De berte fan Simson
1Op ’e nij dienen de Israeliten wat de Heare ferkeard achte. Dêrom joech de Heare har fjirtich jier lang yn ’e macht fan ’e Filistinen.
2No wie der in man út Soara, út in Danityske famylje, dy’t Manoäch hiet. Syn frou hie gjin bern; hja wie ûnfruchtber. 3Doe ferskynde de ingel fan de Heare oan ’e frou en sei tsjin har: Sjochris, jo binne ûnfruchtber en hawwe gjin bern, mar jo sille swier wurde en in soan krije. 4Dat nim jo no yn acht en drink gjin wyn of sterke drank en yt neat dat ûnrein is. 5Want jo sille swier wurde en in soan krije. Der mei him gjin skearmes op ’e holle komme. De jonge sil nammentlik fan memmeskurte ôf in nazireeër fan God wêze. Hy sil in begjin meitsje mei de befrijing fan Israel út ’e macht fan ’e Filistinen.
6Doe’t de frou wer by har man kaam, sei se tsjin him: Der hat in Godsman by my west. Hy seach derút as in ingel fan God, sa ûntsachlik. Ik haw him net frege wêr’t er weikaam, en hy hat my syn namme net sein. 7Mar hy sei tsjin my: Jo sille swier wurde en in soan krije. Dat drink no gjin wyn of sterke drank en yt neat dat ûnrein is, want de jonge sil in nazireeër fan God wêze fan ’e memmeskurte ôf oan ’e dei fan syn dea ta.
8Doe bidde Manoäch de Heare en sei: Och Hear, lit de Godsman dy’t Jo stjoerd hawwe, nochris by ús komme om ús by te bringen, hoe’t wy mei de jonge oan moatte, dy’t te wrâld komme sil. 9En God ferhearde Manoäch en de ingel fan God kaam nochris by de frou, wylst se op it fjild siet. Manoäch, har man, wie net by har. 10De frou rûn daliks hurd fuort en fertelde it har man. Hja sei tsjin him: Harkris ju, dy man is my ferskynd, dyselde fan okkerdeis. 11Daliks kaam Manoäch oerein en rûn achter syn frou oan. Doe’t er by dy man kommen wie, sei er: Binne jo de man dy’t mei myn frou praat hat? Hy sei: Ja! 12Manoäch sei: As jo wurden neikommen binne, wêr sil dizze jonge him dan oan te hâlden hawwe en wat sil syn wurk wêze? 13En de ingel fan de Heare sei tsjin Manoäch: Alles wat ik tsjin ’e frou sein haw, moat se har fan ûnthâlde. 14Fan neat dat fan ’e druvebeam komt, mei se ite. Wyn en sterke drank mei se net drinke en neat dat ûnrein is, mei se ite. Alles wat ik har ferbean haw, moat se har fan ûnthâlde. 15Manoäch sei tsjin ’e ingel fan de Heare: Meie wy jo noch wat ophâlde? Dan meitsje wy in geitebokje foar jo klear. 16En de ingel fan de Heare sei tsjin Manoäch: As jo my al ophâlde, dan sil ik dochs net fan jo spize ite. Mar as jo it klearmeitsje wolle as in offer foar de Heare, dan kinne jo it offerje. Manoäch hie noch net begrepen, dat it in ingel fan de Heare wie. 17Hy sei dan ek tsjin ’e ingel fan de Heare: Hoe hjitte jo? Want as jo wurden neikomme, dan wolle wy jo betankje. 18Mar de ingel fan de Heare sei tsjin him: Wêrom freegje jo my nei myn namme? Dy is dochs wûnder.
19Dêrop naam Manoäch in geitebokje en in moaloffer en offere dat oan de Heare op in rotsblok. En de ingel die mar frjemd, wylst Manoäch en syn frou taseagen. 20Doe’t nammentlik de flam boppe it alter yn ’e loft oplôge, stiigde de ingel fan de Heare yn ’e flam fan it alter omheech. Doe’t Manoäch en syn frou dat seagen, lieten se har foaroer op ’e grûn falle. 21En de ingel fan de Heare ferskynde net wer oan Manoäch en syn frou. Doe begriep Manoäch, dat it in ingel fan de Heare west hie. 22Dêrom sei Manoäch tsjin syn frou: No moatte wy grif stjerre, want wy hawwe God sjoen. 23Mar syn frou sei tsjin him: As de Heare fan doel west hie ús stjerre te litten, dan hied Er it brân- en moaloffer net fan ús oannommen. Dan hied Er ús dit allegearre ek net sjen litten en ús tagelyk soks net hearre litten.
24De frou krige doe in soan en hja joech him de namme Simson, en de jonge waard grut en de Heare segene him. 25De Geast fan de Heare begûn him oan te trunen doe’t er yn Machane-Dan wie, tusken Soara en Esjtaöl.