ús earste dagen ôf oan hjoed-de-dei ta,
en wat de Heare ús God sei,
hawwe wy net nei harke.