Profesij oer Egypte
1Utspraak oer Egypte.
Sjoch de Heare riden op in rêde wolk
en yn Egypte delkommen.
De Egyptyske ôfgoaden steane foar Him te triljen,
en de Egyptners ûntsinkt alle moed.
2Ik set dy Egyptners tsjininoar op,
dat se tsjininoar begjinne te fjochtsjen,
in elk tsjin syn buorman en syn freon,
stêd tsjin stêd en keninkryk tsjin keninkryk.
3Sa rekket Egypte it ferstân bjuster,
sa meitsje Ik dat it yn syn eigen foarnimmens fertiist,
dat se de ôfgoaden en de geastebeswarders om in útspraak freegje
en de ferstoarnen en de wiersizzers.
4Dan soargje Ik, dat in hurd hearskip
de Egyptners ûnder syn geweld bringt,
en in wrede kening de macht oer harren kriget
– is de godsspraak fan de Heare.
5Dan ferfljocht it wetter fan ’e Nyl,
de rivier droeget alhiel út,
6de slinken begjinne te stjonken,
de earms fan ’e Nyl rinne leech en falle droech,
reid en biis ferwylgje,
7it planteguod oan ’e kant fan ’e Nyl allyksa;
alles wat by de rivier lâns siedde is, ferdroeget,
it ferstoot en wurdt wei.
8De fiskerlju suchtsje en kleie,
allegearre dy’t de angel yn ’e Nyl útsmite,
dy’t it net yn it wetter útbringe,
sitte te krimmenearjen.
9De arbeiders yn it flaaks binne har rie te’n ein,
dy’t kaardzje en weve moatte,
belûke om ’e holle;
10de spinners yn Egypte steane ferslein,
de deihierslju binne allegear mismoedich.
11Grutte ûnferstannen binne it, de hege hearen fan Soän:
dat hjitte no Farao syn fernimstichste riedslju – mar de rie dy’t se jouwe is dwaas.
Hoe kinne jim tsjin ’e Farao sizze:
‘Ja, mar ik kom út in nêst fan wizen?
Ik bin ien út it laach fan ’e âlde keningen?’
12Wêr, wêr binne se dan, dy wize lju fan jo, Farao?
Lit dy jo dan útlizze en te witten dwaan,
wat de Heare Almachtich oer Egypte besletten hat!
13Mei dwaasheid binne se slein, dy hege hearen fan Soän;
dy fan Nof binne it spoar ek bjuster.
Egypte is op ’e doele brocht
troch de foarmannen fan syn eigen stammen.
14De Heare hat har in dwylgeast ynjûn,
se bringe Egypte op ’e doele by al wat it ûndernimt,
dat it stuitelet as in dronken man,
dy’t koarje moat.
15En der bliuwt yn Egypte gjin wurk oer
foar hear noch feint, foar heech noch leech.
16As dy dei komt, wurde de Egyptners sa slop as froulju; se steane fan benaudens te triljen, as de Heare Almachtich syn hân mar ferweecht – en dat docht Er. 17It Judeeske lân sil in skrik foar de Egyptners wurde; as it mar neamd wurdt, dan skrilje se al op fanwegen it beslút dat de Heare Almachtich tsjin har nommen hat – en dat hat Er! 18As dy dei komt, sille der fiif stêden yn Egypte wêze dêr’t se de taal fan Kanaän brûke en dêr’t se swarre by de namme fan de Heare Almachtich; ien dêrfan sil ‘Sinnestêd’ neamd wurde. 19Dy deis sil der yn it hertsje fan Egypte in alter foar de Heare stean, en in wijstien foar de Heare op ’e lângrins. 20Dat sille tekens en bewiisstikken wêze foar de Heare Almachtich yn Egypte; as se dan ûnderdrukt wurde en se roppe om de Heare, dan sil Hy in Ferlosser stjoere, dy’t it foar harren opnimt en dy sil har befrije. 21Dy deis sil de Heare meitsje, dat de Egyptners witte wa’t Hy is. Se sille Him tsjinje mei fleisoffers en moaloffers; se sille de Heare geloften dwaan en dy ek neikomme. 22Sa hat de Heare de Egyptners heilsume slaggen tabrocht; se sille har nei Him takeare en Hy sil Him troch har ferbidde litte en harren better meitsje. 23Dy deis komt der in wei dy’t Egypte mei Assyrië ferbynt; de Assyriërs sille yn Egypte komme en de Egyptners yn Assyrië: en Egypte sil mei Assyrië (de Heare) tsjinje. 24Dy deis sil Israel ien fan ’e trije wêze njonken Egypte en Assyrië, in segen midden yn ’e wrâld. 25Want de Heare Almachtich hat har mei-inoar segene mei de wurden: Segene is myn folk Egypte en Assyrië, dat Ik mei eigen hân makke haw, en Israel, myn erfdiel!