1Jo hawwe it rjocht oan jo kant, Heare,
dat wit ik, as ik mei Jo yn ’e pleit gean;
en dochs woe ik Jo te wurd oer it rjocht.
Wêrom giet it de ferkearden sa goed
en libje minne lju der mar fleurich hinne?
2Jo hawwe har plante en se bewoartelje mar skoan,
se sjitte omheech en drage frucht.
Se hawwe Jo foaroan yn ’e mûle,
mar yn har hert wolle se neat fan Jo witte.
3Mar Jo, Heare, Jo kenne my en sjogge my,
Jo hifkje myn hert op syn tagedienens.
Skuor harren hjirwei as skiep nei it slachthûs
en set har apart foar de dei fan ’t slachtsjen.
4Oant hoelang moat it lân der treurich hinne lizze
en it gewaaks oeral ferwylje?
De bisten en de fûgels wurde wei,
om’t de lju dy’t dêr wenje, net doge,
want se tinke: God sjocht dochs net wat wy dogge.
5‘As it oprinnen mei fuotgongers
dij al deawurch makket,
hoe soest hynders dan byhâlde kinne?
Asto op sljocht lân der al hinne falst,
hoe soe it dan mei dy komme yn it tichte strewelleguod by de Jordaan?’ [ 6]
It lot fan Juda en de oare folken
7Ik haw ôfstân dien fan myn folk
en fan myn erfdiel ôfsjoen;
Ik haw myn allerleafste
har fijannen yn hannen jûn.
8Myn erfdiel is tsjin My te kear gien
as in liuw út it wâld,
en hat tsjin My grânzge;
dêrom haw Ik der in ôfgriis fan krige.
9Is dit erfdiel fan My dan in fûgel mei bûnte fearren,
dêr’t rooffûgels rûnom wei op ôfkomme?
‘Kom mar, wylde bisten allegearre,
kom mar en doch jim te goed.’
10Wit-hoe-folle hoeders hawwe myn wyngerd ferrinnewearre,
en myn ikker ferwâde;
ja, myn skoandere ikker hawwe se ien grutte wyldernis fan makke.
11Se hawwe der in treurige wyldernis fan makke;
foar wyld leit it dêr foar My,
it hiele lân is ferrinnewearre
en gjinien dy’t it oandeart.
12Rovers binne de keale hichten yn ’e woestyn oer kommen: in swurd fan de Heare, dat it lân fan ’e iene ein ôf oan ’e oare ta ferslynt; gjin libben skepsel wurdt mei frede litten.
13Weet ha se siedde, mar stikels helje se yn;
se hawwe har út ’e liken skrept,
mar bedije der neat mei.
Se steane beskamme by har opbringsten,
dat komt fan de gleone grime fan de Heare.
14Dit hat de Heare te sizzen: En al dy ferkearde buorlju dy’t it erfskip oantaaste, dat Ik myn folk Israel yn erflik besit jûn hie, dy sil Ik út har grûn skuorre, mar Ik sil ek it folk fan Juda út har fermidden weiskuorre. 15Mar nei’t Ik har útskuord haw, sil Ik wer begrutsjen mei har krije en Ik sil se werombringe, elk nei syn eigen erfskip en elk nei syn eigen lân. 16En as se har de wizânsjes fan myn folk hielendal oanwenne en by myn namme swarre: Sa wier as de Heare libbet! – krekt sa’t se myn folk oanwend hienen by de Baäl te swarren, dan sille se opnommen wurde yn it fermidden fan myn folk. 17Mar as se net hearre wolle, dan sil Ik dat naasje foargoed útskuorre en ferdylgje – is de godsspraak fan de Heare.