Nebûdkadnessar wol rjochtdei hâlde
1Yn it achttjinde jier fan syn regear, de twaëntweintichste fan ’e earste moanne, gong er praat yn it paleis fan Nebûkadnessar, de kening fan Assyrië, dat hy, lykas er sein hie, de hiele wrâld ôfstraffe soe. 2Hy rôp al syn ministers en syn hege offisieren byinoar, lei harren syn geheim beslút foar en joech utering fan al it kwea dêr’t er de wrâld mei straffe soe. 3En mei-inoar wienen se it der oer iens, dat elkenien dy’t nei de kening syn oprop net harke hie, ombrocht wurde moast.
4Sa gau’t dat beslút fêst stie, liet Nebûkadnessar, de kening fan Assyrië, Holofernes, de generaal dy’t oer syn hiele leger stie en nei him de machtichste fan it lân wie, by him komme en hy sei tsjin him: 5Dit seit de grutte kening, de hear fan ’e hiele ierde: Gean derop út! En nim mannen mei út it hiele hout, te sizzen: fuotfolk, sa’n 120.000 man, en hynstefolk, sa’n 12.000 man, mei de hynders. 6En ruk dan op tsjin alle folken yn it westen, want se hawwe net harke, doe’t ik har rôp. 7Sis har ierde en wetter klear te hâlden, want yn myn grime flean ik op har ôf, sa machtich, dat de grûn net mear te sjen is fanwegen al de fuotten fan myn soldaten, dy’t fan my it frij krije sille om harren út te plonderjen. 8Dan sille de dellings fol reitsje mei har deaden, en elke beek en elke rivier sil oerrinne fanwegen har liken; 9en dy’t ik yn ’e boeiens slaan, dy sil ik fuortslepe, nei de uterste einen fan ’e ierde ta. 10No dan, gean derop út en begjin mei har hiele gerjochtichheid te besetten. Jouwe se har oan jo oer, hâld se foar my yn bewar, oant ik kom om se ôf te straffen. 11Mar dy’t it yn ’e kant sette, mij se net, mar meitsje se dea en plonderje se út, wêr’t se ek mar binne yn jo gerjochtichheid. 12Ja, by myn libben en by myn keninklike macht, sa haw ik it sein en sa sil ik it ek dwaan mei eigen hannen. 13En jo moatte der goed om tinke: Gjin inkeld ding fan wat jo hear jo opdroegen hat, meie jo tsjin yngean. Jo hawwe te dwaan krekt sa’t ik jo hjitten haw. En sloer der net mei.
14Doe gong Holofernes by syn hear wei. Hy rôp alle oanfierders, alle generaals en offisieren fan it Assyryske leger byinoar. 15Syn soldaten, 120.000 man fuotfolk en 12.000 bôgesjitters op ’t hynder, allegearre mannen dy’t der wêze koenen, socht er mei sin út, sa’t syn hear him dat hjitten hie. 16Hy dielde se yn en stelde se op, sa’t men dat docht mei in leger dat yn ’e oarloch sil. 17In hiele mannichte kamielen, ezels en mûlezels naam er mei om de rêding fan dat leger te dragen. En ek skiep en kij en geiten, safolle dat de ein der fan wei wie, foar ûnderweis om op te iten. 18Foar al dy mannen mear as genôch. En dan noch út it paleis fan ’e kening, goud en sulver by de rûs.
De fjild tocht nei it westen
19Doe sette er ôf mei syn hiele leger, hysels foarop, om mei syn weinen, syn ruters en syn earste-klas fuotfolk alle lannen yn it westen plat te wâdzjen en sa foar kening Nebûkadnessar it paad te sljochtsjen. 20It wie in ûnbidige kliber, fan alderhanne slach en soarte, dy’t mei him optriek, sa machtich as de miggen en as it sân fan ’e ierde. Safolle, dat der wie gjin tellen oan. 21Ut Ninevé trieken se trije dagen lang de kant út fan ’e flakte fan Bektilet. Tichteby Bektilet, fuort by de berch benoarden Boppe-Cilicië, sloegen se har kamp op. 22Dêrwei sette er mei syn hiele leger, mei syn fuotfolk, syn hynstefolk en syn weinen, de bergen yn. 23Hy ferwoeste Pût en Lûd. En alle Rassiten en Ismaeliten, dy’t oan ’e râne fan ’e woestyn besuden Chelon wenje, plondere er út. 24Hy kaam by de Eufraat, triek troch Mesopotamië en alle festings oan ’e rivier de Abrona, oan ’e see ta, sloopte er de muorren fan.
25Fierder besette er de kontreien fan Cilicië, sloech alle ferset dêr del en slagge oant yn it suden fan Jafet ta, fuort by de grins mei Arabië. 26Hy besingele de Midjaniten, stiek har tintekampen yn ’e brân en rove har skieppekoaien leech. 27Yn ’e tiid fan it weetrispjen kaam er del nei de flakte fan Damaskus. Dêr stiek er alle lannen dêr’t it nôt op stannen stie yn ’e brân, slachte it lytsfee en de kij ôf, plondere de stêden út, ferwâde de dellingen en sloech dêr alle jonge mannen dea mei it skerpe swurd.
Fjildtocht by de see lâns
28Allegearre dy’t by de kust wennen, dy fan Sidon en Tyrus, dy fan Sûr en Okina en fan Jamnia, dy fan Azotus en fan Askelon, hja allegearre waarden stjerrende benaud fan him.