Profesij oer Etiopië
1Wee it lân dêr’t de wjukken gûnzje,
oare kant de rivieren fan Etiopië,
2it lân dat boaden de Nyl delstjoert
en yn bizen skippen it wiid oergean lit.
Jou jim mar wer ôf, rêde boaden,
nei dat rizige skaai mei glânzich fel,
it folk dat hein en fier de skrik deryn hat,
in naasje sterk fan lea, dy’t alles fertrapet,
mei in lân dêr’t oeral rivieren trochhinne rinne.
3Jim allegearre dy’t de wrâld útmeitsje,
bewenners fan ’e ierde,
as it sein op ’e bergen omheech giet,
slach it dan goed acht,
en as de hoarn klinkt, harkje dan!
4Dit hat de Heare tsjin my sein:
Ut myn wente wei sil Ik it rêstich oansjen,
as de hjitte dy’t trillet boppe de sinnegloede,
as in swiere dauwe yn ’e gleone tiid fan ’e risping.
5Want fóár de risping, as de bloei dien is,
en de blom in rypjende drúf wurdt,
wurde de ranken mei it snoeimes ôfsnien
en wurde de tûken ôfslein en fuortbrocht.
6Alles bliuwt lizzen foar de rooffûgels út ’e bergen
en foar de wylde bisten;
dêr kinne de fûgels by’t simmer yn húsmanje
en de wylde bisten by’t winter.
7Yn dyselde snuorje sil de Heare Almachtich skatting brocht wurde troch dat rizige en glânzige folk, dat hein en fier de skrik deryn hat, de naasje sterk fan lea, dy’t alles fertrapet, mei har lân dêr’t oeral rivieren trochhinne rinne; dy skatting sil brocht wurde op it stee dêr’t de namme fan de Heare Almachtich oan ferbûn is, de berch Sion.