1Dit binne de nammen fan ’e stammen: Heech yn it noarden, de wei nei Chetlon lâns oan ’e wei nei Hamat en Hazar-Enon ta, mei oan ’e noardkant it gebiet fan Damaskus, by Hamat lâns, krijt Dan ien diel, dat fan ’e eastgrins oan ’e westgrins tarint. 2Tsjin it gebiet fan Dan oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Azer ien diel. 3Tsjin it gebiet fan Azer oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Naftaly ien diel. 4Tsjin it gebiet fan Naftaly oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Manasse ien diel. 5Tsjin it gebiet fan Manasse oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Efraïm ien diel. 6Tsjin it gebiet fan Efraïm oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Rûben ien diel. 7Tsjin it gebiet fan Rûben oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Juda ien diel. 8Tsjin it gebiet fan Juda oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, komt it diel te lizzen dat jim apart hâlde moatte, de heffing: 25.000 jellen breed en like lang as elk fan ’e oare dielen fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta en it hillichdom komt dêr middenyn te lizzen. 9It diel dat jim foar de Heare apart hâlde, moat 25.000 jellen lang wêze en 20.000 breed. 10Fan dat hillige diel komt oan ’e prysters in stik dat oan ’e noardkant 25.000 jellen mjit, oan ’e westkant 10.000, oan ’e eastkant 10.000 en oan ’e súdkant 25.000. En it hillichdom foar de Heare komt dêr middenyn te lizzen. 11Dat stik komt dus oan ’e prysters dy’t hillige binne, de Sadokiten, dy’t myn tsjinst trou waarnommen hawwe en dy’t net mei it folk fan Israel it ferkearde paad opgongen – wat de Leviten wol dienen. 12Dit stik wurdt út it ôfsûndere diel fan it lân foar de prysters apart hâlden en sil heechhillich wêze; it leit tsjin it gebiet fan ’e Leviten oan.
13Want de Leviten krije ek in gebiet fan 25.000 jellen lang en 10.000 breed, lykoprinnend mei dat fan ’e prysters. It hiele stik is dan 25.000 jellen lang en 20.000 breed. 14Hja meie dêr neat fan ferkeapje of ferruilje: it bêste fan it lân mei net yn oare hannen ferfalle, want it is de Heare tawijd.
15De 5.000 jellen dy’t der oer binne op ’e breedte fan 25.000, dat wurdt in net-hillich stik foar de stêd, om te brûken as bouterrein en weidlân; de stêd komt dêr middenyn te lizzen. 16Dizze ôfmjittings kriget de stêd: de noardkant 4500 jellen, de súdkant 4500, de eastkant 4500 en de westkant 4500. 17As weidlân komt oan ’e stêd: op it noarden 250 jellen, op it suden 250, op it easten 250 en op it westen 250. 18Dan bliuwt der oan ’e lange kant noch in stik oer lykop mei it hillige diel: 10.000 jellen nei it easten en 10.000 nei it westen ta – hielendal lykop mei it hillige diel: fan wat dat opbringt moatte de stêdswurklju ûnderholden wurde. 19Dy’t foar de stêd arbeidzje, moatte út alle stammen fan Israel nommen wurde.
20It hiele ôfsûndere diel moat 25.000 by 25.000 jellen wêze; dat hillige diel moat in fjouwerkant wêze, it stêdseigendom derby rekkene. 21Wat der oerbliuwt, in stik oan wjerskanten fan it hillige diel en it stedseigendom, komt oan ’e foarst; eastlik by de 25.000 jellen fan it ôfsûndere diel lâns oan ’e eastgrins ta en westlik by de 25.000 lâns oan ’e westgrins ta, lykop mei de oare dielen, dy fan ’e stammen, dat is foar de foarst. Sa komme it hillige diel en de hillige timpelgrûn dêr middenyn te lizzen. 22Fan it besit fan ’e Leviten en dat fan ’e stêd ôf – dy’t tusken de foarst sines yn lizze – sil alles tusken it gebiet fan Juda en dat fan Benjamin, de foarst sines wêze.
23Wat de oare stammen oanbelanget, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta krijt Benjamin ien diel. 24Tsjin it gebiet fan Benjamin oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Simeön ien diel. 25Tsjin it gebiet fan Simeön oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Issaskar ien diel. 26Tsjin it gebiet fan Issaskar oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Sebûlon ien diel. 27Tsjin it gebiet fan Sebûlon oan, fan ’e eastgrins oan ’e westgrins ta, krijt Gad ien diel. 28Tsjin it gebiet fan Gad oan, op ’e súdkant nei it suden ta, komt de grins fan Tamar ôf, oer it wetter fan Meriba, oer Kadesj en by de Beek lâns nei de Grutte See ta te rinnen. 29Dat is it lân dat jim as erflik besit oan ’e stammen fan Israel tafalle litte sille: – dat binne har erfdielen, is de godsspraak fan God de Heare.
De nije stêd
30aDit sille de útgongen fan ’e stêd wêze: 31aDe stêdspoarten krije de nammen fan Israels stammen. 30bOan ’e noardkant – dy’t 4500 jellen mjit – 31bkomme trije poarten: de Rûbenspoarte, de Juda-poarte en de Levy-poarte. 32Oan ’e eastkant – dy’t 4500 jellen mjit – komme trije poarten: de Joazef-poarte, de Benjamin-poarte en de Dan-poarte. 33Oan ’e súdkant – dy’t 4500 jellen mjit – komme trije poarten: de Simeön-poarte, de Issaskar-poarte en de Sebûlon-poarte. 34En oan ’e westkant – dy’t 4500 jellen mjit – komme trije poarten: de Gad-poarte, de Azer-poarte en de Naftaly-poarte. 35Hielendal dêromhinne is 18.000 jellen. Fan dy dei ôf sil de namme fan ’e stêd wêze: Dêr is de Heare.