God hat sprutsen troch syn Soan
1Hat God eartiids wit-hoe-faak en op wit-hoe-folle wizen ta ús foarâlden sprutsen troch de profeten, 2no, yn dizze lêste dagen, hat Er ta ús sprutsen troch de Soan. Dy hat Er oansteld as erfgenamt fan alles. Troch Him hat Er de wrâld ek makke. 3Hy is de ôfglâns fan Gods hearlikheid en de ôfprint fan syn wêzen en Hy draacht it hielal troch syn machtich wurd. Nei’t Er troch syn wurk ús de sûnden ôfwosken hie, hat Er sit nommen oan ’e rjochterhân fan ’e Majesteit yn ’e hege himel. 4Hy stiet no sa fier boppe de ingels as de namme dy’t Er krige hat, boppe harres útgiet.
De Soan boppe de ingels
5Hat God oait tsjin in ingel sein:
Myn Soan bisto,
hjoed bin Ik Heit fan Dij wurden?
en fierder:
Ik sil in Heit foar Him wêze
en Hy sil in Soan foar My wêze?
6Wannear’t Er syn earstberne Soan nochris yn ’e wrâld komme lit, seit Er:
Al Gods ingels moatte Him hulde dwaan.
7En fan ’e ingels seit Er wol:
Dy’t syn ingels fleane lit as de stoarmwyn
en syn tsjinners lôgje lit as fjoer.
8Mar fan ’e Soan:
Dyn troan, O God, stiet foar alle ivichheid.
Dêrsto kening bist, hearsket it rjocht.
9Gerjochtichheid hasto leafhân en ûngerjochtichheid hate.
Dêrom hat, o God, dyn God Dy salve mei freugde-oalje boppe dyn gelikens.
10En:
Do, Hear, hast yn it oanbegjin de ierde grûndearre
en de himel is it wurk fan dyn hannen.
11Dy sille fergean, mar Do bliuwst bestean.
Ja, allegearre sille se slite as in stik klean,
12as in mantel silsto se opteare,
as klean dêr’t men wat oars foar oanlûkt.
Do lykwols bist altiten deselde
en dyn jierren sil gjin ein fan wêze.
13Hat Er oait tsjin in ingel sein:
Gean sitten oan myn rjochterhân
oant Ik fan dyn fijannen in fuotbank foar Dy meitsje?
14Wat binne de ingels oars as geasten dy’t God tsjinje en dy’t Er útstjoert om de minsken dêr’t it heil foar weilein is, te helpen?