Undergong fan Farao en Egypte oansein
1Yn it tsiende jier en wol op ’e tolfte dei fan ’e tsiende moanne krige Ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, kear no it gesicht nei kening Farao fan Egypte ta en profetearje tsjin him en tsjin hiele Egypte; 3nim it wurd en sis: Dit hat God de Heare te sizzen:
Rekkenje der mar op, Ik sil dy oanpakke, Farao,
kening fan Egypte!
Grutte krokodil, sa’st dêr leist yn ’e earmen fan dyn Nyl;
do, mei dyn sizzen: ‘Mines is de Nyl,
ik haw him foar mysels makke.’
4Ik slach dij heakken yn ’e bek
en lit de fisk út dyn Nylearmen oan dyn skobben fêstklibje.
Dan hys Ik dij út ’e earmen fan dyn Nyl wei
mei alle fisk dy’t oan dyn skobben fêst sit.
5Ik slingerje dij de woestyn yn mei alle fisk út dyn Nylearmen;
op it droege sân komst te lizzen
en gjinien dy’t dij opkriget en fuortbringt.
Oan bisten en fûgels jou ik dij te iten.
6Dan sille alle Egyptners witte,
dat Ik de Heare bin.
Want foar it folk fan Israel hawwe se net oars as in bamboestôk west:
7As men dij fêst pakt, brekst ôf
en skramst harren allegearre de earmsholten iepen.
As men op dij hinget, knapst ôf
en kin gjin mins it mear op fuotten hâlde.
8Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Sjoch, Ik stjoer it swurd op dy ôf om mins en dier te ferdylgjen. 9Egypte sil der wyld en ferlitten hinne komme te lizzen en dan sille se witte, dat Ik de Heare bin. Omdat Egypte sein hat: De Nyl is mines; ik haw him makke, 10sjoch, dêrom sil Ik dy oanpakke, dij en dyn Nylearmen. Ik sil fan Egypte ien grutte wyldernis meitsje, fan Migdol ôf oan Syéne ta, ja oant de grins mei Etiopië. 11Gjin mins dy’t dêr noch in foet, gjin dier dat dêr noch in poat sette sil; der sil gjinien mear wenje, fjirtich jier lang. 12Sa meitsje Ik fan Egypte in woestenij mei oare ferwoeste lannen der omhinne, syn stêden sille yn pún lizze tusken oare ferrinnewearre stêden yn, fjirtich jier lang. Ik sil de Egyptners fersilje ûnder de oare folken en oer de lannen ferstruie.
13Mar dit hat God de Heare te sizzen: As dy fjirtich jier om binne, helje Ik de Egyptners wer byinoar ûnder de folken wei, dêr’t se tusken fersille wienen. 14Dan bring Ik in omkear yn it lot fan Egypte; Ik bring harren werom yn Patros, it lân fan har komôf, mar dêr sille se mar in keninkrykje fan neat wêze. 15Dat sil it neatichste fan alle keninkriken wêze; en it sil himsels net mear boppe de oare folken úttille: Ik sil harren sa minmachtich hâlde, dat se it net wer oer de folken te sizzen krije. 16Egypte sil it folk fan Israel net wer sa fier krije, dat it harren fertrout. Nee, Egypte sil har yn it sin bringe, hoe ferkeard it fan harren wie, dat se achter Egypte oanrûnen. Dan sille se witte dat Ik de Heare bin.
Nebûkadressar wurdt beleanne
17Yn it sânentweintichste jier, op ’e earste fan ’e earste moanne, krige ik dit wurd fan de Heare: 18Minskesoan, kening Nebûkadressar fan Babel hat yn ’e swiere ûndernimming tsjin Tyrus gâns fan syn leger ferge: gjin hier mear op ’e holle en gjin fel mear om ’e skouders, sa stiet it mei allegearre; mar wat hy en syn leger wûn hawwe mei dy swiere ûndernimming tsjin Tyrus wie net navenant. 19Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Sjoch, Ik jou kening Nebûkadressar fan Babel it lân Egypte, dan kin er dêr de rykdommen mar fan meitôgje, dêr oan it roovjen en plonderjen gean; sa sil syn leger beleanne wurde. 20As fergoeding foar syn wurk jou Ik him Egypte, want se hawwe foar My oan ’t wurk west, – is de godsspraak fan God de Heare. 21Yn dyselde tiid lit Ik foar it folk fan Israel in hoarn opsjitte. En Ik sil meitsje datsto yn har fermidden wer frijút prate kinst. En dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.