By de pottebakker yn ’e lear
1Dit is it boadskip dat Jeremia fan de Heare krige: 2Gean op slach it paad del nei de pottebakker syn hûs; dêr krijst myn wurden te hearren. 3Doe gong ik it paad del nei de pottebakker syn hûs en ja, hy hie krekt in stik wurk op ’e draaiskiif. 4As der ris in pot dêr’t er mei dwaande wie, mislearre, sa’t dat mei de pottebakker syn klaai wolris giet, dan begûn er wer en makke der in oare pot fan, dy’t him sinnige. 5Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 6Soe Ik mei jimme net krektsa dwaan kinne as dy pottebakker docht, folk fan Israel – is de godsspraak fan de Heare – want jimme binne yn myn hân as klaai yn ’e pottebakker sines, folk fan Israel! 7De iene kear sis Ik in folk of in ryk oan, dat it út ’e grûn skuord, delhelle en ferdien wurde sil. 8Mar komt sa’n folk dat Ik it oardiel oansein hie, fan syn ferkearde paad werom, dan kom Ik ek werom fan it ûnheil dat Ik har oandwaan woe. 9In oare kear sis Ik in folk of in ryk oan, dat it boud en plante wurde sil. 10Mar, docht sa’n folk wat Ik ferkeard achtsje, en wol it net om myn sizzen jaan, dan kom Ik werom fan it goede dat Ik harren tasein hie. 11No dan, sis tsjin de mannen fan Juda en tsjin it folk fan Jeruzalem: Dit hat de Heare te sizzen:
Sa’n pottebakker bin Ik: Ik haw in stik ûnheil foar jim yn ’e maak
en bin wat tsjin jim fan doel.
Kom jimme dan werom, elkenien fan syn ferkearde paad,
en betterje jimme hâlden en dragen.
12Mar se seinen: Dat jout allegearre neat, wy geane ús eigen gong en elk fan uzes docht, wat syn yn ’t kwea behurde hert him ynjout.
Unbegryplike ôffallichheid
13Dêrom hat de Heare dit te sizzen:
Freegje de heidenfolken derop nei,
wa’t soks oait heard hat:
de jongfaam Israel
hat wat allerôfgriislikst dien.
14Sil oait de snie weiwurde
fan ’e hege rotsen fan ’e Libanon?
Of sille oait de berchbeken útdroegje,
dêr’t it kâlde wetter yn delbrûst?
15Nee, mar myn folk hat My wol fergetten,
foar dingen-fan-neat bringe se rûkoffers.
Sadwaande binne se op ’e âlde paden kommen te stroffeljen
en moatte se no sydwegen op,
in paad lâns, dat net útset is.
16Har eigen lân meitsje se in ôfgriis fan,
in ivige skande,
dêr’t elk dy’t foarbykomt, him oer besaut
en om skodhollet.
17As de eastewyn sil Ik har ferstowe litte foar de fijân;
as it ûngelok oer harren komt,
lit Ik har de nekke sjen en net myn antlit.
In oanslach op Jeremia
18Doe seinen se: Kom, lit ús wat tsjin Jeremia ûndernimme; wy hawwe ommers wol prysters foar ús wetsûnderrjocht, wol wize mannen om rie te jaan en wol profeten om Gods wurd oer te bringen. Kom, wy moatte fan ús ôfbite en syn praat gjin acht slaan.
19Harkje nei my, o Heare,
en hear wat myn bestriders sizze.
20Moat goed dan mei kwea ferjilden wurde?
Wêrom hawwe se my in kûle dold?
Wol dêroan tinke, hoe’t ik foar Jo stie om in goed wurd foar harren te dwaan,
om jo grime fan har ôf te kearen.
21Dêrom, jou har soannen oan ’e honger oer,
leverje har út oan it swurd,
dat har froulju sûnder man en bern komme te sitten;
lit har manlju omkomme troch de pest
en har jongfeinten delslein wurde troch it oarlochsswurd.
22Lit it gejammer út har huzen wei te hearren wêze,
as Jo ûnferhoeds rovers op har ôfstjoere.
Want se hawwe in kûle dold om my te fangen
en ferriederlike strûpen foar myn fuotten útset.
23Jo, o Heare, Jo witte skoan,
hoe’t se alles derop oanlizze om my dea te krijen.
Ferjou harren har ûngerjochtichheid net,
fei har sûnden net foar jo eagen wei;
lit har foar jo eagen stroffelje,
de deis dat Jo har yn jo grime oanpakke.