De sûnde fan Jeruzalem wurdt net ferjûn
1Utspraak oer de delling fan it Fizioen.
Wat is der mei dy te rêden,
dat al dyn folk op it dak sit,
2do rûzige, woelige stêd,
bolwurk fan oerdwealskens?
Nee, dyn deaden binne net dearekke troch it swurd,
net stoarn yn ’e striid!
3Dyn oanfierders hawwe as ien man de hakken opnommen,
ear’t der in pylk ôfsketten waard,
binne se al fongen;
al dyn folk, dat ynhelle waard, is yn ien haal fongen,
al wienen se noch sa fier fuortrûn.
4Dêrom sis ik: Kear jim fan my ôf,
lit my mar skrieme fan ellinde;
kom my net oan mei wurden fan treast
by de ûndergong fan myn folk, dy skoandere jongfaam.
5Want in dei fan ûnstjoer,
ûntheistering en ferbjustering
hat God de Heare Almachtich oer ús brocht;
yn ’e delling fan it Fizioen wienen se de muorre oan ’t ramaaien,
gerop om help klonk by de bergen op.
6Elam stiek de pilekoker by him,
Aram kaam mei hynders en weinen,
en Kir helle de skylden foar it ljocht.
7Dyn prachtige dellingen tilden fan ’e weinen,
de ruters stelden har yn slachoarder op tsjin de stêd.
8De lêste skâns fan Juda bejoech him.
Doe hawwe jim it each falle litten op ’e wapenfoarrie yn it ‘Wâldhûs’.
9Doe’t jim seagen, hoefolle skuorren der yn ’e Davidsstêd sieten,
heinden jim it wetter fan ’e ûnderste fiver;
10jim telden de huzen fan Jeruzalem
en brieken guon ôf om de muorre ticht te meitsjen;
11tusken de beide muorren makken jim in bak
foar it wetter fan ’e âlde fiver,
mar jimme hawwe it each net opslein nei Him dy’t alles makket,
en Him dy’t alles lang lyn syn bestek jûn hat, hawwe jim net achtslein.
12Dyselde deis rôp God de Heare Almachtich jim noch op
om te skriemen en te roujen,
jim it hier ôf te knippen en sekkeguod om te dwaan;
13mar nee: nocht en wille meitsje,
kij slachtsje en skiep de hals útsnije,
fleis ite en wyn drinke! (Want jim tochten:)
‘Lit ús ite en drinke, want moarn binne wy dea!’
14Mar de Heare Almachtich hat Himsels oan my iepenbiere,
en mei eigen earen haw ik heard:
‘Sa lang as jim libje,
sil dizze sûnde fan jim net útsoene wurde.’
Profesijen oer Sjebna en Eljakim
15Dit hat God de Heare Almachtich te sizzen:
Gean nei dy hofmaster ta,
nei Sjebna, dy’t oer de hofhâlding giet, (en sis:)
16Wat hasto hjir en wêr komst wei,
datsto dysels hjir in grêf úthouwe litten hast,
sa’t ien docht, dy’t syn grêf heech yn ’e bergen úthouwe lit
en syn grêfkeamer yn ’e rotsen reemakket?
17Tink der mar om: de Heare sil dy fuortslingerje,
sa’t in man dat mei ien slingerswaai docht;
Hy hat dy mei ien kneep yn ’e knipe,
18Hy rôlet dy yn in kleaune op;
as in bal smyt Er dy oer in wide flakte.
Dêr silsto stjerre,
en dêr sille dy staasjerydtugen fan dij bedarje,
do, skande fan it hûs fan dyn hear!
19Ik sil dy fan dyn post stjitte,
se sille dy fan dyn plak reagje.
20Dy deis komt it sa:
Ik rop myn tsjinstfeint Eljakim, de soan fan Chilkia,
21en Ik doch him dyn amtskleed oan en dyn mulriem om
en jou him dyn sizzenskip yn hannen.
Hy sil in heit wêze foar dy’t yn Jeruzalem wenje
en foar it folk fan Juda.
22Ik sil him de kaai fan it hûs David op it skouder lizze:
wat hy iependocht, slút gjinien ôf
en wat hy ôfslút, krijt gjinien iepen.
23Hy sil in earetroan wêze yn syn heite hûs
en Ik sil him ynslaan as in heak op in geef stee.
24Mar as aanst it hiele gewicht fan syn heite famylje dêroan komt te hingjen, de ôfstammelingen en neikommelingen, alle lyts diggelguod, kûmen en krúkjes en al, 25ja, dan – is de godsspraak fan de Heare Almachtich – sil de heak dy’t der op in geef stee ynslein is, los reitsje: hy skuort derút en falt; en de fracht dy’t dêroan hinget, sil yn gruzels falle, want de Heare hat it sein.