Wês trou
Wy hawwe sa’n macht getugen om ús hinne. Dêrom moatte wy alles dat ús hinderet, ôflizze, benammen de sûnde dêr’t wy sa maklik yn fertiisd reitsje, en dan mei stânfêstens de baan dy’t foar ús leit, útrinne. Hâld Jezus yn it each, dy’t ús liedt en ta de folsleinens bringt op ’e wei fan it leauwen. De freugde lei foar Him, mar ynpleats hat Er it krús op Him nommen en dy skande net teld en hat dan ek sit nommen oan ’e rjochterhân fan ’e troan fan God. Tink dan oan Him, dy’t safolle tsjinstân fan ’e sûnders ferneare woe. Jimme moatte de moedfearren net hingje litte en gjin belies jaan.
Jimme hawwe yn jimme striid tsjin ’e sûnde noch net sa fochten, dat it bloed der nei gong. En it is jimme fergetten hoe’t God jimme oantreastget en tsjin jim as syn bern seit:
Myn soan, gean net licht oer de tucht fan de Hear hinne,
mar lit ek as Er jimme straft,
de moedfearren net hingje.
Want de Hear straft wa’t Er leafhat,
Hy kastijt elk dy’t Er as soan oannimt.
Jimme moatte dit as straf ta jimme bêst drage: God behannelet jimme as syn bern. Want is der wol ien soan dy’t noait straft wurdt troch syn heit? Alle bern krije har part oan straf. As jimme net straft wurde, dan binne jimme oérwinnelingen en gjin echte bern. Sa net: as ús ierdske heiten ús straften, woenen wy wol om lyk. Sille wy ús dan net nammerste mear deljaan ûnder de Heit fan alle libben en sa it libben winne? Want sy hawwe ús in koart skoftke ûnder de tucht hân en dat dienen se nei har bêste witten, mar Hy docht it ta ús bêst, dat wy diel krije soenen oan syn hilligens. No sit it mei straf sa: op it stuit dat jo straft wurde, is dat lang net noflik, earder fertrietlik. Mar as jo dêrtroch foarme binne, jout dat op ’en doer libben yn frede en gerjochtichheid.
Dêrom: stek de sleauwe hannen út en set de sloppe knibbels rjocht, hâld de rjochte paden, dat it kreupele net út it potsje rekket, mar al sa leaf better makke wurdt.
Warskôging om Gods genede net te fersmiten
Doch jimme bêst om frede te hâlden mei alle minsken en sykje de hilligens, want dêrsûnder sil net ien de Heare sjen. Tink derom, dat net ien de genede fan God ferspilet. Lit gjin bitter túch omheech sjitte, dat suver de hiele gemeente mei syn fergif oanstekke soe. Net ien mei ûnseedlik of ûnferskillich wêze, lykas Ezau, dy’t foar ien miel iten syn rjocht as earstlingssoan ferkwânsele. Jimme witte ommers, dat er letter, doe’t er dochs oanspraak makke op syn heite segen, ôfstegere waard. Hy hie gjin mooglikheid om himsels te feroarjen, al socht er dy mei triennen.
Want jimme binne net lykas Israel kommen nei de berch Sinai, in taastbere berch. Jim hawwe gjin lôgjend fjoer meimakke, gjin tongerloften, neare nacht en stoarmwyn, gjin klank fan ’e trompet, gjin stimme dy’t sa droanend spriek, dat sy dy’t it hearden, smeekten, der soe gjin wurd mear tsjin har sein wurde. It befel: Sels it bist dat oan ’e berch roert, moat stiennige wurde, koenen se ommers net ferneare. En sa skriklik wie wat se seagen, dat Mozes sei: Ik trilje oer myn hiele lea fan benaudens.
Mar jimme binne kommen nei de berch Sion en nei de stêd fan ’e libbene God, it himelske Jeruzalem mei syn tsientûzenen fan ingelen. Jimme binne kommen nei de feestlike gearkomste fan earstlingssoannen dy’t opskreaun binne yn ’e himel en by God, dy’t rjochter is oer alle minsken, en by de geasten fan ’e rjochtfeardigen dy’t ta de folsleinens kommen binne; en nei Jezus, de Middeler fan in nij testamint mei syn bloed dat sprinkele is en dat fan heger dingen sprekt as Abel.
Tink der dan om dat jimme God dy’t sprekt, net ôfstegerje. Want as hja net ûntkommen binne doe’t se net harkje woenen nei Him dy’t op ierde (ta har) spriek, nammerste minder sille wy ûntkomme as wy ús ôfkeare fan Him dy’t út ’e himel sprekt. Doe hat syn stimme de ierde skodzje litten, no lykwols hat Er tasein: Noch ien kear bring Ik de ierde yn ûnstjoer en de himel derby. Dat ‘noch ien kear’ wiist nei de feroaring fan ’e dingen dy’t wankel binne. Dat is om de dingen dy’t net wankelje kinne, bliuwe te litten.
Lit ús dan tankber wêze, om’t wy in keninkryk krije dat net wankelje kin, en sa God oanbidde lykas Hy it graach wol, mei earbied en ûntsach. Want ús God is in frettend fjoer.