Abimêlek wurdt kening
1Abimêlek, de soan fan Jerûbbaäl gong nei Sichem, nei syn memme bruorren en sei tsjin har en tsjin ’e hiele famylje fan memmekant: 2Sis ris yn betrouwen tsjin de boargers fan Sichem: Wat is better foar jimme: dat santich man, allegearre soannen fan Jerûbbaäl oer jim regearje, of dat ien man oer jim regearret? En betink dan, dat ik jim eigen fleis en bloed bin. 3Doe brochten syn memme bruorren al dy wurden oangeande him yn betrouwen oer oan ’e boargers fan Sichem. Dy keazen doe partij foar Abimêlek, want se seinen: Hy is ien fan ús. 4Hja joegen him santich sulverstikken út it hûs fan ’e Bûnsbaäl en dêr hierde Abimêlek in stel neatdoggers en omstippers foar en dy kamen mei him. 5Doe’t er by syn heite hûs te Ofra kommen wie, fermoarde er syn bruorren, de soannen fan Jerûbbaäl, santich man, op ien stien. Jotam lykwols, de jongste soan fan Jerûbbaäl, bleau oer, want dy hie him ferskûle.
6Dêrop kamen alle boargers fan Sichem en fan Bet-Millo byinoar en hja gongen hinne en makken Abimêlek kening by de terebint fan ’e tinkstien dy’t by Sichem stiet.
Jotam syn fabel
7Doe’t se it Jotam fertelden, gong er boppe op ’e berch Gerizzim stean en hy rôp sa lûd er koe: Harkje nei my, boargers fan Sichem, dan sil God nei jimme harkje.
8De beammen gongen der ris op út
om in kening oer har te salvjen.
Hja seinen tsjin ’e olivebeam:
Wês kening oer ús.
9Mar de olivebeam sei tsjin har:
Soe ik myn oalje opjaan,
dêr’t God en minsken my heech om ha,
en soe ik hinnegean en sweevje oer de beammen?
10Doe seinen de beammen tsjin ’e figebeam:
Komme jo en regearje oer ús.
11Mar de figebeam antwurde:
Soe ik myn swietichheid opjaan en myn kostlike frucht
en soe ik hinnegean en sweevje oer de beammen?
12Doe seinen de beammen tsjin ’e druvebeam:
Komme jo en wês kening oer ús.
13Mar de druveplânt sei tsjin har:
Soe ik myn druvesop opjaan
dat God en minsken bliid makket
en soe ik hinnegean en sweevje oer de beammen?
14Doe seinen alle beammen tsjin ’e toarnestrûk:
Komme jo en wês kening oer ús.
15En de toarnestrûk sei tsjin ’e beammen:
As jim my wier salvje wolle
om kening oer jim te wêzen,
kom dan en skûlje yn myn skaad.
Mar sa net, dan sil der fjoer út ’e toarnestrûk komme
en dat sil de seders fan ’e Libanon fertarre.
16No dan, as jim earlik en oprjocht te wurk gien binne, doe’t jim Abimêlek kening makke hawwe, as jim goed hannele hawwe mei Jerûbbaäl en syn hûs, as jim mei him dien ha, nei’t hy fertsjinne hat, 17– ús heit hat ommers foar jimme fochten en syn eigen libben dêrfoar weage en hy hat jim út ’e macht fan Midjan ferlost, 18mar jimme binne hjoed tsjin ús heite famylje yn opstân kommen en syn soannen, santich man, hawwe jim deamakke op ien stien, mar Abimêlek, de soan fan syn slavin, hawwe jim kening makke oer de boargers fan Sichem, omdat er ien fan jimme is – 19as jimme hjoed dan earlik en oprjocht hannele hawwe mei Jerûbbaäl en syn hûs, wês dan bliid mei Abimêlek en lit him bliid wêze mei jimme. 20Mar sa net, lit der dan fjoer fan Abimêlek útgean en lit dat de boargers fan Sichem en Bet-Millo fertarre en lit der fjoer fan ’e boargers fan Sichem en Bet-Millo útgean en lit dat Abimêlek fertarre.
21Doe naaide Jotam út. Hy naam de wyk nei Beër en dêr koe syn broer Abimêlek him net beneikomme.
Sichem kriget syn nocht fan Abimêlek. Gaäl
22Doe’t Abimêlek trije jier oer Israel regearre hie, 23stjoerde God in ferkearde geast tusken Abimêlek en de boargers fan Sichem. Sadwaande gongen de boargers fan Sichem falsk mei Abimêlek om. 24Dêrmei kaam it ûnrjocht, dat er de santich soannen fan Jerûbbaäl oandien hie, werom en waard har bloed ferhelle op har broer Abimêlek, omdat er har deade hie, en op ’e boargers fan Sichem, omdat dy him holpen hienen om syn bruorren dea te meitsjen. 25De boargers fan Sichem setten stikem manlju tsjin him út op ’e toppen fan ’e bergen en dy plonderen elk út, dy’t de wei by har lâns kaam. En dat waard Abimêlek oanbrocht.
26No wie Gaäl, de soan fan Ebed, mei syn maten oerkommen nei Sichem en de boargers fan Sichem fertrouden him. 27Dat se gongen it fjild yn en sochten druven yn har druvehôven en dy trapen se út. Hja makken der in feest fan en gongen nei it hûs fan har god, se ieten en dronken en ferflokten Abimêlek.
Gaäl begjint te stokeljen
28En Gaäl, de soan fan Ebed, sei: Wa is dy Abimêlek einliks. Moat Sichem him tsjinstber wêze? Hy is ommers de soan fan Jerûbbaäl en Sebûl is syn steedhâlder. Wês leaver de mannen fan Hemor, de heit fan Sichem, tsjinstber, mar wêrom soenen wy him tsjinje? 29Wat soe ik graach de macht oer dit folk hawwe. Dan soe ik Abimêlek ôfsette. En tsjin Abimêlek soe ik sizze: Meitsje jo leger noch mar grutter en kom mar op!
30Doe’t Sebûl, de kommandant fan ’e stêd, fan dy wurden fan Gaäl, de soan fan Ebed, hearde, makke er him tige lilk 31en hy stjoerde temûk boaden nei Abimêlek mei dit boadskip: Gaäl, de soan fan Ebed, is mei syn maten yn Sichem kommen en hja binne dwaande de stêd tsjin jo op te setten. 32Dat kom jo no fannacht mei it folk dat by jo is en ferskûlje jo yn it fjild. 33Kom dan, sadree’t moarnier de sinne opgiet, foar it ljocht en set op ’e stêd ta. As er dan mei alle folk by him ta de stêd út komt op jo ta, doch dan mar mei him sa’t jo wolle.
34Dat Abimêlek makke him dy nachts klear mei alle folk dat er by him hie, en hja ferskûlen har boppe Sichem yn fjouwer kloften. 35Doe’t Gaäl, de soan fan Ebed, nei bûten kaam, bleau er yn ’e yngong fan ’e stêdspoarte stean, wylst Abimêlek mei alle folk by him út it skûlplak oereinkaam. 36Gaäl seach dat folk en hy sei tsjin Sebûl: Sjoch, dêr komt folk by de berchtoppen del. Mar Sebûl sei tsjin him: It is it skaad fan ’e bergen dat jo foar manlju oansjogge. 37Gaäl lykwols hâlde oan en sei: Nee, it is wol folk, dat by de Nâle-fan-it-lân delkomt en ien kloft komt de wei del fan ’e Tsjoendersterebint. 38Doe sei Sebûl tsjin him: Wêr bist no mei dyn grutte bek dêrst mei sein hast: Wa is dy Abimêlek, dat wy him tsjinstber wêze soenen? Dat dêr is no it folk datsto sa’n bytsje yn ’e rekken hiest. Gean der no mar op út en byn de striid mei har oan!
39Doe kaam Gaäl nei bûten, foar de boargers fan Sichem út, en hy bûn de striid oan mei Abimêlek. 40En Abimêlek kaam him achternei, want hy gong foar him op ’e flecht. Dat der foelen gâns deaden oan ’e yngong fan ’e poarte. 41Abimêlek gong doe werom nei Arûma en Sebûl ferdreau Gaäl en syn maten en liet har net mear yn ’e stêd wenje.
42De oare moarns kaam it folk wer nei bûten ta, it fjild yn en dat brochten se Abimêlek oan. 43Dêrop naam er syn folk, dielde dat yn trije kloften en brocht dy yn it fjild fanside. En wier, doe seach er de minsken de stêd útkommen; hy foel har oan en fersloech har. 44Abimêlek nammentlik en de kloft, dy’t by him wie, kamen opsetten en besetten de stêdspoarte, mar de beide oare kloften setten op de minsken ta dy’t yn it fjild wienen, en fersloegen dy. 45Sa focht Abimêlek de hiele dei troch tsjin ’e stêd en hy naam de stêd yn. It folk dat dêryn wie, deade er en de stêd ferwoeste er en hy struide dêr sâlt oer.
46Doe’t de boargers fan ’e Sichemstoer dat fernamen, gongen se yn ’e kelder fan it hûs fan ’e bûnsgod. 47En it waard Abimêlek oanbrocht dat de boargers fan ’e Sichemstoer allegearre byinoar kommen wienen. 48Dat Abimêlek gong mei alle folk dat er by him hie, by de berch Salmon op. Abimêlek hie in bile yn ’e hân meinommen. Hy kappe in tûke fan ’e beammen en lei dy op it skouder. Doe sei er tsjin it folk by him: Jim hawwe sjoen wat ik dien haw. Meitsje oan, doch lykas ik. 49Alleman fan it folk kappe doe elk ek in tûke ôf. Hja gongen achter Abimêlek oan en leinen de tûken boppe op ’e kelder. Doe stieken se de kelder boppe de boargers fan ’e Sichemstoer yn ’e brân, dat dy ek omkamen, sa’n tûzen manlju en froulju. 50Dêrop gong Abimêlek nei Tebes. Hy belegere Tebes en naam it yn. 51No wie der in sterke toer midden yn ’e stêd en alle boargers fan ’e stêd, manlju en froulju, namen dêrhinne de wyk en hja dienen de doar achter har op ’t slot. Doe klommen se boppe op it dak fan ’e toer. 52Doe’t Abimêlek by de toer kommen wie, bûn er de striid mei har oan. Dêrby kaam er ticht by de doar fan ’e toer om dy yn ’e brân te stekken. 53Mar in frou liet Abimêlek in boppeste mûnestien op ’e holle falle en ferbrizele him de plasse. 54Doe rôp er gau syn wapendrager en sei tsjin him: Lûk dyn swurd en stek my dea. Oars soenen se fan my sizze kinne: In frou hat him dea makke. Dêrop stiek dy jongeman him dea.
55Doe’t de Israeliten seagen dat Abimêlek dea wie, gongen se allegearre wer nei hûs. 56Sa hat God it kwea fan Abimêlek ferjilde, dat er syn heit oandien hie mei syn santich bruorren te deadzjen. 57En alle kwea fan ’e boargers fan Sichem hat God op har eigen holle weromkomme litten. De flok fan Jotam, de soan fan Jerûbbaäl, oer har is sa wol neikommen.