Ynlieding
1Yn it fiifentweintichste jier fan ús ballingskip, op ’e tsiende fan ’e earste moanne, yn it fjirtjinde jier nei de ferwoesting fan ’e stêd, krekt op dy dei, lei de Heare de hân op my en brocht my dêrhinne: 2yn godlike fizioenen brocht Er my nei it lân fan Israel en sette my del op in tige hege berch; it like, dat der oan ’e súdkant in stêd op boud wie. 3Doe’t Er my dêrhinne brocht, wie dêr in man te sjen, dy’t wol fan brûns like. Hy hie in linnense koarde yn ’e hân en in mjitroede; sa stied er yn ’e poarte. 4Dy man spriek my oan: Minskesoan, sjoch goed út dyn eagen, harkje mei beide earen en lit dy neat ûntkomme fan wat ik dy sjen lit, want dêrfoar bist hjirhinne brocht. Doch alles watst te sjen krijst, oan it folk fan Israel te witten.
It binnenste foarhôf en de poarten
5No wie dêr in timpel mei in muorre der hielendal omhinne en de man hie in mjitroede yn ’e hân fan seis jellen lang – lange jellens, in palm langer as in gewoane. Hy meat de breedte en de hichte fan it muorwurk: beide ien roede.
6Doe kaam er by de poarte op ’e eastkant; dêr gong er de treppen op en meat de drompel fan ’e poarte: ien roede breed. Doe de oare drompel: ek ien roede breed. 7-8Elke sydkeamer wie ien roede lang en ien roede breed; tusken de sydkeamers wie in romte fan fiif jellen; de poartedrompel oan ’e binnenkant fan it poarteporteal wie wer ien roede. 9Doe meat er it poartehûs op; acht jellen, en de útstykjende doarstilen wienen twa jellen; it poartehûs lei nei binnen ta. 10De poarte op ’e eastkant hie oan wjerskanten trije sydkeamers. Dy hienen alle trije deselde ôfmjittings en de útstykjende doarstilen oan wjerskanten hienen ek deselde ôfmjittings. 11Fierder meat er de breedte fan ’e poarte-yngong; dy wie tsien jellen breed en de poartetrochgong wie oer de hiele lingte trettjin jellen breed. 12Foar de sydkeamers oan wjerskanten lei in râne fan ien jellen heech; de keamers sels wienen seis by seis jellen. 13Doe meat er de poarteromte op fan ’e achterkant fan ’e iene sydkeamer oant de achterkant fan dy oan ’e oare kant: fiifentweintich jellen breed fan ’e iene doar nei de oare. 14Sa die er ek mei de doarstilen: tweintich jellen; it poartegebou rûn yn it foarhôf op. 15Fan ’e bûtenkant fan ’e poarte-yngong ôf oan de bûtenkant fan it binnenste poarteporteal ta wie it fyftich jellen.
16Oan ’e binnenkant fan ’e poarte sieten oeral traljefinsters; yn ’e sydkeamers, de útspringende doarstilen en yn it poarteporteal wie it krektsa; dêr sieten ek oan alle kanten finsters yn, nei binnen ta. En yn de útstykjende doarstilen wienen palmbeammen úthoud.
It bûtenste foarhôf mei de poarten
17Doe naam er my mei nei it bûtenste foarhôf en dêr seach ik keamers en in betegeling dy’t oan ’e binnenkant hielendal om it foarhôf hinne rûn; tritich keamers kamen op dy betegeling út. 18Dy betegeling lei oan wjerskanten fan de poarte-yngongen en wie like breed as dy lang wienen; dat wie dan de ûnderste betegeling. 19Doe meat er de ôfstân fan ’e binnenfoarkant fan ’e ûnderste poarte ôf oan de bûtenfoarkant fan it binnenste foarhôf ta: hûndert jellen. 20Hy naam my mei nei de noardkant en dêr seach ik oan it bûtenste foarhôf in poarte dy’t op it noarden útseach: dêr meat er lingte en breedte ek fan op. 21En de sydkeamers dêrfan – trije oan wjerskanten – en de útstykjende doarstilen en it foarporteal hienen allegear deselde ôfmjittings as dy fan ’e earste poarte: fyftich jellen lang en fiifentweintich jellen breed. 22De finsters deryn en dy yn it foarporteal en de palmbeammen hienen deselde ôfmjittings as by de poarte op it easten. Men moast sân treppen op om der te kommen en it foarporteal lei oan ’e binnenkant. 23Der wie ek in poarte-yngong oan it binnenste foarhôf, krekt foar de poarte op it noarden oer; lykas by dy op it easten. Hy meat de ôfstân fan de iene poarte nei de oare: hûndert jellen.
24Doe naam er my mei nei de súdkant, en dêr seach ik in poarte op it suden; dêr meat er ek de sydkeamers fan op, de útstykjende doarstilen en it foarporteal; en wer deselde ôfmjittings: 25fyftich jellen lang en fiifentweintich jellen breed. De poarte en it foarporteal hienen ek rûnom finsters en dy wienen krekt as by de oaren. 26Hjir moast men ek sân treppen op; it foarporteal lei oan ’e binnenkant en der wienen palmbeammen op ’e doarstilen úthoud, oan beide kanten ien. 27It binnenste foarhôf hie in poarte op it suden; hy meat de ôfstân fan dy poarte nei de bûtenpoarte op it suden: hûndert jellen.
28Doe naam er my mei troch de suderpoarte nei it binnenste foarhôf; hy meat dy op en dy hie deselde ôfmjittings. 29De sydkeamers, de útstykjende doarstilen en it foarporteal hienen ek deselde ôfmjittings; en der sieten rûnom finsters yn dy poarte en yn it foarporteal: hy wie fyftich jellen lang en fiifentweintich breed.
[ 30]
31It foarporteal lei de kant fan it bûtenste foarhôf út; yn de útstykjende doarstilen wienen palmbeammen úthoud; men moast acht treppen op om der te kommen.
32Doe naam er my mei nei de eastkant fan it binnenste foarhôf en hy meat de poarte-yngong dêr op; wer deselde ôfmjittings. 33De sydkeamers, de útstykjende doarstilen en it foarporteal hienen ek deselde ôfmjittings; rûnom sieten der finsters yn, ek yn it foarporteal: fyftich jellen lang en fiifentweintich breed. 34It foarporteal lei de kant fan it bûtenste foarhôf út; oan wjerskanten wienen palmbeammen yn ’e útstykjende doarstilen úthoud en men moast acht treppen op om der te kommen.
35Doe naam er my mei nei de noarderpoarte; hy meat dy op en wer deselde ôfmjittings. 36Mei de sydkeamers, de útstykjende doarstilen en it foarporteal wie it krektsa; dêr sieten rûnom finsters yn: fyftich jellen lang en fiifentweintich breed. 37It foarporteal lei de kant fan it bûtenste foarhôf út; yn de útstykjende doarstilen wienen oan wjerskanten palmbeammen úthoud en men moast acht treppen op om der te kommen.
De keamers oan ’e binnenste noarder- en suderpoarte
38Der wie ek in romte dy’t op it poarteporteal útkaam; dêr waard it brânoffer ôfspield. 39Yn it poarteporteal sels stienen oan beide kanten twa tafels om it brânoffer, it sûnde-offer en it skuldoffer op te slachtsjen. 40Bûtendoar, besiden it foarporteal, by de yngong fan ’e noarderpoarte stienen twa tafels en oan ’e oare kant fan it poarteporteal ek. 41Sa stienen der fjouwer tafels oan wjerskanten fan ’e poarte; acht tafels dêr’t se op slachtsje koenen. 42aDe fjouwer tafels foar it brânoffer wienen stienhouwerswurk: oardel jellen lang, oardel breed en ien heech. 43aRûnom oan ’e muorre sieten dûbele heakken fan ien palm lang; 42bdêr hongen se it ark oan, dêr’t se it brânoffer en it fleisoffer mei slachten; 43ben de tafels wienen om it offerfleis op te lizzen.
44Oan ’e bûtenkant fan ’e binnenste poarte leinen twa keamers op it binnenste foarhôf: ien njonken de noarderpoarte mei de foarkant op it suden en ien njonken de suderpoarte mei de foarkant op it noarden.
45Hy sei tsjin my: Dizze keamer mei de foarkant op it suden is foar de prysters dy’t de timpeltsjinst waarnimme. 46De keamer mei de foarkant op it noarden is foar de prysters dy’t de altertsjinst waarnimme: dat binne de Sadokiten, de iennichsten fan ’e Leviten, dy’t tichte by de Heare komme meie om Him te betsjinjen.
47Hy meat it foarhôf op: hûndert jellen lang en hûndert breed, in fjouwerkant; en it alter stie rjocht foar de timpel oer.
It foarporteal fan ’e timpel
48Doe naam er my mei it timpelporteal yn en dêr meat er de doarstilen fan: fiif jellen oan beide kanten; de poarte-yngong wie fjirtjin jellen breed en de sydmuorren oan wjerskanten trije jellen. 49It foarporteal wie tweintich jellen lang en tolve breed; om der yn te kommen moast men tsien treppen op. Oan wjerskanten stienen pylders tsjin ’e doarstilen oan.