1Ek de oare soldaten, dy’t noch yn ’e tinten wienen, rekken alhiel fan ’e wize, doe’t se hearden wat der bard wie. 2Se trillen fan benaudens. Gjin soldaat langer, dy’t op syn plak bleau. Allegearre stoden se it kamp út. Oer alle wegen gongen se, oer dy fan ’e flakte en oer dy fan it berchlân. Se woenen fuort! fuòrt! 3Ek de soldaten dy’t yn ’e bergen leinen om Betylûa hinne, seagen dat se fuortkamen. Alle striidbere mannen fan Israel setten har achternei. 4Oezzia die Betomestem, Bebai, Choba en Kola, ja de hiele gerjochtichheid fan Israel de boade om te sizzen wat him der allegear ôfspile hie. Mar ek om se oan te setten om op ’e fijân los te gean en him te ferdylgjen.
5Doe’t de Israeliten dat allegear hearden, kamen se as ien man fanwegen, foelen op har oan en sloegen har werom, wol oan Choba ta. De mannen fan Jeruzalem en dy út it berchlân kamen der ek op ta, want ek dêr wie ferteld wurden, wat dêr yn it kamp fan ’e fijân foarfallen wie. De mannen fan Gileäd en fan Galiléa jagen har op, alhiel oan Damaskus en omkriten ta, en brochten har swiere ferliezen ta. 6Dy’t fan Betylûa net meigien wienen, foelen op it Assyryske legerkamp oan, plonderen dat it sawat die, dat it waard by harren ien-en-al rykdom: safolle bút. 7Wat der noch oer wie, dat foel de Israeliten ta, dy’t fan ’e slachting weromkamen. Ja, ek de doarpen en de útbuorrens, dy yn ’e bergen en dy yn ’e flakte, koenen noch hiel wat fan ’e bút yn ’e wacht slepe. Want hoefolle dat der net wie! De ein wie der fan wei.
It oerwinningsfeest
8Hegepryster Joäkim en de rie fan Israels âldsten yn Jeruzalem kamen del om te sjen hokke grutte dingen de Hear oan Israel wol net dien hie; en ek om Judit te treffen en mei har te praten. 9By har yn ’e hûs koenen se der net oer út, wat hja dien hie, en as ien man rôpen se: Jo binne de gloarje fan Jeruzalem, de heldinne fan Israel, de rom fan ús folk. 10Mei eigen hannen hawwe jo dat allegearre dien. Israel hat hiel wat oan jo te tankjen. En God hie der gefallichheid yn. Dat de almachtige Hear jo segenje mei. Foar ivich en altyd. En al it folk sei dêrop: Amen!
11Doe gong it mei-inoar op ’en leechheljen fan it kamp, tritich dagen oanien. Judit krige Holofernes syn tinte mei al it sulverguod, de sliepbanken, de skalen en it húsried dat deryn wie. Sy naam it oan, loege in part dêrfan op har mûlezel. Al it oare kaam op ’e weinen dy’t se ynslaan litten hie. 12Alle Israelityske froulju kamen om har te sjen. Sy earen har tige en dûnsen foar har yn rigen. Judit sels naam olivetûken en parte dy om oan ’e froulju dy’t by har wienen. 13Sy en dy froulju dienen olivekrânsen op ’e holle. En doe foar al it folk út, gong sy de froulju foar yn it dûnsjen yn rigen, mei dêr achteroan de manlju fan Israel, yn folle wapenrissing, allegearre krânsen op ’e holle en mei-inoar songen se it iene lofliet nei it oare. 14En mids hiele Israel sette Judit dizze lofsang yn en it hiele folk naam dy oer en song dy mei ynmoed mei.