Lêste fermoannings
1Hâld der net mei op elkoar as bruorren en susters yn Kristus leaf te hawwen. 2Tink derom, gastfrij te wêzen; want dêrtroch hawwe guon oan ingels ûnderdak jûn, sûnder dat se it wisten. 3Tink om har dy’t yn it tichthús sitte, as wienen jimme sels yn ’e boeiens slein. Tink om har dy’t mishannele wurde, om’t jimme sels ek in lichem hawwe.
4Lit it houlik by allegearre yn eare wêze en man en frou inoar trou bliuwe; want dy’t ûnseedlik libje en de trou brekke, sil God sels oardielje.
5Libje net as ien dy’t fûl op jild is, wês tefreden mei wat jimme hawwe. God sels hat ommers sein: Ik sil dy noait allinne litte, Ik gean noait by dy wei. 6Wy kinne dêrom fol betrouwen sizze:
De Hear is myn help,
ik sil net bang wêze,
wat kinne minsken my dwaan?
7Ferjit jimme foargongers net, dy’t jimme it wurd fan God brocht hawwe. Hâld foar eagen hoe’t har libben ôfrint: nim har leauwen as foarbyld.
8Jezus Kristus is juster en hjoed deselde en yn der ivichheid.
9Lit jimme net op ’e doele bringe troch allerhanne frjemde learingen. Want it is goed, dat it herte sterk makke wurdt troch de genede fan God en net troch regels oer iten; wa’t it dêryn sykje, hawwe der neat mei bedijd. 10Wy hawwe in alter dêr’t de tsjinners fan ’e tinte neffens rjocht net fan ite meie. 11Want de hegepryster bringt it bloed fan ’e offerbisten yn it hillichdom om de sûnden te fermoedsoenjen. Mar de lichems wurde ferbrând bûten it legerkamp. 12Dêrom hat ek Jezus bûten de (stêds)poarte lit, om it folk mei syn eigen bloed te hilligjen. 13Lit ús dan nei Him ta gean, bûten it legerkamp en syn smaad meidrage. 14Want wy hawwe hjir net in stêd dy’t bliuwt, mar wy sykje al weroan de stêd fan ’e takomst.
15Lit ús dêrom troch Jezus oanienwei ús lof as offer bringe oan God, te witten de hulde fan lippen dy’t foar Him útkomme. 16Ferjit net om goed te dwaan en mei elkoar te parten, want dat binne de offers dy’t God oansteane.
17Harkje nei jimme foargongers en jou jim ûnder har del. Want sy steane nacht en dei noed fan jimme heil om’t se dêr rekkenskip fan jaan moatte. Soargje dat se dat mei blydskip dwaan meie en net al suchtsjendewei, want dat soe jimme gjin fertuten dwaan.
18Bid foar ús. Wy binne der wis fan, dat wy in suver gewisse hawwe, want wy besykje ús yn alle ding ta deugd oan te stellen. 19Nammerste mear freegje ik jimme om foar my te bidden, dat ik nammerste earder oan jimme weromjûn wurde mei.
Slot
20De God dy’t frede jout, hat ús Hear Jezus út ’e deaden werombrocht, de hoeder fan ’e skiep, dy’t grut is troch syn dea, dêr’t Er in ivich ferbûn mei fersegele hat. 21Mei dy God jimme yn steat stelle ta alle goeds, om te dwaan wat Hy wol en yn ús wurkje wat Him oanstiet, troch Jezus Kristus. Oan Him mei de gloarje wêze yn der ivichheid. Amen.
22Ik freegje jimme, bruorren, nim dit wurd fan fermoanning goed op, want it is mar in koarte brief dy’t ik jimme stjoer.
23Jimme moatte witte, dat ús broer Timóteüs loslitten is. Sa gau’t er komt, sil ik mei him jimme opsykje.
24Doch de groetenis oan al jimme lieders en alle mei-kristenen.
De bruorren út Italië dogge jimme de groetenis.
25Mei de genede mei jimme allegearre wêze.