De timpelrivier
1Doe brocht er my werom nei de yngong fan ’e timpel en dêr seach ik wetter ûnder de drompel fan ’e timpel wei rinnen, nei it easten ta, want de foarkant fan ’e timpel wie op it easten. Dat wetter rûn by de rjochter sydmuorre fan ’e timpel lâns nei ûnderen, besuden it alter. 2Hy brocht my de noarderpoarte út en naam my bûten-om mei nei de bûtenste poarte op it easten. Dêr seach ik it wetter út ’e rjochter sydmuorre rinnen. 3Doe gong de man de eastkant op: Hy hie in mjitsnoer yn ’e hân. Hy meat tûzen jellen op en liet my troch it wetter rinne. It wetter kaam my oan ’e ankels ta. 4Hy meat wer tûzen jellen ôf en liet my wer troch it wetter rinne. No kaam it my oan ’e knibbels ta. Wer meat er tûzen jellen ôf en liet my wer troch it wetter rinne. No kaam it my oan ’e mul ta. 5En doe’t er nochris tûzen jellen ôfmetten hie, wie it in rivier dy’t ik net bedjipje koe, want it wetter stie no sa heech, dat men koe der allinne swimmende oer: in net te bedjipjen rivier.
6Hy sei tsjin my: Hast it sjoen, minskesoan? Doe helle er my wer op ’e kant fan ’e rivier. 7Doe’t ik wer op ’e wâl wie, seach ik oan wjerskanten allegear beamguod stean. 8Dit wetter, sei er tsjin my, rint nei de eastlike kontreien ta en dan yn ’e Jordaanflakte del; it komt út yn ’e Deade See mei it bittersâlte wetter en dat sil der farsk fan wurde. 9Ja, it komt sa, dat alle libbene wêzens dy’t der mar omwrimelje, libje kinne, oeral dêr’t dizze rivier lâns rint. It sil allegear fisk wêze, want wêr’t dit wetter mar komt, dêr wurdt alle wetter farsk. 10Ja, wêr’t dizze rivier komt, sil it brûze fan libben. Ja, it komt sa, dat der fan En-gêdy ôf oan En-eglaïm ta fiskers op ’e wâlen stean sille en har netten druie; allerhanne soarten fisk sille der wêze, en by’t soad, krekt as yn de Grutte See. 11Syn sompen en syn puollen lykwols sil gjin feroaring yn komme; dy bliuwe der om sâlt te winnen.
12En by de rivier lâns sille oan wjerskanten allerhanne fruchtbeammen opwaakse. De blêden dy’t deroan sitte, ferwylje net en der sitte altyd fruchten oan: alle moannen jouwe se nije, want it wetter dat se krije, komt út it hillichdom; dêrom binne it fruchten om te iten en de blêden binne medisyn.
De grinzen fan it nije lân
13Dit hat God de Heare te sizzen: Dit binne de grinzen fan it lân dat jimme as erflik diel ûnder de tolve stammen fan Israel ferparte moatte; Joazef krijt dan in dûbel part. 14Jimme krije allegearre in erflik diel ûnder de tolve stammen fan hichte haw Ik jim foarâlden sward, dat Ik it har jaan soe; dat lân sil jim yn erfdielen tafalle. 15Dit binne de grinzen fan it lân: de noardkant rint fan ’e Grutte See ôf by Chetlon lâns nei Sedada ta. 16Dan oer Hamat, Berotá, Sibraïm, dat tusken it gebiet fan Damaskus en dat fan Hamat leit, en it middelste Chazer, op ’e grins fan Chauran. 17De grins fan ’e See ôf nei Chazar-Enon ta sil dus sà rinne, dat it gebiet fan Damaskus en Hamat der noardlik fan bliuwt. Dat is dan de noardkant. 18De eastkant: tusken Chauran en Damaskus en tusken Gileäd en it lân Israel makket de Jordaan de grins út oan ’e eastlike see ta; dat is dan de eastkant. 19De súdkant, de grins op it suden: fan Tamar ôf oan it wetter fan Meriba ta en fan Kadesj by de Beek lâns oan ’e Grutte See ta; dat is dan de súdkant, de grins op it suden. 20No de westkant: dêr is de Grutte See de grins oant lyk foar de wei fan Hamat. Dat is de westkant.
De ferdieling fan it lân
21Dat lân no moatte jimme as stammen fan Israel ûnder inoar ferdiele. 22Dat moatte jimme troch lotsjen as erflik besit tafalle litte oan jimsels en oan ’e frjemdlingen, dy’t ûnder jimme tahâlde en dy’t yn jim fermidden bern krige hawwe. Jimme moatte har meitelle, as wienen it Israeliten-fan-hûs-út: likegoed as jimme sil harren ûnder de stammen fan Israel in erfdiel tafalle. 23Sa sil it gean: yn it stamgebiet dêr’t de frjemdling tahâldt, moatte jimme him syn erfdiel jaan, is de godsspraak fan God de Heare.