Bliuw trou oan it heil
1Dêrom moatte wy safolleste mear oanhâlde op wat wy heard hawwe, om net ôf te driuwen. 2Want it wurd dat ingels sprieken, hie krêft fan wet en elk dy’t tsjin ’e wet yngong en net harkje woe, krige syn fertsjinne straf. 3Hoe sille wy dan ûntkomme, as wy sa’n grut heil net achtslagge? De Hear sels hat der earst fan sprutsen en dy’t it heard hawwe, hawwe it ús mei wissichheid ferteld. 4En God sels hat oan har tsjûgenis krêft byset troch tekens, wûnders en allerhanne machtige dieden en troch it útdielen fan ’e hillige Geast lykas Hy dat woe.
Kristus is middeler, de ingels net
5Want net oan ’e ingels hat Er de takommende wrâld, dêr’t wy it oer hawwe, yn ’e macht jûn. 6Mar earne yn ’e Skrift jout ien dit tsjûgenis:
Wat is de minske, dat Jo oan him tinke,
of it minskebern, dat Jo him achtslagge?
7Jo hawwe him in skoftke leger set as de ingels,
Jo hawwe him mei hearlikheid en eare kroane.
8Alle dingen hawwe Jo him yn ’e macht jûn.
Yn dat ‘alle dingen yn ’e macht jûn’, is neat útsûndere dat him net yn ’e macht jûn wêze soe. Mar dat sjogge wy no noch net. 9Mar wy sjogge hoe’t Jezus, dy’t foar in skoftke leger set is as de ingels, no mei hearlikheid en eare kroane is, om’t Er de dea ûndergien hat. It wie Gods genede, dat Er de dea foar elkenien ûndergien hat.
10God is de boarne en it doel fan alle dingen. It joech foech, dat Er Him dy’t de wei fan it heil foar ús iepen leit, troch lijen hinne ta folsleinens brocht. Sadwaande hat Er gâns soannen ta himelske hearlikheid brocht. 11Hy dy’t hillich makket en hja dy’t hillige wurde, hawwe allegearre ien Heit. Dêrom skammet Er Him der net foar har bruorren te neamen, 12mei’t Er seit:
Ik sil jo namme oan myn bruorren ferkundigje,
midden yn ’e gemeente sil Ik jo lof sjonge.
13En fierder:
Ik sil myn betrouwen op God sette,
en nochris:
Hjir bin Ik mei de bern dy’t God My jûn hat.
14Dy bern hawwe fleis en bloed meikrige. Dêrom hat Hysels dêr krektsa diel oan nommen, om troch syn dea him dy’t de macht oer de dea hat, de duvel, oan kant te reagjen, 15en har te ferlossen dy’t troch frees foar de dea har hiele libben lang ta slavernij ferfallen wienen. 16Want it is wol dúdlik dat Er Him net oer ingels ûntfermet, mar oer Abrahams neiteam. 17Dêrom moast Er yn alles syn bruorren gelyk wurde, dat Er in barmhertich en trou hegepryster yn tsjinst fan God wêze soe, om de sûnden fan it folk te fermoedsoenjen. 18Want dy’t troch de sûnde oanfochten wurde, kin Hy helpe: Hy dy’t sels lit hat en troch de sûnde oanfochten west hat.