In oare keninginne socht
1Doe’t nei dy foarfallen de grime fan de kening saksearre wie, tocht er werom oan Wasty, wat se dien hie en wat oer har besletten wie. 2Doe seinen de hovelingen fan ’e kening, dy’t him betsjinnen: Lit se foar de kening jonge froulju sykje, dy’t noch faam binne en in moai foarkommen hawwe. 3Dêrta moat de kening amtners oanstelle yn alle provinsjes fan it keninkryk, dy’t alle jongfammen mei in moai foarkommen byinoar bringe moatte nei de stins Sûsan yn ’e harem, ûnder tafersjoch fan de keninklike hoveling Hegai, de haremwachter, en se moatte har de middels beskikke foar in goede opmaak. 4De jongfaam dan, dy’t de kening oanstiet, moat keninginne wurde ynpleats fan Wasty. Dy foarslach stie de kening oan en sa die er. 5No wie der yn ’e stins te Sûsan in Joad; syn namme wie Mordekai, soan fan Jaïr, soan fan Simeï, soan fan Kisj, in Benjaminyt, 6dy’t fuortfierd wie út Jeruzalem mei de ballingen, dy’t fuortfierd wienen mei kening Jekonja fan Juda, dy’t kening Nebûkadnessar fan Babel yn ballingskip fierd hie. 7Hy wie de pleechheit fan Hadassa – dat is Ester – de dochter fan syn omke, om’t se gjin heit en mem mear hie. It wie in jongfaam, kant fan stal en kreas fan uterlik. By it ferstjerren fan har heit en mem hie Mordekai har as dochter oannommen.
8Doe’t no it beslút fan ’e kening en syn wet bekend wurden wienen en ferskate jongfammen byinoar brocht waarden yn ’e stins fan Sûsan ûnder tafersjoch fan Hegai, waard ek Ester yn it keninklik paleis opnommen ûnder tafersjoch fan Hegai, de haremwachter. 9En de jongfaam stie him oan en wûn syn geunst, dat hy beskikte har sa gau mooglik de middels foar har opmaak en har taks fan iten; se krige sân fan ’e treflikste slavinnen út it keninklike paleis ta har foldwaan en hy brocht har mei har slavinnen nei it moaiste part fan ’e harem. 10Ester hie har folk en komôf net opjûn, want Mordekai hie har hjitten, dat se dat net opjaan soe. 11En dei oan dei rûn Mordekai foar de foartún fan ’e harem hinne-en-wer om te witten te kommen, hoe’t it mei Ester gong en wat der mei har barre soe.
12Wannear’t no in jongfaam oan bar wie om nei kening Ahasfearos ta, nei’t der tolve moannen lang mei har dien wie neffens de foarskriften foar de froulju, – want sa wie de tiid foar it gebrûk fan ’e opmaak yndield: seis moanne mei mirre-oalje en seis moanne mei balsem en oare middels foar de opmaak foar froulju – 13dan kaam dy jongfaam sa by de kening: al wat se begearde waard har út de harem meijûn nei de kening syn paleis ta. 14De jûns gong se dêrhinne en de oare moarns kaam se werom nei in oar haremgebou ûnder it tasicht fan hoveling Saäsgaz, de hoeder fan ’e byfrouwen. Se mocht net wer nei de kening, behalven as se by de kening yn ’e smaak fallen wie en by namme roppen waard.
15Doe’t no Ester, de dochter fan Abichail, Mordekai syn omke, dy’t hy as dochter oannommen hie, oan bar kaam om nei de kening ta, woe se oars net om en oan hawwe as wat Hegai, de keninklike hoveling en haremwachter, har rette, en Ester foel yn ’e smaak by elk dy’t har seach. 16Sa waard Ester nei kening Ahasfearos yn syn keninklik paleis brocht yn de tsiende moanne, de moanne Tebet, it sânde jiers fan syn regear. 17En de kening hie mear mei Ester op as mei alle oare froulju. Se foel by him yn ’e smaak en kaam yn ’e geunst mear as alle oare jongfammen. Hy sette har in keninklike kroan op ’e holle en makke har keninginne yn it plak fan Wasty. 18En de kening sette al syn foarsten en tsjinners in gastmiel, it Estergastmiel. De provinsjes joech er ferlichting fan lêsten en hy joech geskinken sa’t it de rynskens fan in kening past.
19Doe’t der foar de twadde kear jongfammen byinoar brocht waarden, siet Mordekai yn ’e keningspoarte. 20Noch altyd hie Ester har komôf en folk net opjûn, sa’t Mordekai har hjitten hie en it befel fan Mordekai hâlde se har oan lykas yn ’e tiid dat se by him opbrocht waard.
21Yn dy dagen dat Mordekai yn ’e keningspoarte siet, waarden Bigtan en Teares, twa keninklike hovelingen út de poartewacht, fergrime en besochten in oanslach op it libben fan kening Ahasfearos te dwaan. 22Mordekai lykwols kaam de saak oan ’e weet en fertelde it oan keninginne Ester. Dy die it wer troch oan de kening út namme fan Mordekai. 23De saak waard neigien en wier befûn en dy twa waarden op ’e peal spytst. En it waard foar de kening yn it kronikeboek opskreaun.