Ester (Gryksk) 6
1 De Hear soarge dat de kening dy nachts net sliepe koe, en doe frege dy de learaar it tinkboek, de kroniken te heljen om him dêr út foar te lêzen. 2 Doe trof er it stik, dêr’t fan Mordekai beskreaun stie, dat er de kening de saak fan Bigtan en Teares oanbrocht hie, twa hovelingen fan ’e kening, dy’t ûnder it wachtrinnen in komplot makke hienen om hannen oan kening Ahasfearos te slaan. 3 Dêr sei de kening op: Hokfoar eare en ûnderskieding hawwe wy Mordekai dêr foar oandien? De tsjinstfeinten fan ’e kening antwurden: Jo hawwe neat foar him dien. 4 Wylst de kening ferteld waard, hoe fertsjinstlik Mordekai him makke hie, kaam krekt Haman it hôf yn. En de kening sei: Wa is dêr yn it hôf? Haman wie kommen om de kening oan te praten dat er Mordekai op ’e peal spytse litte soe, dy’t er oereinset hie. 5 De tsjinstfeinten fan ’e kening seinen: Sjoch, Haman stiet hjir yn it hôf. Doe sei de kening: Lit him deryn komme.
6 En de kening sei tsjin him: Wat sil men de man dwaan, oan wa’t de kening earbewiis jaan wol? Haman tocht by himsels: Oan wa soe de kening oars eare bewize wolle as oan my? 7 Dêrom sei er tsjin de kening: De man oan wa’t de kening earbewiis jaan wol – 8 wel, de feinten fan ’e kening moatte in linnense mantel bringe, dy’t de kening sels draacht, en in hynder, dêr’t de kening sels op rydt, 9 en dan moat ien fan de heechste foarsten fan ’e kening de man wa’t de kening earbewiis jaan wol, dy mantel omhingje en op dat hynder ride litte oer it stedsplein en se moatte op it stedsplein foar him út roppe: Sa giet it mei elkenien, oan wa’t de kening earbewiis jaan wol. 10 Doe sei de kening tsjin Haman: Sasto sein hast, doch sa mei de Joad Mordekai, dy’t yn it foarhôf tsjinnet. Fersomje neat fan alles datsto sein hast. 11 Doe naam Haman dy mantel en dat hynder, klaaide Mordekai dermei, liet him op it hynder ride, rûn oer it stedsplein en rôp foar him út: Sa giet it elkenien, oan wa’t de kening earbewiis jaan wol.
12 Dêrnei gong Mordekai werom nei it hôf fan ’e kening en Haman makke dat er thús kaam, ferslein en de holle foardel. 13 En Haman ferhelle oan Seares, syn frou, en oan al syn freonen, wat him oerkommen wie. Doe seinen syn freonen en syn frou tsjin him: As Mordekai, oer wasto begûn bist te stroffeljen, fan Joadsk komôf is, dan silsto alhiel foar him komme te fallen; do kinst neat tsjin him begjinne, want de libbene God stiet him by. 14 Se wienen noch mei him yn petear, dêr kamen de hovelingen en brochten Haman mei sân hasten nei it gastmiel dat Ester set hie.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap