De ferflokkings fan ’e eigenmachtige wetjouwers
1Wee de lju dy’t ûnrjochtfeardige regleminten meitsje
en mei har foarskriften swiere lêsten oplizze,
2de lytse lju har saak ferdraaie
en de earmsten fan myn folk har rjocht ûntkeare,
de widdowen alles ôfnimme
en de wezen útrûpelje.
3Mar hoe moatte jimme dermei oan de deis fan ’e ôfrekken
as it needwaar fan fierrens opsetten komt?
By wa sille jim om help sykje
en wêr moatte jimme mei jim rykdommen hinne?
4Dan bliuwt der neat oer as jin ûnder oaren del te jaan
of yn ’e slach te fallen.
Mar dan noch is syn grime net belune
en hâldt Er de hân yn ’e hichte.
Assyrië, de stôk dêr’t de Heare mei slacht, wurdt brutsen
5Wee de Assyriër, de roede fan myn grime;
hy is de stôk dy’t Ik yn myn grammoedigens hantearje.
6Ik stjoer him op in folk ôf, dat syn God fergetten hat
en tsjin in naasje dy’t myn grime wekker makket, rop Ik him op
om dy út te rûpeljen en leech te plonderjen
en te ferwâdzjen as dridze op ’e strjitten.
7Mar sa hat er it net yn ’e holle,
sa bedoelt er it net;
hy is der allinne op út om te ferdylgjen,
om folken út te roegjen, en net sa’n bytsje.
8‘Myn oanfierders binne stik foar stik keningen!’ seit er.
9‘Is it Kalno net krektsa gien as Karkemisj,
Hamat as Arpad,
Samaria as Damaskus?
10Sa’t myn hân dy ôfgoade-riken wist te finen,
– en har goaden wienen machtiger yn tal as dy fan Jeruzalem en Samaria –
11sa’t ik mei Samaria en syn ôfgoaden dien haw,
soe ik sa ek net dwaan kinne mei Jeruzalem en syn ôfgodsbylden?’
12Mar, as de Hear al syn wurk op ’e berch Sion dien hat, dan sil Er mei de kening fan Assyrië ôfrekkenje oer wat út syn heechhertigens en grutdoggerij fuortkommen is, want dy hat sein:
13‘Ut eigen macht haw ik it allegear beskrept
en troch myn eigen wysheid, want ik wit hoe’t it moat.
Ik haw de grinzen fan ’e folken oan ’e kant reage
en har skatkeamers plondere;
as in bolle haw ik yn ’e minsken omraamd.
14As mei de hân yn in nêst, sa taaste ik yn ’e rykdommen fan ’e naasjes om;
sa’t men ferlitten aaien fandelet
sa haw ik de hiele ierde gearfandele.
Gjin wjuk dy’t ferweegde,
gjin snavel dy’t iepengong of pipe.’
15Set de bile soms in grutte bek op
tsjin de man dy’t dermei slacht,
set de seage it soms yn ’e kant tsjin de man dy’t him brûkt?
Krekt as soe de roede swaaie mei de man dy’t him hantearret,
as soe de stôk ien hantearje, dy’t net fan hout is!
16Dêrom stjoert de Heech-ferhevene,
de Heare Almachtich
de tarring ûnder syn trochfuorre mannen
en ûnder syn glânzich uterlik set
Er in fjoer oan,
dat as in brân útslacht.
17It ljocht fan Israel sil in fjoer wurde
en syn hillige God in lôge,
dy’t de brân yn syn toarnen en stikels jaget
en dy yn ien dei fertart.
18De pracht fan syn wâld en syn hôven
sil Er mei ham en gram fertarre.
It sil wêze as mei in lijer dy’t weikwynt;
19en de beammen dy’t noch fan syn wâld oer binne
sille skoan te tellen wêze,
in jonge soe se wol beskriuwe kinne.
Troch it oardiel ferlost?
20Op dy dei komt it sà: wa’t noch fan Israel oer binne en de bern fan Jakobs staach dy’t ûntkommen binne, dy sille net mear steune op him dy’t har slein hat, mar yn oprjochtens har steun sykje by de Hillige fan Israel. 21Wat oerbliuwt komt werom, wat der fan Jakob oerbliuwt komt werom by de sterke God. 22Want Israel, al is dyn folk sa machtich as it sân fan ’e see, dochs sille der mar in bytsje fan oerbliuwe en weromkomme. It beslút om dy te ferneatigjen is fallen, it rjocht krijt syn folle gerak. 23Ja, dy ferneatiging dêr’t fêst ta besletten is, bringt de Heare God Almachtich te weech oer it hiele lân.
24Dêrom hat de Heare God Almachtich dit te sizzen: Myn folk, jim dy’t op ’e Sion wenje, wês net bang foar Assyrië, al slacht it mei de roede en al hat it de stôk ûnderhelle lykas Egypte eartiids. 25Want noch mar in koart skoft tiid en de grime rint op in ein en myn grammoedigens sil dy lju ferneatigje. 26Dan sil de Heare Almachtich de swipe oer harren lizze, sa’t Er yndertiid Midjan delslein hat op ’e rots Oareb; en syn roede sil Er tsjin harren ûnderhelje, sa’t Er it earder tsjin Egypte dien hat.
27Dy deis komt it sa:
syn lêst sil dij fan it skouder glide
en syn jok sil dij fan ’e nekke skuord wurde.
De ynfal komt
28Hy giet út Samaria wei,
komt op Ajjat ôfsetten,
stekt oer by Migron,
en lit de legertros yn Mikmas bliuwe.
29Hja stekke de berchpas oer,
‘Te Geba wolle wy oernachtsje’ sizze se.
Rama is de skrik yn ’e lea sketten,
Gibeä fan Saul giet op ’e flecht.
30Set it mar op in gûlen, dochter Gallim,
hear dat oan, Laïsj,
jou har antwurd, Anatot!
31It folk fan Madmena siket ûntwyk
en dy fan Gebim meitsje dat se fuortkomme.
32Hjoed slacht de fijân syn kamp al yn Nob op,
hy stekt de fûst al op tsjin de berch fan dochter Sion,
tsjin ’e heuvel fan Jeruzalem.
De rjochtfeardige kening en syn frederyk
33Sjoch, de Heech-ferhevene, de Heare Almachtich,
slacht yn ien klap de tûken ôf;
de heechste beammen wurde delhoud
en de grutste koppen falle kreakjend tsjin ’e grûn.
34Ek de tichtste stikken bosk wurdt de bile yn set
en de Libanon falt troch Him dy’t alles oermânsk is.