Opskrift
1It wurd dat de Heare Hoséa, de soan fan Beëary, takomme liet yn ’e tiid fan Oezzía, Jotam, Achaz en Hizkía, keningen fan Juda, en yn ’e tiid fan Jerobeäm, de soan fan Joäsj, kening fan Israel.
De húshâlding fan ’e profeet: teken fan en driging oer Israel
2Sa begjint it sprekken fan de Heare troch Hoséa. Hy sei tsjin him:
Gean hinne en nim dy in frou dy’t net fij is fan huorkerij,
dêrst huorrebern by krijste,
want mei him fan de Heare ôf te kearen docht it lân oan huorkerij yn it grut.
3Sadwaande troude er mei Gomer, de dochter fan Diblaïm. Hja waard swier en joech him in soan. 4Doe sei de Heare tsjin him:
Neam him Jizreël – God sil siedzje – want noch mar in hoartsje
en Ik ferrekkenje mei it hûs fan Jehû al it bloed dat se te Jizreël fergetten hawwe,
en meitsje in ein oan it ryk fan Israel en syn keningshûs.
5Dy deis komt it sa, dat Ik de bôge fan Israel
yn ’e delling fan Jizreël oan splinters slach.
6Nei’t se wer swier wurden wie, krige Gomer in dochter. Doe sei de Heare tsjin Hoséa:
Neam har Lo-Rûchama – Gjin-begrutsjen –
want Ik sil tenei gjin begrutsjen mear hawwe mei it folk fan Israel;
Ik sjoch der net langer nei om.
7Mar it folk fan Juda sil Ik wol begrutsjen mei hawwe,
Ik sil harren rêde, Iksels, har eigen God, de Heare;
en Ik sil dat dwaan sûnder bôge, sûnder swurd of oar oarlochsreau,
sûnder hynder of hynstefolk.
8Doe’t se Lo-Rûchama fan ’t boarst ôfwend hie, waard se wer swier. Se krige in soan. 9En de Heare sei:
Neam him Lo-Ammy – Net-myn-folk
– want jimme binne myn folk net,
en Ik bin foar jimme net: Ik-bin.