It reau út ’e timpel misbrûkt
1Kening Belsjassar liet in grut feestmiel klearmeitsje, foar syn hege hearen, tûzen man sterk. By dy tûzen siet er oan ’e wyn. 2Belsjassar hiet, yn in dronkemansopstiging, se soenen it gouden en sulveren reau komme litte, dat syn heit Nebûkadnessar út ’e timpel fan Jeruzalem helle hie. Dan soenen de kening, syn hege hearen, syn froulju en syn byfroulju dêrút drinke. 3Op slach brochten se it gouden bekerspul, dat se út ’e timpel, it hûs fan God yn Jeruzalem, helle hienen; se dronken dêrút, de kening, syn hege lju, syn froulju en syn byfroulju. 4Se dronken wyn en prizen har goaden fan goud, sulver, koper, izer, hout en stien.
It skrift op ’e muorre en it oproppen fan Daniël
5Yn datselde skoft kamen der fingers fan in minskehân te foarskyn en dy skreauwen, op ’e oare kant as dêr’t de lampe hong, op ’e kalken muorre fan it keninklik paleis. De kening seach de boppekant fan ’e skriuwende hân. 6Op dat stuit gong de kleur him ôf, hy tocht him raar oerstjoer, der skeat him in ferlamming yn ’e heupen en de knibbels sloegen him tsjininoar. 7De kening rôp en raasde, se soenen de beswarders, de Chaldeeërs en de stjerrekundigen ynbringe. De kening naam it wurd en sei tsjin ’e wizen fan Babel: Elkenien dy’t dit skriuwen lêze kin en oan my útlizze, sil mei poarper klaaid wurde en krijt in gouden keatting om ’e hals, hy mei as tredde man yn it keninkryk foar master opslaan.
8Underwilens kamen alle wizen fan ’e kening deryn, mar hja koenen it skriuwen net lêze, noch it de kening útlizze. 9Doe wie kening Belsjassar alderheislikst oerstjoer, hy wie alhiel belutsen, ek syn hege hearen rekken alhiel fan ’e wize. 10It gebear fan ’e kening en fan syn hege lju helle de keninginne nei de drankseal ta. Se naam it wurd en sei: O kening, libje foar altiten! Tink josels net oerstjoer en lit de kleur jo net ôfgean. 11Der is in man yn jo keninkryk, yn wa’t de geast fan ’e hillige goaden is. Yn ’e dagen fan jo heit fûnen se yn him klear ferstân, ynsjoch en wysheid lykas de wysheid fan ’e goaden. En kening Nebûkadnessar, jo heit, sette him as master oer de útlizzers, beswarders, Chaldeeërs en stjerrekundigen; jo heit, o kening! 12Want men treft in bûtenwenstige geast, wittenskip, ynsjoch, it útlizzen fan dreamen, oplossen fan riedsels en it út ’e tiis heljen fan knopen yn him oan. Dat is Daniël, de kening neamde him Beltesjassar. Hawar, lit no Daniël roppen wurde, dan kin hy jo alles útlizze. 13Fuortendaliks waard Daniël foar de kening brocht. Dy naam it wurd en sei tsjin Daniël: Do bist dus Daniël, ien fan ’e ballingen fan Juda, dy’t de kening, ús heit, út Juda oerbrocht hat? 14No, ik ha oer dy heard dat de geast fan ’e goaden yn dy is en dat der klear ferstân, ynsjoch en witwat wysheid yn dy te finen is. 15Niis binne de wizen, de beswarders, foar my brocht om dat skriuwen dêr te lêzen, mar hja koenen my de útlis fan dat wurd net jaan. 16No ha ik oer dy heard, datsto it yn ’e macht hast fan alles út te lizzen en knopen út ’e tiis te heljen. Asto op dit pas dat skriuwen lêze kinst en my de útlis oan ’e weet bringe, yn poarper silsto stutsen wurde mei in gouden keatting om ’e hals en as tredde man yn it keninkryk foar master opslaan.
17Sa dêrmei andere Daniël de kening: Jo geskinken – dy meie jo wol oan josels hâlde, en wat jo kwyt wolle – jou dat mar oan in oarenien. Dêrom net, it skriuwen sil ik de kening foarlêze en him de útlis oan ’e weet bringe.
Daniël docht tekst en útlis fan it skrift
18Earst oer jo, o kening: God de Allerheechste hat it keninkryk, de gruttens, de eare en de gloarje jûn oan Nebûkadnessar, jo heit. 19Ja, dy gruttens, dy’t Er him joech, bewurke dat alle folken en naasjes fan alle tongslaggen beven fan ûntsach foar him. Hy makke dea of liet yn libben, al nei’t it him sinnige. Hy ferhege of ferlege, al nei’t it him sinnige. 20Mar doe’t er yn syn hert grutsk waard en stiifsinnich, dat hy oerdwealsk die, waard er fan ’e keninklike troan ôfset en syn eare ûntnamen se him. 21De minsken ferstjitten him, syn bestean waard as dat fan in bist, dat hy hâlde ta by de wylde ezels. Se fuorren him krekt as de kij mei gers en de dauwe fan ’e himel hâlde syn lea wiet. Alles krektsalang oant er gewaar wurden wie dat God, de Allerheechste, it te sizzen hat oer it keninkryk fan ’e minsken. Wa’t Him oanstiet, stelt Er deroer oan. 22Jo lykwols, syn soan, Belsjassar, hawwe jo yn jo hert net fernedere, alhoewol’t jo dat allegearre skoan wisten. 23Tsjin de Hear fan ’e himel binne jo yn it ferhef kommen: it reau fan syn hûs hawwe se jo tefoaren helle en wylst jo, jo grutte hearen, jo froulju en jo byfroulju dêrút de wyn dronken, hawwe jo goaden fan goud, sulver, koper, izer, hout en stien prize, dy’t net sjen of hearre kinne en ek neat witte. Mar dy God, dy’t jo sykheljen yn syn hân hat en dy’t it oer jo hiele libbenswei te sizzen hat, dy hawwe jo net ferhearlike! 24Op datselde stuit is fanwegen Him dy boppekant fan in hân útstutsen en dat skriuwen optekene. 25En dit is dat skriuwen dat dêr optekene stiet: Mené mené tekel ûfarsin. 26De útlis fan ’e wurden is sa:
mené: de iennichste God hat de rekken opmakke fan jo keningskip en der in ein oan makke;
27tekel: jo binne op ’e skealjes woegen en te licht befûn;
28peares: jo keninkryk is ferparte en oan Medië en Perzië jûn.
29Op slach joech Belsjassar oarder en se klaaiden Daniël mei poarper en hy krige in gouden keatting om ’e hals; dêrby kundigen se oan, dat er macht hawwe soe as tredde man yn it keninkryk.
30Dyselde nachts waard Belsjassar, de kening fan ’e Chaldeeërs, deade.