Rjochtdei oer Egypte
1Dit wurd fan de Heare krige ik: 2Minskesoan, profetearje en sis: Dit hat God de Heare te sizzen.
Gûl it út: Wat in skriklike dei!
3En dy dei is nei-oan,
ja, nei-oan is de dei fan de Heare,
in dei fan tsjustere wolken,
de oere foar de heidenfolken.
4It swurd sil oer Egypte komme,
de skrik falt Etiopië op ’e lea,
as der yn Egypte deaden komme te fallen,
as syn rykdommen fuorttôge wurde
en it oant yn ’e fûneminten fernield wurdt.
5Etiopië, Pût en Lûd,
alle Arabieren en Kûbeeërs,
en dy fan it lân dat mei yn ’t bûn is:
se komme mei harren troch it swurd te fallen.
6Dit hat de Heare te sizzen:
De lju dêr’t Egypte stipe fan krijt,
komme te fallen,
de pracht dêr’t it grut op giet, wurdt wei,
fan Migdol ôf oan Syéne ta
komme se troch it swurd te fallen,
– is de godsspraak fan God de Heare.
7It sil likemin oan ’e ferwoesting ûntkomme as oare lannen en syn stêden sille likegoed ferrinnewearre wurde as oare stêden.
8As Ik Egypte yn ’e brân set
en as al syn helpers ferplettere wurde,
dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.
9Yn dyselde tiid sille boaden fan My op skippen útfarre
om Etiopië, dat noch neat yn ’e rekken hat, opskrilje te litten;
dan sil de skrik har op ’e lea falle,
as Egypte syn dei kommen is,
want sjoch, dy komt!
10Dit hat God de Heare te sizzen:
Ik meitsje in ein oan Egypte syn machtich folk
troch de hân fan kening Nebûkadressar fan Babel.
11Hy mei syn folk,
it rouste folk dat der is,
wurdt op it lân ôfstjoerd om it de ûndergong oan te dwaan;
se sille it swurd tsjin Egypte lûke
en meitsje, dat it lân besiedde leit mei deaden.
12Dan lis Ik de Nylearmen droech,
en leverje Ik it lân út oan kweafolk.
Ik ferrinnewearje it lân mei alles dat deryn is,
troch de hân fan frjemden.
Ik, de Heare, haw sprutsen.
13Dit hat God de Heare te sizzen:
Ik sil de smoarge ôfgoaden ferneatigje,
en meitsje, dat de ûngoaden fan Nof dêroan geane,
nea sil der wer in foarst komme yn it lân fan Egypte.
Sa bring Ik de skrik der by Egypte yn.
14Patros sil Ik ferrinnewearje,
Soän yn ’e brân sette,
rjochtdei hâlde oer No,
15myn grime útstoarte oer Sin,
it bolwurk fan Egypte,
en de hiele kliber fan No útroegje.
16Ik set Egypte yn ’e brân,
Sin sil lizze te krôljen fan benaudens,
yn No wurde gatten yn ’e muorre slein,
Nof wurdt by ljochtskyndei belegere.
17De jongfeinten fan On en Pi-Bêsjet komme troch it swurd te fallen
en it stedfolk giet de ballingskip yn.
18Te Tachpanches wurdt it by ljochtskyndei tsjuster,
as Ik dêr it Egyptyske keningskip brek
en der in ein komt oan ’e pracht dêr’t it sa grutsk op is;
der sil in wolk oer komme te lizzen
en it folk fan syn dochterstêden giet ek de ballingskip yn.
19Sa hâld Ik rjochtdei oer Egypte
en dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.
Farao syn macht wurdt brutsen
20Yn it alfte jier, op ’e sânde dei fan ’e earste moanne, krige ik dit wurd fan de Heare: 21Minskesoan, Ik haw kening Farao fan Egypte de earm brutsen. En sjoch, dy sil net ien yn ’t ferbân sette, dat er wer hielje soe troch de wynsels dy’t der om dien binne, en sadwaande sa sterk wurde, dat er it swurd wer risse kin. 22Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Sjoch, Ik sil kening Farao fan Egypte oanpakke: Ik brek him beide earms, de sûne earm likegoed as dy’t al stikken is, en Ik meitsje dat it swurd him út ’e hân falt. 23Dan fersilje Ik de Egyptners ûnder de folken en ferstrui harren de lannen oer. 24Mar de earms fan ’e kening fan Babel meitsje Ik sterk en Ik jou him myn swurd yn ’e hân en Ik brek Farao de earms, dat er foar syn fijân leit te kjirmjen as ien dy’t ta de dea ferwûne is. 25Ja, Ik meitsje de earms fan ’e kening fan Babel sterk, mar de earms fan kening Farao komme der slop by te hingjen. En dan sille se witte, dat Ik de Heare bin, as Ik de kening fan Babel myn swurd yn ’e hân jou en hy dat tsjin Egypte swaait. 26Dan fersilje Ik de Egyptners ûnder de folken en ferstrui har de lannen oer. Sa sille se witte, dat Ik de Heare bin.