Oer Babel
1Utspraak oer de woestyn by de see.
Sa’t stoarmen oer it Suderlân oanstrûzen komme,
sa komt it út ’e woestyn,
út it lân fan ferskrikking.
2Hurd wie it fizioen dat my iepenbiere is:
De rover oan ’t roovjen,
de fernieler oan ’t fernielen!
Elam, derop ôf, Medië, slút se yn!
Alle suchtsjen meitsje Ik in ein oan.
3De heupen trilje my derfan,
de weeën hawwe my oantaast as in frou dy’t in bern krijt.
Ik bin sa oerstjoer, no’t ik dit heard haw,
sa ferbjustere no’t ik dit sjoen haw.
4It wurdt my dwyl om it hert, ik wurd der kjel fan.
De skimer dêr’t ik oars sa nei útsjoch,
is in ferskrikking foar my wurden.
5De tafel ree meitsje, it kleed deroer en mar ite en drinke?
Oerein generaals, set leaver it skyld yn ’e oalje!
6Want dit hat de Hear tsjin my sein:
Gean hinne en set in wachtpost út,
dy’t trochjout wat er sjocht.
7En mocht er hynder-en-weinen sjen,
weinen mei twa hynders derfoar,
kloften ezels en kamielen,
lit him dan op syn iepenst wêze,
op syn alderiepenst!
8Doe rôp de man dy’t stie út te sjen:
Dei-út dei-yn stean ik op de Heare syn wachttoer, alle nachten stean ik op myn post.
9Mar sjoch, no komt it:
Lju op striidweinen, weinen mei twa hynders derfoar.
En wat se sizze, is dit:
‘Fallen is it, fallen is Babel
en al har goadebylden lizze yn gruzels oer de grûn.’
10O folk, dat se foar My sa terske hawwe,
sa swingele op myn terskflier!
Wat ik heard haw fan ’e Heare Almachtich,
fan de God fan Israel, dat haw ik jimme sein.
Antwurd oan ’e Edomiten
11Utspraak oer Dûma.
Ut Seïr roppe se tsjin my:
‘Wachter, hoe lang is ’t noch nacht?
Wachter, hoe lang is ’t noch nacht?’
12De wachter antwurdet: ‘De moarntyd komt,
mar de nacht likegoed.
As jim derop ynfreegje wolle, freegje dan
en kom werom, ja kom!’
Utspraak oer de Arabieren
13Utspraak tsjin ’e steppe.
Yn it wyldlân fan ’e steppe
moatte jimme oernachtsje, Dedanite-karavanen.
14Gean de toarstige mei wetter temjitte,
jimme dy’t yn it lân Tema wenje,
en bring de flechtling syn brea;
15want foar it swurd binne se op ’e flecht,
foar it útlutsen swurd,
foar de spande bôge
en foar de benearing fan ’e striid.
16Want dit hat de Hear tsjin my sein: It duorret gjin jier mear, – in jier sa’t in deihiersman dat telt – dan is it dien mei alle gloarje fan Kedar 17en sille ûnder syn striders mar in bedroefd bytsje bôgesjitters oer wêze; want de Heare, de God fan Israel, hat it sein.