5Dit hat God de Heare te sizzen: Sa stiet it no mei Jeruzalem, dat Ik midden tusken de folken set haw mei de oare lannen deromhinne. 6Mar dy stêd hat it tsjin myn rjochtsregels en myn oarderingen yn ’e kant set, noch helte slimmer as de heidenfolken en de lju út ’e lannen om har hinne; ja, myn oarderingen hawwe se oan ’e kant skood en myn rjochtsregels hawwe se har net oan holden. 7Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Om’t jimme it noch helte mear yn ’e kant set hawwe as de heidenfolken om jim hinne, jim net oan myn oarderingen holden hawwe en myn rjochtsregels net neikommen binne, ja sels dy fan ’e heidenfolken om jim hinne net iens neikommen binne, 8dêrom hat God de Heare dit te sizzen: No kear Ik My tsjin dy; ja, Iksels sil rjochtdei by dy hâlde, dat dy heidenfolken it mar sjen kinne. 9Ik sil dij oandwaan, wat Ik noch noait earder dien haw en sa’t Ik it ek noait wer dwaan sil, sa skandlik is it, watsto dien hast. 10Dêrom sille by dij heiten har bern opite, Jeruzalem, en bern har heiten en Ik sil rjochtdei by dy hâlde en al wat dan noch fan dy oer is, op alle winen ferstruie. 11Dêrom, sa wier as Ik libje, – is de godsspraak fan God de Heare – omdatsto myn hillichdom besmodze hast mei al dyn groulikheden en skandlike praktiken, dêrom nim Ik dy no ûngenadich ûnder it mes; no sil Ik fan myn kant neat en nimmen sparje. 12Ien tredde part fan dyn folk sil oan de pest stjerre of yn ’e stêd omkomme fan ’e honger; ien tredde part sil yn ’e omkriten komme te fallen troch it swurd en ien tredde part sil Ik op alle winen ferstruie en dêr gean Ik mei it swurd achteroan. 13Sa sil myn grime syn útwei fine, sa sil Ik myn grammoedichheid op harren kuolje en ta myn doel komme. En as Ik myn grime tsjin harren syn útwei jûn haw, dan witte se wol, dat Ik de Heare, yn myn neigeande leafde sprutsen haw. 14Dan meitsje Ik fan dij in púnheap dêr’t de folken om dy hinne skande fan sprekke, en elkenien dy’t dêr lâns komt, kin it mar sjen. 15In stik skande en hún, in warskôging en in ôfskrik, dat silst wêze foar de heidenfolken om dy hinne, wannear’t Ik rjochtdei oer dy hâld yn grime en grammoedichheid en dij grimmitich straf. Ik, de Heare, haw sprutsen. 16As Ik de ûnheilspylken fan ’e honger op jim ôfsjit, dy’t jimme yn it ûngelok stoarte sille en dy’t Ik dêrom ôfsjit, dan bring Ik dêrmei de honger oer jimme en de krapte fan brea. 17Ik stjoer de honger en de wylde bisten op jim ôf, dy’t jim de bern ôfhelje; pest en moarderij sille ûnder jim omgean en it swurd lit Ik oer jim komme; Ik, de Heare, haw sprutsen.