It messiaanske Ryk
1As in kening rjochtfeardich regearret
en bestjoerders by har bestjoer it rjocht yn acht nimme;
2wannear’t se man foar man in beskutting binne foar de stoarm,
in skûlplak foar de stjalprein,
as wetterlopen yn in toarre oarde
en as it skaad fan in mânske rots yn in toarstich lân,
3dan sille de eagen dy’t sjen kinne, skerp sjen
en de earen dy’t hearre kinne, op har iepenst wêze.
4De gystene sil dan reden ferstean,
dy’t oars stammere, kin samar flot en dúdlik prate.
5De dogeneat sil net mear edelman neamd wurde,
de smjunt net foar in man fan oansjen gean.
Dogeneat en edelman
6Want in dogeneat praat as in dogeneat,
syn hert sit oer ûngerjochtichheid te brieden;
wat er útheeft, dêr doocht neat fan;
sels foar de Heare oer tiist er yn syn wurden om.
Dy’t honger hat, lit er mei de holle mage omrinne,
dy’t toarst hat, ûntkeart er syn drinken.
7De smjunt nimt alle minne middels te baat,
en betinkt skandlike plannen
om de lytse lju mei falsk gepraat
yn it ûnleech te bringen,
ek al komt de earme inkeld mar op foar syn rjocht.
8Mar in edelman leit him út op edele dingen,
wat goed en nommel is, dêr stiet er op.
Oardiel oer de soargeleazen
9Oerein, soargeleaze froulju,
en hear nei wat ik sis:
fammen dy’t jim sa feilich fiele,
harkje goed nei myn wurden.
10Noch in jiermannich
en jimme dy’t jim sa feilich fiele,
sille stean te triljen.
Dan is it út mei de druveplôk
en wurdt der gjin frucht mear ynhelle.
11Trilje, soargeleaze froulju,
beevje deroer, jimme dy’t jim sa feilich fiele,
klaai jim neaken út
en doch sekkeguod om ’e mul.
12Slach jim foar ’t boarst
om dy kostlike fjilden, om dy dragende druvestrûken,
13om it boulân fan myn folk dêr’t toarnen en stikels opsjitte;
ja, om alle huzen yn ’e fleur yn ’e útlittene stêd.
14Want de stins is ferlitten,
it gerûs fan ’e stêd falt stil.
Stedshichte en wachttoer wurde foar altyd sljochte,
in lustoarde foar wylde ezels,
in weidplak foar keppels fee,
15oant de Geast fan omhegens oer ús útstoart wurdt.
De wiere rêst
Dan wurdt de woestyn in hôf,
in hôf as in wâld.
16Dan sil it rjocht yn ’e woestyn wenje
en de gerjochtichheid har thús hawwe yn it hôf.
17Dy gerjochtichheid bringt frede
en dêrmei rêst en feiligens foar altyd.
18Dan sil myn folk op in fredich stee wenje,
yn feilige wenten, op plakken dêr’t de rêst net fersteurd wurdt,
19sels al slacht de hagel del op it wâld
en al sinkt de stêd yn fernedering wei.
20Gelokkich jim dy’t siedzje mei oeral wetterlopen tichteby
en dy’t okse en ezel mar frij omrinne litte kinne.