Ezechiël 41
1Doe naam er my mei nei de timpel sels; hy meat de doarstilen op: seis jellen breed oan beide kanten. 2De yngong wie tsien jellen breed en de muorreflakken oan wjerskanten elk fiif jellen. Hy meat de lingte fan ’e timpelromte: fjirtich jellen, en de breedte: tsien jellen. 3Doe gong er nei de binnenste romte en meat de pylders by de yngong: twa jellen. De yngong sels wie seis jellen en it muorreflak nêst de yngong oan beide kanten sân jellen. 4Hy meat de lingte fan ’e binnenste romte: tweintich jellen, en de breedte wie lykas dy fan de timpelromte: tweintich jellen. Hy sei tsjin my: Dit is it Allerhillichste.
De timpel sels en de ombou
5Hy meat de muorre fan de timpel op: seis jellen en de breedte fan ’e ombou: fjouwer jellen en dat hielendal om ’e timpel hinne. 6De sydkeamers leinen yn trije lagen boppe-inoar, yn elke laach tritich; en mei it each op ’e sydkeamers sprong de muorre fan ’e timpel rûnom in eintsje yn om hâld te krijen foar de ombou, want dy mocht net yn ’e muorre fan ’e timpel sels fêstset wurde. 7De ombou waard nei boppen ta hieltyd breder. Sa wie it om de hiele timpel hinne; fan ’e ûnderste ferdjipping koe men troch de middelste op ’e boppenste komme.
8Ik seach, dat der in stoepe om ’e hiele timpel hinne wie as fûnemint foar de sydkeamers: in hiele roede breed, dat is seis jellen. 9De bûtenmuorre fan ’e ombou hie in dikte fan fiif jellen; de romte dy’t frij bleau tusken de sydkeamers fan ’e timpel 10en de keamers fan ’e ombou, wie tweintich jellen breed; en dy rûn om ’e hiele timpel hinne. 11De doaren fan ’e sydkeamers kamen út op dy frije romte; de iene doar op it noarden en de oare op it suden; de breedte fan ’e frije romte wie oeral fiif jellen.
12It gebou dat dy romte oan ’e westkant ôfsleat, wie santich jellen lang, de muorre fan dat gebou, wie oeral fiif jellen dik en njoggentich jellen lang. 13Doe meat er de timpel sels: hûndert jellen lang; de ôfsketten romte, it bygebou en de muorren derfan wienen mei-inoar ek hûndert jellen. 14De breedte fan ’e foargevel fan ’e timpel en de ôfsketten romte op it easten wie mei-inoar ek hûndert jellen. 15Hy meat de lingte fan it gebou oan ’e achterkant fan ’e ôfsketten romte en de beide sydmuorren: mei-inoar hûndert jellen.
Muorrebeklaaiing en ynrjochting fan ’e timpel
De binnenkant fan ’e timpel en fan ’e portealen oan it foarhôf 16wie mei hout besketten; dat hienen se ek dien mei de bline finsters en de trije muorren foar de yngong oer. Fan ’e grûn ôf oan ’e finsters ta, 17fan ’e yngong ôf oan it Allerhillichste ta, wienen oeral op ’e muorren fan binnen en fan bûten figueren útsnien: 18kearûb-ingels en palmbeammen – hieltyd ien palmbeam tusken twa ingels yn – en alle ingels hienen twa gesichten, 19in minskegesicht nei de palmbeam oan ’e iene kant ta en in liuwegesicht nei de palmbeam oan ’e oare kant ta; sa wie it de hiele timpel oer dien. 20Fan ’e flier ôf oant boppe de yngong wienen dy ingels en palmbeammen op ’e muorre makke.
21De timpel hie fjouwerkante doarposten. Oan ’e foarkant fan it Allerhillichste wie wat dat like op 22in houten alter, trije jellen heech en twa jellen lang en breed. De hoekstikken, it fuotstik en de sydkanten wienen fan hout. Doe sei er tsjin my: Dit is no de tafel dy’t foar it antlit fan de Heare stiet.
23De timpel hie in dûbel stel doarren en it Allerhillichste ek. 24Dy doarren bestienen út twa helten dy’t draaie koenen, twa foar de iene doar en twa foar de oare. 25Op dy timpeldoarren wienen ek ingels en palmbeammen útsnien, krekt as op ’e muorren. Oan ’e bûtenfoarkant fan it foarporteal siet in houten ôfdak. 26Beide sydmuorren fan it foarporteal hienen bline finsters en palmbeammen. Oan ’e ombou sieten ek ôfdakken.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap