1Yn dy tiid sil Michael, de grutte foarst, him oppenearje,
dy’t noed stean sil foar de bern fan dyn folk.
It sil in tiid fan benearing wêze,
sa’t der noch noait west hat sûnt der in folk bestie oan dizze tiid ta.
Mar yn dy tiid sil dyn folk ûntkomme,
allegearre dy’t opskreaun binne yn it boek.
2En mannichten dy’t hearre by wa’t sliepe yn ’e moudige grûn,
yn it stof fan ’e ierde,
sille wekker wurde,
dizzen foar in ivich libben,
dy foar in grutte smaad en in ivige ôfgriis.
3De ferstannigen sille blinke as de glâns fan it ferwulft;
dy’t oan in grut tal gerjochtichheid besoargje as de stjerren, foar ivich en altyd.
4En do, Daniël, bergje de wurden op en fersegelje it boek oant de tiid fan ’e ein ta. Party sille it trochsneupe en sa hieltyd mear komme te witten.
Beslút
5En ik, Daniël, seach en sjedêr: dêr stienen twa oaren, de iene oan dizze kant de rivier en de oare oan de oare kant. 6En ien fan har sei tsjin de man yn linnense klaaiing dêr boppe it wetter fan ’e rivier: Hoelang duorret it noch mei dy wûnderbaarlike dingen? 7Doe stiek dy man yn linnense klaaiing sawol de rjochter- as de linkerhân omheech nei de himel ta en ik hearde him swarren by Him dy’t ivich libbet: It sil in tiid, in dûbelde en in heale tiid oanhâlde. As der oan it fermoarzeljen fan ’e macht fan it hillige folk in ein makke wurdt, dan sille al dizze dingen har folle gerak krije.
8Ik hearde it al, mar koe it net begripe, dat ik moast wol sizze: Mynhear, wêr rint it mei dizze dingen op út? 9Hy sei: Gean hjirwei, Daniël, want dy wurden binne opburgen en fersegele oan de eintiid ta. 10Party sille harsels suverje oant se blank en skjin binne. De kweadoggers lykwols sille mei har dwaan ûnder de skuld reitsje. Gjin inkeldenien fan har sil ynsjoch hawwe, mar de ferstannigen sille begripe. 11Fan ’e tiid ôf dat it deistige offer oan ’e kant set en in grouwélich ding delset wurdt, sil it tolvehûndertennjoggentich dagen duorje. 12Lokkich hy dy’t it úthâldt en de trettjinhûndertfiifentritich hellet. 13Mar do, gean fierder, op ’e ein yn. Do silst rêste en oan ’e ein fan ’e dagen oereinkomme en krije wat foar dy weilein is.