Rjochters 10
Tola
1Nei Abimêlek kaam Tola, de soan fan Pûa, de soan fan Dodo, ien út Issaskar, nei foaren om Israel te ferlossen. Hy wenne te Sjamir yn it berchlân fan Efraïm. 2Hy spriek trijeëntweintich jier rjocht oer Israel. Doe stoar er en waard begroeven te Sjamir.
Jaïr
3Nei him kaam Jaïr, de Gileädyt, op. Hy spriek twaëntweintich jier lang rjocht oer Israel. 4Hy hie tritich soannen, dy’t op tritich ezels rieden en hja hienen tritich plakken, dy’t no noch altyd “de Jaïrsdoarpen” hjitte. Hja lizze yn it lân Gileäd. 5Doe’t Jaïr stoarn wie, ha se him begroeven te Kamon.
Israel falt wer ôf; ferdrukking – berou
6Op ’e nij dienen de Israeliten wat de Heare ferkeard achte. Hja tsjinnen de Baäls en Astartes en de goaden fan Aram, fan Sidon, fan Moäb, fan ’e Ammoniten en de goaden fan ’e Filistinen. En hja kearden har fan de Heare ôf en tsjinnen Him net. 7Doe waard de Heare tige lilk op Israel en Hy levere har oer oan ’e Filistinen en oan ’e Ammoniten. 8Datselde jiers al narren se de Israeliten en hâlden har derûnder. Achttjin jier lang dienen se sa mei alle Israeliten dy’t oare kant de Jordaan wennen yn it lân fan ’e Amoriten, dat yn Gileäd leit. 9Mar de Ammoniten stieken de Jordaan oer om ek tsjin Juda en Benjamin te striden en tsjin it folk fan Efraïm. Dat Israel krige it slim benaud.
10Doe rôpen de Israeliten de Heare oan en seinen: Wy hawwe tsjin Jo sûndige. Ja, wy hawwe ús fan ús God ôfkeard en de Baäls tsjinne. 11De Heare sei tsjin ’e Israeliten: Haw Ik jim net út ’e macht fan ’e Egyptners, de Amoriten, de Ammoniten en de Filistinen, 12ek doe’t de Sidoaniërs, Amalek en Maön jim derûnder krige hienen – ferlost, doe’t jimme My oanrôpen? 13Mar likegoed hawwe jimme jim fan My ôfkeard en oare goaden tsjinne. Dêrom sil Ik jimme tenei net wer ferlosse. 14Gean mar hinne en rop oan de goaden dy’t jimme foar kar nommen hawwe. Lit dy jim dan mar ferlosse as jimme yn need sitte. 15De Israeliten seinen lykwols tsjin de Heare: Wy hawwe sûndige. Doch mar mei ús sa’t it Jo goedtinkt. As Jo ús hjoed dochs mar útrêding jouwe. 16Hja dienen de frjemde goaden út har fermidden wei en tsjinnen de Heare. Doe koe de Heare de ellinde fan Israel net langer oansjen.
De Ammoniten komme opsetten
17De Ammoniten waarden oproppen en legeren har yn Gileäd; ek de Israeliten kamen byinoar en dy legeren har te Mispa. 18Doe seinen de lju – foaroanmannen fan Gileäd – tsjininoar: Wa is de man, dy’t de striid mei de Ammoniten oangean doar? Lit dy oanfierder wurde oer alle bewenners fan Gileäd.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap