Lofsang fan Judit
1Dit binne de wurden dy’t Judit song:
Set foar myn God in liet yn mei de rinkelbom,
loovje de Heare mei de bekkens.
Stal foar Him in psalm en in lofliet gear.
Earje syn namme en rop dy oan.
2De Hear is in God dy’t de oarloggen úttrapet.
Hy hat my losskuord út ’e hannen fan myn ferfolgers,
my werombrocht nei syn kamp middenmank syn folk.
3De Assyriër kaam del fan syn bergen yn it noarden; mei in leger fan tsientûzenen kaam er deroan.
Sa machtich, dat de rivieren ferstoppe rekken
en de hichten bedutsen waarden mei syn hynstefolk.
4Myn gerjochtichheid soe er yn fjoer lizze, sa drige er, myn jongfeinten deadwaan mei it swurd,
myn lytse-poppen tsjin ’e grûn bruie,
myn bern nimme as roof,
myn jongfammen hâlde as bút.
5’t Wie de Hear Almachtich Dy’t dat kearde,
en dat troch de hannen fan in frou.
6It wie gjin jongkeardel dy’t syn geweldner dellei, gjin titane-soannen,
dy’t him tsjin ’e grûn sloegen,
gjin ûnbidige reuzen dy’t op him oanfoelen,
mar it wie Judit, de dochter fan Merary,
dy’t him betsjoende mei de kreazens fan har gesicht.
7Har widdodracht die se út om de ferskovelingen yn Israel te helpen;
har gesicht salve se mei mirre.
8Om har hier die se in krânse,
en in linnense jurk loek se oan om him oanstutsen te meitsjen.
9Har sandalen koe er de eagen net fan ôfhâlde, har kreazens betsjoende him.
Doe kleaude har swurd him de nekke.
10De Perzen skrillen fan har drystens;
wat hja oandoarste, dat brocht de Meden yn ûnstjoer.
11Doe davere de striidrop fan myn ferhûddûke folk.
En de fijân skrille op fan myn earmelytsens.
Dy setten har lûd út... en hy seach dat er fuortkaam.
12Bern fan jonge froulju stieken him dea;
en de oerrinderssoannen, dy houden se del.
Ja, se kamen allegear om yn ’e slach fan myn Hear.
13Ik wol in nij liet foar myn God ophelje:
O, Hear, Jo binne grut en wiid ferneamd!
Bjusterbaarlik is jo sterkens,
net ien dy’t Jo oer kin.
14Jo hiele skepping moat Jo tsjinje:
Jo sprieken, en it wie der al.
Jo stjoerden jo Geast, en it kaam klear.
Net ien kin jo stim wjerstean.
15Bergen skodzje op har fûneminten mei de wetterfloeden.
Rotsen terane as waaks, as jo eagen deroer geane.
Mar foar harren dy’t Jo tsjinje,
binne Jo noch altiten ien en al genede.
16Alle offers bin mar lyts, hoe lekker se ek rûke,
en neat betsjut al it fet dat foar Jo ferbaarnd wurdt.
Mar wa’t de Heare tsjinnet, dy is grut, foar altiten.
17Wee de naasjes dy’t it op myn folk fersjoen ha!
De Hear Almachtich straft se op ’e oardielsdei.
Hy jout har lichems oer oan fjoer en wjirmen;
En der komt gjin ein oan har gûlen fan ’e pine.
De ein
18Doe’t se yn Jeruzalem oankommen wienen, bûgden se har del foar har God. Sa gau’t it folk suvere wie, brochten se har brânoffers, har frijwillige offers en har jeften. 19Judit joech alles dat fan Holofernes west hie en dat it folk har skonken hie, as in wijjefte oan de Hear. Ek it muskitenet, dat se foar harsels meinommen hie út syn sliepkeamer, wijde se oan de Hear. 20It folk fierde feest yn Jeruzalem, lyk foar de timpel, trije moannen oanien. Judit bleau dêr ek sa lang.
21Doe brieken se op en in elk sette wer nei syn eigen hûs. Judit gong werom nei Betylûa en wenne dêr tenei op har eigen goed. By har libben al wie se ferneamd it hiele lân oer. 22Hiel wat manlju hawwe om har stike, mar sa lang ’t se libbe, fan de dei ôf dat har man Manasse stoarn en begroeven wie, hat se noait wer mienskip mei in man hân.
23Hja waard tige âld. Se wenne yn itselde hûs dat ienris har man sines west hie, oant se hûndertenfiif jier âld wie. Har slavinne joech se de frijheid. Se stoar yn Betylûa en yn ’e grot dêr’t har man Manasse lei, waard se begroeven. 24Israel roude om har, sân dagen lang. Foar har ferstjerren ferparte se al har hawwen en hâlden ûnder de neiste famylje, te sizzen: ûnder dy fan har man Manasse en ûnder dy fan harsels. 25En salang’t Judit libbe en noch tiden nei har dea, wie der gjinien dy’t de Israeliten yn ûnstjoer brocht.