Oerwinningsliet
1Wee dij, do fernieler, al bist sels noch net fernield;
wee dij, do ferrieder, al bist sels noch net ferret –
sa gau ast dyn fernielen dien hast,
silst sels fernield wurde;
sa gau ast dien wurk makke hast mei dyn ferrie, silst sels ferret wurde.
2O Heare, ûntfermje Jo oer ús,
nei Jo hawwe wy útsjoen!
Wês ús stipe elke moarn wer,
ús behâld, as de benearing komt.
3Foar it bolderjend lûd fleane de folken út ’e wei;
foar jo tongerjen stowe de naasjes útinoar.
4Jimme bút wurdt fuorttôge, sa’t kealfretters dat dogge,
se fleane derop oan as sprinkhoannen.
5Heech is de Heare, dêrboppe wennet Hy,
Hy makket, dat Sion kleare rjocht en gerjochtichheid is.
6Hy jout dij rêstige tiden, Sion,
yn wysheid en kennis leit in rykdom fan heil:
ûntsach foar de Heare, dat is dyn grutste skat.
Need en oardiel by de folken
7Hark, de striders roppe lûd yn ’e strjitten,
de fredesboaden skrieme bittere triennen.
8De grutte wegen lizze der ferlitten hinne,
gjin reisber man giet dêr syn paad.
It ferdrach is brutsen,
getugen binne misledige, minsken binne net yn tel.
9It lân leit der treurich hinne en droeget út,
it is in skande, sa’t de Libanon fertoarret.
Sjaron liket wol in steppe,
Bazan en Karmel binne keal rûpele.
10No kom Ik fanwegen, seit de Heare,
no jou Ik My op, no lit Ik My yn al myn heechheid sjen.
11Jim binne swier fan strie en bringe tsjêf te wrâld,
jimme geast is in fjoer dat jimsels fertart.
12Folken wurde ta kalk ferbaarnd,
ôfkappe toarneguod dat yn flammen opgiet.
13‘Jim dy’t omfierrens binne, hear wat Ik dien haw;
jim dy’t tichteby wenje, fernim hoe sterk as Ik bin.’
14De sûnders op Sion trilje fan benaudens,
de goddeleazen falt de skrik op ’e lea.
‘Wa fan ús kin it úthâlde by in fertarrend fjoer?
Wa fan ús kin it úthâlde by in brân sûnder ein?’
15Dy’t rjochte wegen giet en wierheid sprekt,
dy’t neat hawwe moat fan ôfsetterij,
dy’t syn hannen frijhâldt fan omkeaperij,
dy’t de earen ôfslút, om’t er fan
gjin moardplan hearre wol,
en de eagen tichtdocht, om’t er gjin kwea sjen wol,
16dat is de man dy’t op ’e hichten wenje sil;
syn hege stins sil as in bolwurk op ’e rotsen stean,
syn brea hoecht er net oer yn te sitten,
wetter kin er altyd wis fan wêze.
De treast foar Sion
17Mei eigen eagen silst de kening sjen yn al syn pracht,
en wide fierten hat it lân dat foar dy leit.
18Dan komme de eardere ferskrikkings werby dy boppe:
‘Wêr is de skatter no? Wêr is de wager?
En wêr de man dy’t de tuorren telde?’
19Dat rouwe folk silst noait wer sjen,
dat folk mei syn ûnbegryplike tongslach, dy’t men net ferstiet,
mei syn gestammer dêr’t men neat út wyswurde kin.
20Mar sjoch no Sion oan, de stêd fan ús feestlike gearkomsten.
Lit dyn eagen oer Jeruzalem gean,
in feilich wenplak, in tinte dy’t net opbrutsen wurdt;
syn pinnen wurde noait út ’e grûn skuord,
syn skearlinen wurdt noait ien fan los smiten.
21Ja, dêr is foar ús de Heare yn al syn majesteit;
yn in lânsdouwe mei rivieren en wide streamen,
dêr’t gjin galei lâns fart
en gjin steatlik skip op omkrúst;
22want de Heare is ús Rjochter, de Heare is ús Wetjouwer,
de Heare is ús Kening. Hy bliuwt ús behâld.
23Dyn bakstagen hingje der slop by;
om’t se de mêst net rjocht oerein hâlde,
kinne de seilen net mear útstean.
Dan sil der in rike bút ferparte wurde,
sels kreupele stumpers geane mei te plonderjen.
24Gjinien dy’t dêr wennet hoecht mear te sizzen: Ik bin siik;
it folk dêr wurdt de skuld ferjûn.