Rjochters 12
Jefta en de Efraïmiten
1Doe waarden de mannen fan Efraïm byinoar roppen en hja stieken oer nei Safon. Hja seinen tsjin Jefta: Wêrom binne jo op ’e Ammoniten ôfgien om mei har te striden en hawwe ús net roppen om mei jo te gean? No stekke wy jo hûs boppe jo yn ’e brân. 2Mar Jefta sei tsjin har: Myn folk en ik hienen in ferheftigen skeel mei de Ammoniten. Doe haw ik jim roppen, mar jim hawwe my net út har hannen rêden. 3Doe’t ik seach dat jim der net wienen om te helpen, haw ik myn eigen libben weage en bin de striid mei de Ammoniten oangien. Doe hat de Heare se oan my oerlevere. Dat hoe kinne jim no hjoed op my takomme om mei my te fjochtsjen? 4Dêrop brocht Jefta alle mannen fan Gileäd byninoar en stried mei Efraïm. Want se hienen ek noch sein: Jim binne mar útnaaide Efraïmiten. – Gileäd leit nammentlik tusken Efraïm en Manasse.
5Gileäd naam Efraïm de oerstekplakken oer de Jordaan ôf. As flechtlingen fan Efraïm dan seinen: Lit my oerstekke, dan seinen de mannen fan Gileäd: Binne jo in Efraïmyt? Sei er dan: Nee, 6dan seinen se tsjin him: Sis ris: Sjibbólet. Sei er Sibbólet, en wie er net by machte it goed út te sprekken, dan pakten se him en sloegen him dea dêr by de oerstekplakken fan de Jordaan. Sa foelen der doedestiids twaënfjirtich tûzen man út Efraïm. 7Jefta hat seis jier lang rjochter oer Israel west. Doe is Jefta, de Gileädyt, stoarn en hy is begroeven yn ien fan ’e stêden fan Gileäd.
Ibsan
8Nei him hat Ibsan út Betlêchem rjochter oer Israel west. 9Hy hie tritich soannen; tritich dochters liet er it hûs útgean en hy helle tritich fammen yn ’e hûs foar syn soannen. Hy hat sân jier rjochter oer Israel west. 10Doe is Ibsan stoarn en hy is begroeven te Betlêchem.
Elon
11Nei him hat Elon, de Sebûlonyt, tsien jier rjochter oer Israel west. 12Doe is Elon, de Sebûlonyt, stoarn en hy is begroeven te Ajjalon yn it lân Sebûlon.
Abdon
13Nei him hat Abdon, de soan fan Hillel, de Piratonyt, rjochter oer Israel west. 14Hy hie fjirtich soannen en tritich pakesizzers dy’t op santich jonge ezels rieden. Hy hat acht jier rjochter oer Israel west. 15Doe is Abdon, de soan fan Hillel, de Piratonyt, stoarn en hy is begroeven yn Piraton, yn it lân Efraïm, yn ’e berch fan ’e Amalekyt.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap