1It folk dat yn it tsjuster gean moast,
hat in grut ljocht sjoen;
dy’t yn in lân wennen, swart as de nacht,
binne no fan ljocht oerglânze.
2Jo hawwe har jubel machtich,
en har blydskip grut makke;
se binne bliid foar jo eagen
sa’t men bliid is mei de rispinge,
sa’t men yn jubel útbrekt
by it ferpartsjen fan ’e bút.
3Want it jok dat har ta lêst wie,
de stange dy’t har swier op it skouder lei,
en de stôk fan har driuwer
hawwe Jo yn stikken brutsen as op ’e Midjansdei.
4Ja, de soldatelearzens
dy’t stampend oer de ierde geane,
en de mantels
dy’t troch it bloed helle binne,
dat wurdt allegear branje,
dy’t yn it fjoer fertart.
5Want in bern is foar ús berne,
in soan is ús jûn
en de hearskippij leit op syn skouder.
En se neame him:
Wûnderlike Riedsman, sterke God,
Heit oer alle tiden, Fredefoarst.
6Machtich sil syn hearskippij wêze
en sûnder ein de frede
oer Davids troan en oer syn ryk,
dêr’t er grûn en fêstichheid oan jout
troch rjocht en gerjochtichheid
fan no ôf oant yn ivichheid.
Dat docht de Heare Almachtich
yn syn baarnende leafde.
Gods hân tsjin it Noarderryk
1ste slach: Oorloggen mei Arameeërs en Filistinen
7De Hear hat in wurd tsjin Jakob útgean litten
en it is op Israel delkommen.
8It hiele folk sil it gewaar wurde,
Efraïm en de lju fan Samaria,
de lju dy’t yn har heechmoed en grutskens sizze:
9‘Bakstiennen binne delkommen,
mar wy bouwe mei berchstien wer op;
wylde figebeammen binne delhoud,
– mar wy sette der sederbeammen foar yn ’t plak!’
10Mar de Heare hat makke dat har tsjinstanners har oermânsk waarden,
en hat har fijannen tsjin har oanhise:
11Aram fan foaren en de Filistinen fan achteren,
Israel wie foar harren mar in mûlfol.
Mar nòch is syn grime net belune
en hâldt Er de hân yn ’e hichte.De 2de slach: de revolúsje fan Jehû
12Dochs kearde it folk him net nei Him dy’t har sloech,
en hawwe se de Heare Almachtich net socht.
13Doe hat de Heare Israel kop en sturt ôfsnien,
stâe en plom op ien-en-deselde dei.
14De kop, dat binne de âldsten en de lju fan oansjen;
de sturt, dat binne de profeten dy’t leagen ferkeapje.
15Sa binne de lieders fan dit folk ferlieders wurden
en dy’t har dêrtroch liede lieten,
binne deryn weirekke.
16Dêrom sil de Hear har jongkeardels net sparje
en hat Er gjin meilijen mei har widdowen en wezen.
It binne ommers allegearre goddeleazen en kweadoggers,
dy’t neat oars út ’e mûle komt as healwiis praat.
Mar nòch is syn grime net belune
en hâldt Er de hân yn ’e hichte.De 3de slach: it folk fertart himsels
17Ja wier, de ferkeardens baarnt as in fjoer
dat toarnen en stikels fertart,
ek de tichtste stikken bosk yn ’e brân set,
dat de reekwalm omheech kronkelet.
18Troch de grammoedichheid fan de Heare is it lân swartbaarnd
en is it folk oan it fjoer oerlevere.
19De iene sparret de oare net.
Skrânzje se har oan ’e rjochterkant fol, se bliuwe hongerich;
slokke se oan ’e linkerkant wat op,
se wurde likemin sêd;
se ite allegearre har eigen fleis en bloed op.
20Manasse yt Efraïm op, en Efraïm Manasse,
en tegearre geane se Juda te liif.
Mar noch is syn grime net belune
en hâldt Er de hân yn ’e hichte.