Ester (Gryksk) 7
Ester fertelt de oanslach
1 Doe’t no de kening en Haman by keninginne Ester kommen wienen om it gastmiel te hâlden, 2 sei de kening ek op dizze twadde dei by it wyndrinken tsjin Ester: Wat is dyn fraach, keninginne Ester? Wat is dyn begearen en dyn winsk? Al wie it de helte fan it keninkryk – it sil dy tastien wurde. 3 Keninginne Ester antwurde: As jo, o kening, my tagedien binne en as it de kening goed taliket, dan moast my myn libben en dat fan myn folk skonken wurde op myn fraach en op myn winsk. 4 Want wy binne ferkocht, ik en myn folk, om ferdylge, deade en ta slaaf makke te wurden; wy en ús bern as slaven en slavinnen ferkocht, en ik hie it net heard. Mar dit hôf is te goed om oan de fijân te ferfallen. 5 Doe sei de kening: Wa is hy, dy’t it bestiet om soks te dwaan? 6 Ester sei doe: Dy fijân is dizze smjunt fan in Haman. Doe kromp Haman yninoar fan ’e skrik foar de kening en de keninginne. 7 Lilk gong de kening oerein fan ’e tafel en rûn nei de paleistún, mar Haman pleite by de keninginne foar syn libben, want hy seach wol, dat it der foar him net sa bêst foarstie.
8 Doe’t de kening út ’e paleistún weromkaam, hie Haman him delfalle litten by it rêstbêd om de keninginne hulde te dwaan. De kening sei: Dus ek noch de keninginne yn it paleis tenei komme? Haman hie dat wurd noch mar amper heard, of se bewuollen syn gesicht. 9 En Charbona, ien fan ’e hovelingen, sei tsjin de kening: Sjoch, de peal, dy’t Haman ree hie foar Mordekai, de man dy’t yn it belang fan ’e kening sprutsen hat, stiet der ommers al by it hûs fan Haman, fyftich jellen heech. Doe sei de kening: Spyts him dêr op. 10 En se spytsten Haman op ’e peal dy’t er foar Mordekai oereinset hie. Doe bedarre de grime fan ’e kening.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap